De talen fan Súdwest-Fryslân

Yn Súdwest-Fryslân wurde in protte talen sprutsen. Tink oan it Stedsfrysk yn Snits, Boalsert en Starum. Mar ek it unike Hylpersk en fansels it Frysk. It is fan belang dat dizze talen bestean bliuwe yn ‘e takomst. Dêrom is gemeente Súdwest-Fryslân dwaande mei it taalbelied. Eltse fjouwer jier wurdt opnij besjoen hoe’t wy de talen noch sichtberder meitsje kinne en ek hearre litte kinne. Net allinnich op skoallen, yn ‘e sportkantine of de supermerk. Mar ek likegoed op it gemeentehûs sels.

Hast fragen oer de talen? Dan hearre wy dat graach. Nim gerêst kontakt mei ús op.

Kontakt opnimme
praat mar Frysk

Wêrom dit belied?

Yn gemeente Súdwest-Fryslân prate wy mear as ien taal. Frysk, Stedsfrysk, Hylpersk en Nederlânsk hearre allegear by ús mienskip. Mei ús gemeentlik taalbelied meitsje wy it gewoan en maklik foar dy om dyn eigen taal te brûken. Thús, op it wurk, online of yn kontakt mei de gemeente.

Wat betsjut dat foar dy?

  • Do meist altyd Frysk, Hylpersk, Sneekers, Boalserters, Staversk prate of skriuwe tsjin de gemeente.
  • Wy probearje sa folle as mooglik  yn deselde taal te reagearjen.
  • Wy brûke it Frysk aktyf yn brieven, parseberjochten, taspraken, op de webside en op sosjale media.
  • Wy meitsje taal sichtber yn strjitten, gebouwen en eveneminten.

Wannear en hoe?

It nije taalbelied jildt fan 2025 ôf en wurdt stap foar stap útfierd. De beliedsmeiwurker Frysk en Kommunikaasjeadviseur Frysk soargje tegearre mei In meartaligheidskoördinator derfoar  dat dit goed bart, sawol binnen it gemeentehûs as dêr bûten.

Ús taalbelied

[link]

Komst op dizze webside it meast Nederlânsk tsjin. Dat ha wy dien, omdat wy as gemeente foldwaan moatte oan tagonklike easken. Dizze easken binne fêstlein yn de wet. Dat betsjut dat minsken mei in beheining de ynformaasje op de webside ek begripe kinne.  Sy brûke dêrfoar faak digitale helpmiddelen, sa as in foarlêsfunksje, as in oersetfunksje. Dy middels binne der noch net foar alle talen.

We brûke it Frysk, Hylpersk en Stedsfrysk wol yn nijsberjochten (kwotes) en de kollum op de webside. En dizze pagina fansels.

By de baalje en oan de tillefoan wurkje wy dernei ta dat eltsenien safolle mooglik harren eigen taal prate kin, sawol jo as ynwenner as de meiwurker. Fersteane wy inoar net? Dan skeakelje we oer nei de taal dy’t foar beide kanten wurket.

Skriuwe

Stjoerst in e-mail of in brief yn it Frysk, Hylpersk of Stedsfrysk? Dan dogge wy ús best om ek yn dy taal te antwurdzjen.

Kommunikaasje

We hâlde as basistaal it Nederlânsk oan. Mar kinst de oare talen ek tsjin komme yn parseberjochten, nijsberjochten, nijsbrieven op sosjale media en de krante, en it gemeentehûs sels. As der minsken sitearre wurde dogge wy dat, dêr’t dat kin, yn de eigen taal fan dy persoan.

Ast help nedich hast, is belangryk datst prate kinst yn dyn eigen taal. De meiwurkers fan it Gebietsteam en it Sosjaal Domein besykje ek om dit safolle mooglik foarinoar te krijen. Ek wiist de gemeente de gearwurkjende organisaasjes der op, dat it prate yn eigen taal belangryk is foar it uterjen fan emoasjes.

Tiidskrift taal yn de soarch.

Ha jim moaie plannen makke en sille jim trouwe? De Buitengewoon Ambtenaar van de Burgelijke Stand is de persoan dy’t jim houliken offisjeel makket. By Súdwest-Fryslân binne de ferskiedene BABS’en. Wolsto dyn houlikstaspraak yn it Frysk, Sneekers, Bolswarders, Stavers of Hylpers? Dat kin! Besjoch alle trouambtenaren fan ús gemeente.

It brûken fan de Fryske taal kin hiel goed wurkje foar dyn bedriuwsidentiteit, dyn klantrelaasjes en bining mei de regio. Minsken dy’t Frysk prate sille bedriuwen dy’t harren taal prate earder fertrouwe. Ek draacht it by oan it wolwêzen fan dyn klant, pasjint of kliïnt. Benammen yn soarchsitewaasjes of finansjele kwestjes. De Afûk hat derfoar in moaie regeling yn it libben roppen. Ynteresse? Sjoch op de website fan Praat mar Frysk.

Wêrom meartaligens wichtich is

Bern dy’t fan jongs ôf mear as ien taal hearre, leare makliker, tinke fleksibeler en kinne makliker oare talen leare. Thús Frysk prate jout bern fertrouwen en in sterke start op skoalle. Minsken dy’t har libben lang twa talen brûke krije ek minder gau lêst fan demintsy.

Wat wy foar dy dogge:

  • Wy biede ynformaasje en tips foar taalgebrûk yn de opfieding.
  • Bern krije Frysk op skoalle, sadat se de taal goed leare.
  • Wy jouwe eltse ynwenner in Taalkado foar harren nije poppen.

Foarbyld:

Yn ús gemeente is mear as 80% fan de berne-opfang twa- of meartalig. Sa krijt dyn bern fan jongs ôf Frysk mei.

Wat is it Taalkado?

As dyn bern berne is en do dochst berte-oanjefte, krijst fan de gemeente in Taalkado. Dêr sit ynformaasje yn oer meartalich opfieden en oer de rol fan it Frysk yn dyn húshâlding.

Wat hast deroan?

  • Tips hoe’tsto dyn bern meartalich grutbringe kinst.
  • Boarnen en ideeën foar taalspultsjes en foarlêzen.
  • Ynformaasje oer kursussen en stipe.
  • It Taalkado helpt dy om fan it begjin ôf bewust mei taal om te gean.

Hast in fraach?

As’t fragen hast oer it Taalkado kinst kontakt opnimme mei de Afûk, mar kinst ek mailen nei Frysk@sudwestfryslan.nl en taalkado@fryslan.frl.

Hast in idee dat it Frysk of oare talen fersterket?

De gemeente stipet taalprojekten mei subsydzjes. Dat kin bygelyks wêze foar:

  • Aktiviteiten dy’t it Frysk, Hylpers, of Stedsfrysk mear sichtber meitsje
  • Taalkeunst yn de iepenbiere romte
  • Taalprojekten op skoallen of yn de berne-opfang
  • Meartalige kommunikaasje by ferieningen

Hoe wurket it?

Do kinst subsydzje oanfreegje foar dyn plan. Wy helpe dy dêr graach by. Sa meitsje wy tegearre ús taal libjend en sichtber.

Foar wa?

Foar alle ferieningen yn Súdwest-Fryslân. Fan sportklups oant toanielploechjes.

Wat dogge wy?

  • Wy stimulearje dat ferieningen meartaligens brûke yn kommunikaasje en aktiviteiten.
  • Wy meitsje ôfspraken oer taal yn subsydzje-oerienkomsten.
  • Wy helpe ferieningen mei advys en foarbylden.

Wêrom?

As ferieningen Frysk brûke, wurdt de taal sichtber yn it doarp of de stêd. It fersterket de bân tusken minsken en lit sjen dat meartaligens gewoan is.

Wat bedoele wy hjirmei?

Meartalige inisjativen binne alle projekten en aktiviteiten dy’t ús talen sichtber meitsje: fan keunstwurken mei Fryske wurden oant lêzingen, festivals of skoalprojekten.

Hoe stypje wy dat?

  • Mei finansjele stipe en advys.
  • Troch te ferbinen mei oare organisaasjes.
  • Mei omtinken op ús kanalen en yn ús belied.

Foarbyld:

Ús gemeente hat ferskate eveneminten wêr‘tst de Fryske kultuer ûnderfine kinst

Fries op het gemeentehuis

Hoe gaat de gemeente Súdwest-Fryslân om met de Friese taal? Wij werken vanuit de gemeente Fries- en Nederlandstalig.

Drietalig onderwijs: Nederlands, Engels én Fries

Wil je meer informatie over drietalig onderwijs of wil je weten waar de drietalige scholen zich bevinden? 

Friese musea en evenementen

Friese cultuur is volop aanwezig in onze gemeente. Informatie over Friese musea en evenementen