Súdwest-Fryslân: in twatalige gemeente

De kâns is grut dat jo Frysk om jo hinne hearre yn Súdwest-Fryslân. Yn ús gemeente wurdt nammentlik Nederlânsk en Frysk praat. Sa’n 60-70% fan 'e ynwenners hat Frysk as memmetaal.

As gemeente fine wy it belangryk om it Frysk ek in sichtber plak te jaan. Hoe wolle wy dat berikke? Dat stiet yn ús taalnota “Frysk en mear! (2020-2024)”

Ynwenners aktyf belûke!

Yn 'e taalnota stiet wat de gemeente oant en mei 2024 dwaan wol om it Frysk sichtber te meitsjen yn Súdwest-Fryslân. Dat ‘sichtber meitsjen’ kin allinne mei help fan 'e ynwenners sels. Bygelyks troch Frysk te skriuwen of troch mei aardige ideeën te kommen hoe’t wy de Fryske taal en kultuer yn ús gemeente promoatsje kinne.

Ek Frysk leare?

De gemeente Súdwest-Fryslân stipet de Afûk. Sa kin de Afûk jo tsjin in oantreklike priis in kursus oanbiede. Bygelyks:

  • Wolle jo leare om Frysk te skriuwen? Folgje dan yn 10 of 20 lessen de kursus “Skriuw mar Frysk”. Jo kinne de kursus ek skriftlik of oer it ynternet folgje!
  • Binne jo frijwilliger by in doarpskrante of wykblêd? Dan hat de Afûk in spesjale sjoernalistykkursus foar jo.

Sjoch foar it folsleine kursusoanbod op Afûk.

Twifelje jo oer de stavering? Op 'e webside Frysker.nl kinne jo de stavering hifkje.

Hawwe jo in aardich idee? Freegje subsydzje oan!

De gemeente stelt jild beskikber foar aktiviteiten dy’t de Fryske taal en kultuer promoatsje. Wolle jo gebrûk meitsje fan dat oanbod? Folje dan it oanfraachformulier foar “Eenmalige subsidies” op it subsydzjeloket  yn. Dy't earst yn 'e roef komt, hat kâns fan plak.

Fryske kultuer en evenminten

Frysk op het het gemeentehûs

Trijetalich ûnderwiis: Nederlânsk, Ingelsk én Frysk

Zie ook