Fjirtich skoallen yn Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

Gepubliceerd op in Nieuws.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Fan ’e moarn is Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra úteinset yn ús gemeente. Se komt de kommende moannen op fjirtich basisskoallen del om lês- en boekewille te fersprieden. De ôftraap wie op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Prachtige gearwurking

Wethâlder Petra van den Akker hat fan ’e moarn symboalysk de earste Lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst nommen. Dat die se ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum. Dy skoalle hat har ferline jier as earste oanmeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje,” fynt de wethâlder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” seit Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de Lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje

Lida Dykstra is sûnt 2020 Berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou del, mar krekt wat de skoalle sels wol. Lida lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema fan ’e Sint Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe je lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles mooglik!”

Mear witte oer de Berneboeke-ambassadeur? Besjoch dan it YouTubefilmke of gean nei https://berneboekeambassadeur.frl.

Vanochtend is Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra gestart in de gemeente Súdwest-Fryslân. Lida gaat de komende maanden op veertig basisscholen in de gemeente langs om lees- en boekplezier te verspreiden. De aftrap was op de Sint Martinusschool in Makkum.

Prachtige samenwerking

Wethouder Petra van den Akker heeft vanochtend symbolisch de eerste Lêskoffer van de gemeente in ontvangst genomen. Dit deed ze tijdens de feestelijke aftrap op de Sint Martinusschool in Makkum. Deze school heeft zich vorig jaar als eerste aangemeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje,” vindt de wethouder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” zegt Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de Lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Voorlezen, vertellen en vragen beantwoorden

Lida Dykstra is sinds 2020 Berneboeke-ambassadeur, een initiatief van Boeken fan Fryslân. Ze is in deze functie al op meer dan honderd scholen geweest. Ze komt in zowel de onderbouw, middenbouw als bovenbouw langs, maar net wat de school zelf wil. Lida laat de kinderen kennismaken met Friestalige boeken. Dit doet ze niet alleen door de boeken uit de Lêskoffer voor te lezen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema van de Sint Martinusschool heeft er zin in. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe je lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles mooglik!”

Meer weten over de Berneboeke-ambassadeur? Bekijk dan het YouTubefilmpje of ga naar https://berneboekeambassadeur.frl.