Mei-inoar op beare(klau)jacht!

Column wethouder Henk de Boer

Gepubliceerd op in College van B&W.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Fan ’e moarn wie it in drokte fan belang op ’e Griene Dyk by Offenwier. Meiwurkers fan ’e gemeente en Steatsboskbehear, en frijwilligers fan ’e Plantewurkgroep Snits en Stichting De Griene Dyk wiene op... beareklaujacht!

Der waard omraak “jage”, dat wol sizze: der waarden hiel wat reuzebeareklauplanten út ’e grûn stutsen. Dat wie foar de measten wer ris wat oars as harren deistich wurk. Moai dat der safolle minsken oan meidiene, ek fan ’e gemeente. Se koene oan ’e slach nei in goede útlis fan Douwe de Groot, want hokker plant moast weihelle wurde?

Grutte, dominante broer

De reuzebeareklau komt fan oarsprong út ’e Kaukasus en is in soarte fan grutte broer fan ’e gewoane beareklau, dy’t hjir dus normaal foarkomt. Mar it is in flink dominante broer, want hy nimt alles oer: ien plant kin foar tûzenen neikommelingen soargje en sa krije ús eigen planten gjin kâns mear. It oanreitsjen fan it blêd kin ek noch foar brânwûnen soargje. Se neame de reuzebeareklau dan ek in “ynvasive eksoat”. Yn Europa binne wy ferplichte om de plant oan te pakken.

En dat oanpakken moat as de plant noch net yn bloei stiet: no dus. Op oare mominten helpe meiwurkers fan Empatec ús om de útwreiding yn ’e stokken te hâlden, mar dizze earste opskjinbeurt wie mear as wolkom. No steane der reuzebeareklauwen op hûnderten plakken yn ús gemeente... wêrom keazen wy foar de Griene Dyk? Om’t we dêr kwetsbere natuer hawwe, mei in ferskaat oan planten, dy’t oars oer ien, twa jier gjin kâns mear hawwe, omdat se ferstikt wurde.

Foar werhelling fetber

Nei al dat hjerstige waar wie it fan ’e moarn in kado dat de sinne skynde. De fûgels fluiten - de Cetti’s sjonger hat hjir meardere nêsten - en de sfear siet der goed yn. It wie in moai barren: mei-inoar ferbining sykje en oan it wurk! En it smiet wat op: wy hawwe mei-inoar alle (tûzenen!) planten oan ’e sân kilometer lange Griene Dyk útstutsen. “Dit kin it oare jier wol wer,” waard sein. No, dêr slút ik my fan herte by oan, mei tige tank oan alle frijwilligers foar harren ynset!

Sels op beareklaujacht?

Hast sels in reuzebeareklau yn ’e tún? Op ús side oer de reuzebeareklau fynst mear ynfo oer hoe’tst de plant der sels úthelje kinst.

Berenklauw
Wethouder Henk de Boer

Vanochtend was het een drukte van belang op de Griene Dyk bij Offingawier. Medewerkers van de gemeente en Staatsbosbeheer, en vrijwilligers van de Plantenwerkgroep Sneek en Stichting De Griene Dyk waren op… berenklauwjacht!

Er werd flink “gejaagd”, dat wil zeggen: er werden flink wat reuzeberenklauwen uit de grond gestoken. Dit was voor de meesten weer eens wat anders dan hun dagelijks werk. Mooi dat er zo veel mensen aan meededen, ook van de gemeente. Ze konden aan de slag na een goede uitleg van Douwe de Groot, want welke plant moest eruit gehaald worden…?

Grote, dominante broer

De reuzeberenklauw komt van oorsprong uit de Kaukasus en is een soort van grote broer van de gewone berenklauw, die hier normaal voorkomt. Maar het is een flink dominante broer, want hij neemt alles over: één plant kan voor duizenden nakomelingen zorgen en zo krijgen onze eigen planten geen kans meer. Het aanraken van het blad kan ook nog voor brandwonden zorgen. Ze noemen de reuzeberenklauw dan ook een “invasieve exoot”. In Europa zijn we verplicht om de plant aan te pakken.

En dat weghalen moet als de plant nog niet in bloei staat: nu dus. Op andere momenten helpen medewerkers van Empatec ons om de uitbreiding binnen de perken te houden, maar deze eerste opschoonbeurt was meer dan welkom. Nu staan er reuzeberenklauwen op honderden plekken in onze gemeente... waarom kozen we voor de Griene Dyk? Omdat daar kwetsbare natuur is, met veel verschillende planten, die anders over één, twee jaar geen kans meer hebben, omdat ze verstikt worden.

Voor herhaling vatbaar

Na al dat herfstweer was het vanochtend een cadeau dat de zon scheen. De vogels floten – de Cetti’s zanger heeft hier meerdere nesten – en de sfeer zat er goed in. Het was een mooi gebeuren: samen verbinding zoeken en aan het werk! En het leverde wat op: we hebben samen alle (duizenden!) planten aan de zeven kilometer lange Griene Dyk uitgestoken. “Dit kin it oare jier wol wer,” werd er gezegd. Hier sluit ik me van harte bij aan, met dank aan alle vrijwilligers voor hun inzet!

Zelf op berenklauwjacht?

Heb je zelf een reuzeberenklauw in je tuin? Op onze pagina over de reuzenberenklauw vind je meer info over hoe je de plant er zelf uit kunt halen.