Column burgemeester

Gepubliceerd op

(nederlandse versie onderaan de pagina)

De tiid hald gjin skoft

65 jier troud. Wa kin dat tsjintwurdich noch sizze? Fan ‘e wike wie ik op besite by fjouwer echtpearen dy ’t allegearre dit bysûndere jubileum fierden. It wiene waarme moetings, by de minsken thús. Wat in foarrjocht dat ik dit as boargemaster dwaan mei. It smyt altyd moaie ferhalen en mominten op. Nei ôfrin skreau ik op Twitter: ‘Advokaat mei slachrjemme foar it 65 – jierrige echtpear. De tiid hâldt gjin skoft yn Súdwest-Fryslân.’

Nee, de tiid stiet perfoarst net stil. Ek as it bygelyks giet om de freeslike oarloch yn Oekraïne, dy ’t sûnt febrewaris ûnfermindere trochgiet. Dat betsjut ek dat der noch hieltyd flechtlingen in feilich plak sykje. Súdwest-Fryslân spilet dêr in gastfrije rol yn. Op dit stuit binne der 478 Oekraynske flechtlingen ynskreaun yn ús gemeente. Se wurde opfongen yn opfanglokaasjes yn Koudum, Hylpen, Snits en De Gaastmar. En ynwenners fange ek thús flechtlingen op. Neist Oekraïners binne wy ek gastfrij foar de COA-flechtlingen: de Wetterherberch yn Heech biedt in waarm ûnderkommen foar 100 oant 150 minsken. Wat moai dat we dit mei-inoar dwaan kinne. Ik bin grutsk op wat de mienskip yn sa’n koarte tiid mei-inoar berikt hat. En wy geane troch. Meikoarten wurdt úteinset mei de tariedings foar de iepening fan twa nije opfanglokaasjes, yn Drylts en Warkum.

By it finen fan de nije gemeentesekretaris ‘hâldt de tiid ek gjin skoft ’. Tiisdei 10 maaie besletten wy yn de kolleezjegearkomste om Kristiaan Strijker oan te wizen as de nije gemeentesekretaris fan Súdwest-Fryslân. Hy begjint op 1 augustus. It is moai dat er tagelyk mei it nij te foarmjen kolleezje begjinne kin. Dat is goed foar de gearwurking en it fertalen fan de bestjoerlike opjeften nei de organisaasje ta. De gemeentesekretaris hat dêryn in wichtige funksje. Kristiaan Strijker sil ûntwikkelkrêft en ferbining bringe. Wy sjogge de gearwurking mei betrouwen temjitte en winskje Kristiaan in moaie tiid ta yn ús moaie gemeente.

Yntusken giet it formaasjeproses ûnfermindere troch. Under lieding fan formateur Sjoerd Tolsma wurdt opbouwend gearwurke oan in koälysje-akkoart. Hjiryn stiet wat it kolleezje de kommende fjouwer jier dwaan wol foar Súdwest-Fryslân. Wy steane foar grutte opjeften. Dat freget om in fleanende start fan it nije team. Wat soe it moai wêze as it formaasjeproses ein maaie ôfrûne wurde kin en de beëage wethâlders op 31 maaie beëdige wurde kinne. Ik hoopje jo oer in pear wike mear fertelle te kinnen. En, by in nij begjin heart ek de tiid fan ôfskied nimmen; dat is de hurde kant fan de polityk. Fjouwer sittende wethâlders, Gea Wielinga, Mark de Man, Erik Faber en Mirjam Bakker, komme net werom yn it nij te foarmjen kolleezje. Mei tankberens en wurdearring sjoch ik werom op harren jierrenlange ynset; sy hawwe in stabyl bestjoer foarme yn in bûtengewoan rûzige tiid. Graach wolle wy de fjouwer wethâlders betankje. Dit dogge we op 9 juny mei in ôfskiedsresepsje yn Theater Sneek. Jo binne ek wolkom. Folgje jo ús oankundiging op social media en yn de krante?

De tiid hâldt gjin skoft yn SWF.

Jannewietske de Vries, burgemeester

65 jaar getrouwd. Wie kan dat tegenwoordig nog zeggen? Van de week bezocht ik vier echtparen die allemaal dit bijzondere jubileum vierden.
Het waren warme ontmoetingen, bij de mensen thuis. Wat een voorrecht dat ik dit als burgemeester mag doen. Het levert altijd mooie verhalen en momenten op.
Na afloop schreef ik op Twitter: ‘Advokaat met slagroom voor het 65-jarige echtpaar. De tiid hald gjin skoft yn Súdwest-Fryslân.’

Nee, de tijd staat beslist niet stil. Ook als het bijvoorbeeld gaat om de vreselijke oorlog in Oekraïne, die sinds februari onverminderd doorgaat. Dat betekent dat er nog steeds vluchtelingen een veilig heenkomen zoeken. Súdwest-Fryslân speelt hier een gastvrije rol in. Op dit moment zijn er 478 Oekraïense vluchtelingen ingeschreven in onze gemeente. Ze worden opgevangen in opvanglocaties in Koudum, Hindeloopen, Sneek en Gaastmeer. En ook bij inwoners thuis is kleinschalige opvang georganiseerd. Naast Oekraïners zijn we ook gastvrij voor COA-vluchtelingen: de Waterherberg in Heeg biedt een warm onderkomen voor 150 mensen. Wat mooi dat we dit met elkaar kunnen doen. Ik ben trots op wat de mienskip in relatief korte tijd met elkaar heeft bereikt. En we gaan door. Binnenkort wordt gestart met de voorbereidingen voor de opening van twee nieuwe opvanglocaties, in IJlst en Workum.

Bij de werving van de nieuwe gemeentesecretaris ‘hald de tiid ek gjin skoft’. Dinsdag 10 mei besloten we in de collegevergadering om Kristiaan Strijker aan te wijzen als de nieuwe gemeentesecretaris van Sudwest-Fryslân. Hij begint op 1 augustus. Het is mooi dat hij tegelijk met het nieuw te vormen college kan starten. Dat is goed voor de samenwerking en het vertalen van de bestuurlijke opgaven naar de organisatie. De gemeentesecretaris heeft daarin een belangrijke brugfunctie. Kristiaan Strijker gaat ontwikkelkracht en verbinding brengen. We zien de samenwerking met vertrouwen tegemoet en wensen Kristiaan een mooie tijd in onze mooie gemeente.

Ondertussen gaat het formatieproces onverminderd door. Onder leiding van formateur Sjoerd Tolsma wordt opbouwend samengewerkt aan een coalitieakkoord. Hierin staat wat het college de komende vier jaren wil gaan doen voor Súdwest-Fryslân. We staan voor grote opgaven. Dat vraagt om een vliegende start van het nieuwe team. Wat zou het mooi zijn dat het formatieproces eind mei afgerond kan worden en de beoogde wethouders op 31 mei beëdigd kunnen worden. Ik hoop u over een paar weken meer te kunnen vertellen. En bij een nieuw begin hoort ook de tijd van afscheid nemen; dat is de harde kant van de politiek. Vier zittende wethouders, Gea Wielinga, Mark de Man, Erik Faber en Mirjam Bakker, keren niet terug in het nieuw te vormen college. Met dankbaarheid en waardering kijk ik terug op hun jarenlange inzet; zij hebben een stabiel bestuur gevormd in een buitengewoon roerige tijd. Graag willen we de vier wethouders bedanken. Dit doen we op 9 juni met een afscheidsreceptie in Theater Sneek. Ook u bent welkom. Volgt u onze berichtgeving hierover op social media en in de krant?

De tiid hald gjin skoft yn SWF.

Jannewietske de Vries, burgemeester