Winner Bêste Frysktalige Redaksjestik 2023 is fan Diggelfjoer Wommels

Gepubliceerd op in Nieuws.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Woansdei 6 maart wie de priisútrikking fan it Bêste Frysktalige Redaksjestik fan gemeente Súdwest-Fryslân. Elts jier ropt de gemeente doarpskranten yn Súdwest-Fryslân op om harren bêste Frysktalige stikken yn te stjoeren. Dêrmei kinne se in moaie jildpriis winne. De redaksje fan Diggelfjoer út Wommels hat it bêste Frysktalige stik skreaun fan 2023. Se winne dêrmei 300 euro. Op it twadde plak is de redaksje fan Diggelfjoer Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytse Wierrum) eindige. Sy winne €200.

Wethâlder Petra van den Akker fynt it wichtich dat dizze prizen útrikt wurde. Se seit: “Foar alle ynwenners is it fan belang dat sy mei it Frysk yn oanrekking komme. De doarpskranten kinne dêr in moaie bydrage oan leverje. Der binne yn 2023 net in protte stikken ynstjoerd. We sille dit jier sjen hoe't we dat op in oare wize ynfolje kinne.”

De winnende stikken

It stik fan Wommels giet oer ynwenster Annette Meijer-Wijbenga. Se hat te hearren krigen dat sy MS hat. Mar se giet net by de pakken delsitten. Mei it team Mentaal Sterk fan it MS fûns rint sy nei de top fan de Mont Ventoux, in tocht fan 21 kilometer mei lotgenoaten. “In sterk ferhaal mei emoasje oer it omgean mei MS en doelen foar har libben. Ek oer tsjinslach wurdt ferteld. It ferhaal jout in moai byld fan it karakter fan Annette en is geef Frysk skreaun.” Sa stiet yn it sjueryrapport.

De Fjouwer Doarpen hawwe skreaun oer “It lêste rûntsje” fan molkboer Henk Feenstra út Hommerts. Nei 50 jier stoppe Henk dermei en gong hy mei pensjoen. In redaksjelid is mei Henk mei west op de SRV-wein en hat it lêste rûntsje troch Rien en Itens meiriden. De sjuery sei it folgjende: “It artikel lêst maklik en der wurde goeie fragen steld. It is in persoanlik ferhaal fan hoecht Henk Feenstra syn wurk die wat er mei makke hat ûnderweis en yn syn wein. It stik is aardich geef Frysk skreaun.”

Sjuery

Der binne yn totaal 8 stikken ynstjoerd fan 5 ferskiedene doarpskranten. De krantsjes mochten meardere stikken ynstjoere. De sjuery hat dizze stikken neisjoen en beoardiele op tema’s as: nijswearde, skriuwstyl, opbou, doelgroep, taalgebrûk en flaters. Yn de sjuery sitte: skriuwer Thys Wadman, sjoernaliste en presentator by Omrop Fryslân Tiete Sijens en FNP riedslid Jikkie Ruiter-Postma.

Diggelfjoer winnaar
Watze Zeinstra fan Diggelfjoer De Fjouwer Doarpen en Rozemarijn Strubbe fan Diggelfjoer Wommels

Winnaar Beste Friestalige Redactiestuk 2023 is Diggelfjoer Wommels

Woensdag 6 maart was de prijsuitreiking van het Beste Friestalige Redactiestuk van gemeente Súdwest-Fryslân. Elk jaar roept de gemeente dorpskranten in Súdwest-Fryslân op om hun beste Friestalige stuk in te sturen. Daarmee kunnen ze een mooie geldprijs winnen. De redactie van Diggelfjoer uit Wommels heeft het beste Friestalige stuk geschreven van 2023. Ze winnen daarmee 300 euro. Op de tweede plaats is de redactie van Diggelfjoer Vier Doarpen (Rien, Itens, Hennaard, Lytse Wierrum) geëindigd. Zij winnen € 200.

Wethouder Petra van den Akker vindt het belangrijk dat deze prijzen worden uitgereikt. Ze zegt: “Voor alle inwoners is het van belang dat zij met het Fries in aanraking komen. De dorpskranten kunnen daar een mooie bijdrage aan leveren. Er zijn in 2023 niet veel stukken ingestuurd. We zullen dit jaar zien hoe we dat op een andere manier kunnen invullen.”

De winnende stukken

Het stuk van Wommels gaat over inwoonster Annette Meijer-Wijbenga. Ze heeft te horen gekregen dat zij MS heeft. Maar ze gaat niet bij de pakken neerzitten. Met het team Mentaal Sterk van het MS fonds loopt ze naar de top van de Mont Ventoux, een tocht van 21 kilometer met lotgenoten.

“Een sterk verhaal met emotie over het omgaan met MS en doelen voor hun leven. Ook over tegenslag wordt verteld. Het verhaal geeft een mooi beeld van het karakter van Annette en is goed Fries geschreven.” Zo staat in het juryrapport.

De Vier Dorpen hebben geschreven over "Het laatste rondje" van melkboer Henk Feenstra uit Hommerts. Na 50 jaar stopte Henk ermee en ging hij met pensioen. Een redactielid is met Henk mee geweest op de SRV-wagen en heeft het laatste rondje door Rien en Itens meegereden. De jury zei het volgende: “Het artikel leest makkelijk en er worden goede vragen gesteld. Het is een persoonlijk verhaal van hoeft Henk Feenstra zijn werk deed wat hij mee heeft gemaakt onderweg en in zijn wagen. Het stuk is redelijk gaaf Fries geschreven."

De jury

Er zijn in totaal 8 stukken ingestuurd van 5 verscheidene dorpskranten. De krantjes mochten meerdere stukken insturen. De jury heeft deze stukken nagekeken en beoordeeld op thema’s als: nieuwswaarde, schrijfstijl, opbouw, doelgroep en taalgebruik en fouten. In de jury zitten: schrijver Thys Wadman, journaliste bij Omrop Fryslân Tiete Sijens en FNP raadslid Jikkie-Postma.