Enerzjyaginda Súdwest-Fryslân 2023

Bekijk deze pagina in het Nederlands

Mei-inoar wurkje oan brede wolfeart foar elkenien

Yn 2050 brûst Súdwest-Fryslân fan de enerzjy. Mei de mienskip wurkje wy oan brede wolfeart en in skjinne en feilige libbensomjouwing. Wy wekke tûk ús eigen enerzjy op. Safolle mooglik op dakken en as dat net kin op de grûn. It iepen lânskip beskermje wy. Dêr binne wy sunich op. Bewenners binne grutsk op harren omjouwing. Der is gjin ôffal mear. Alde materialen brûke wy op 'e nij om nije produkten fan te meitsjen. Ynvestearrings yn it klimaat binne de nije ekonomy. In ekonomy dy't klear is foar de takomst.

Yn de Enerzjyaginda Súdwest-Fryslân 2023 litte wy sjen hoe't wy de oerstap fan fossile brânstoffen, lykas ierdgas, nei duorsume enerzjyboarnen, lykas sinne-enerzjy of waarmte út wetter, mei ús ynwenners meitsje wolle. Wy hawwe ûndersyk dien nei de mooglikheden om betelber fan it ierdgas ôf te stappen. Underwilens sjogge wy grutte kânsen foar duorsume enerzjyboarnen as waarmte út (oerflakte)wetter, ierdwaarmte en wetterstof.

Wy fine it wichtich om dit yn gearwurking mei ús ynwenners te dwaan. Mei-inoar wolle wy de klimaatdoelen helje, mei in earlike ferdieling fan lusten en lêsten. Wy sjogge dizze ûntwikkelingen as grutte kânsen foar wurkgelegenheid, ekonomyske groei en sosjale gearhing yn ús mienskip. Troch it folste gebrûk te meitsjen fan dizze kânsen, bliuwt it goed wenjen, wurkjen en genietsjen yn Súdwest-Fryslân. Mei-inoar wurkje wy oan brede wolfeart foar elkenien!

It meipraten en meidwaan fan ús ynwenners is ús reade tried om de klimaatdoelen te heljen. Dit dogge wy altyd mei each foar in earlike ferdieling fan lusten en lêsten.

Quote energieagenda

Hoe berikke wy dit?

Dat kinne wy allinne yn gearwurking mei ús ynwenners. In earste stap hjiryn wie it advys fan it Burgerforum út 2020. Dêrby tochten ynwenners mei in fragelist mei oer hoe't sy de oergong nei nije enerzjyboarnen sjogge. De útkomsten binne dêrnei troch in boargerfoarum oerset nei in advys. Dit advys folgje wy foar it ynfoljen fan ús klimaatdoelen.

De folgjende stap is om mei ús ynwenners dizze ideeën konkreet te meitsjen. Foar Boalsert is it Burgerpanel oprjochte. It Burgerpanel wurdt nau belutsen by it betinken fan in nij enerzjysysteem. Sa bouwe wy mei-inoar oan in duorsum en betelber enerzjynetwurk foar Boalsert. Ek wurkje ynwenners mei oan de oergong nei duorsume enerzjyboarnen troch sels it inisjatyf te nimmen. Foarbylden hjirfan binne Warm Heeg, Workum, STOGEF, Energiek Reahûs, Dearsum en ús 15 enerzjykoöperaasjes.

enerigieagenda

6 liedende prinsipes fan it advys fan it Burgerforum

By it heljen fan ús klimaatdoelen hâlde wy altyd rekken mei de neikommende punten:

  1. “Wy wolle ús gelok behâlde”.
  2. Fersterkje de selsbeskikking fan de mienskip.
  3. Help ús om it mei-inoar te dwaan.
  4. Fan selsbeskikking nei ‘mei-inoarbeskikking’.
  5. Haw each foar rjochtfeardichheid en in earlike ferdieling.
  6. Wês rjochte op 'e takomst.

Hokker doelen wolle wy berikke?

icon-1

Yn 2050 wol Súdwest-Fryslân folslein yn de eigen enerzjyferlet foarsjen.

Produksje elektrisiteit no: 220GWh. Ferbrûk elektrisiteit no: 390GWh. De ferwachting is dat it ferbrûk omheech gean sil troch it tanimmen fan elektrisiteitsgebrûk en ôfname ierdgasferbrûk.

icon-2

Foar 2050 binne alle 50.000 gebouwen yn Súdwest-Fryslân, lykas wenten, kantoaren en winkels, fan it ierdgas helle en foarsjoen fan in duorsum alternatyf.

Tuskenresultaat: 8.000 gebouwen foar 2030.

icon-3

We wurkje oan in sirkulêre ekonomy. Dit passe wy ta yn alles wat wy dogge.

Duorsum elektrisiteit opwekke

As Súdwest-Fryslân hawwe wy in behoarlike opjefte om yn ús eigen enerzjy te foarsjen. Op dit stuit kinne wy elektrisiteit allinnich op grutte skaal opwekke mei sinne-enerzjy en wynenerzjy. Wy wolle dat de mienskip yn Súdwest-Fryslân profitearret fan de opbringsten fan elektrisiteit foar op syn minst 50% en leafst 100%. Om derfoar te soargjen dat de lusten, lêsten en sizzenskip earlik ferdield wurde brûke wy de oanpak Mienskipsenerzjy. Mei dizze oanpak soargje wy mei-inoar foar belutsenens en draachflak by ús bewenners en in earlike ferdieling fan de winst.

Utdagingen op it elektrisiteitsnet

De oergong nei duorsume enerzjyboarnen soarget derfoar dat minsken hieltyd mear elektrysk ride (auto en fyts), elektrysk itensiede en waarmtepompen pleatse. Mar ek sels elektrisiteit opwekke en weromleverje mei sinnepanielen. Hjirtroch wurdt it elektrisiteitsnet hieltyd foller. Dat neame we netkongestje. Netkongestje betsjut dat ferskate parten fan it elektrisiteitsnet (kabels, ûnderstasjons of transformatorhúskes) de fraach of it oanbod fan elektrisiteit net mear oankinne.

Bewenners fernimme op dit stuit noch net safolle fan netkongestje. Se kinne noch wol sinnepanielen op it dak fan harren wenning pleatse en oanslute. Dochs is weromlevering fan sinne-enerzjy net altyd mooglik. Op de webside fan Liander stiet mear ynformaasje.

Foar grutte sinneparken en it oansluten fan nije bedriuwen op it elektrisiteitsnet is netkongestje no al in probleem. Netbehearders TenneT en Liander binne dwaande om de problemen op koarte en lange termyn op te lossen. Mei ús ambysje om yn 2050 yn ús eigen enerzjyferlet te foarsjen, wurde de gefolgen fan netkongestje de kommende jierren hieltyd dúdliker.

Wenningen fan it ierdgas

Us ambysje is om foar 2030 minimaal 8.000 besteande gebouwen fan it ierdgas te heljen en dêrfoar duorsume enerzjyboarnen yn te setten. Op dit stuit hawwe we trije duorsume enerzjyboarnen dy't we ynsette kinne as oare kar foar ierdgas:

icon-1-groen

Waarmte út wetter

Mei de grutte oerflakten wetter yn Súdwest-Fryslân kinne we waarmte út wetter helje. Mei de projekten yn Snits (It Eilân) en Heech wolle we sjen litte dat dit helber en betelber is.

icon-2-groen

Waarmte út de ierde

Djip yn de grûn by Boalsert is ierdwaarmte út de Zuidwalvulkaan te finen. Dit makket duorsume enerzjy út ierdwaarmte foar Boalsert mooglik in goede kar.

icon-2-groen

Waarmte fan bedriuwen

Wy ûndersykje by ferskate bedriuwen de mooglikheid om mei de waarmte dy't se sels net brûke, wenningen te ferwaarmjen. Foarbylden hjirfan binne waarmte fan de ôffalwettersuvering yn Warkum, bedriuwen yn Boalsert-Noard en in wetterstoffabryk yn Boalsert.

Rinnende projekten

Op dit stuit wurkje wy op de folgjende plakken yn Súdwest-Fryslân oan projekten foar de oergong nei duorsume enerzjyboarnen:

  • Snits (It Eilân) – waarmte út oerflaktewetter
  • Heech – waarmte út oerflaktewetter
  • Boalsert – waarmte fan bedriuwen, waarmte út de ierde en wetterstof foar bedriuwen
  • Warkum – waarmte út ôffalwetter fan bedriuwen

Mei dizze rinnende projekten kinne wy ús doelen fan 8.000 gebouwen yn 2030 helje.

Energieagenda kaartje bedrijven

Bedriuwen op wetterstof

De elektrisiteit fanút it Windpark Fryslân kinne we brûke foar de produksje fan wetterstof yn Boalsert. Dêrneist kinne we mooglik oanslute op de wetterstoflieding fan Delfzijl nei Rotterdam. Wetterstof kin brûkt wurde troch bedriuwen dy 't hege temperatueren nedich hawwe foar harren produksjeproses. It kin ek brûkt wurde as skjinne brânstof foar swiere transportmiddels as bussen en frachtweinen.

energieagenda waterstof
Mei griene stroom wurdt wetter splitst yn soerstof (O2) en wetterstof (H2)

Betelber en berikber foar elkenien

Wy wurkje oan in oanpak om wenningen klear te meitsjen om fan it ierdgas ôf te gean (ierdgasfrij-klear). Dêrby stypje wy ús ynwenners safolle mooglik en stiet isolearjen en it besparjen fan enerzjy foarop.

Wichtich hjiryn is: ‘Wy litte net ien achter’.

Dit betsjut dat we ynsette op aksjes dêr 't se hurd nedich binne.

Dit dogge wy sa: