Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

Gepubliceerd op in Nieuws.

(De Nederlandse tekst lees je onderaan deze pagina).

Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster Jetske Bilker foar har boek 'Spegel en sonde'. 

De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen.

Bern yn hiel Fryslân diene mei oan in edukaasjeprojekt fan Tresoar, skreaune gedichten en stjoerden dy yn om yn oanmerking te kommen foar dizze fûl begearde priis. Sytze de Haas, dy’t foar de simmer noch yn groep 8 fan Regioskoalle De Greidefûgel yn Baard siet, skreau it gedicht ‘Ik gean fuort’ en wûn dêrmei de priis. De sjuery dy’t bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân), Wybo Smids (Akteur en muzikant) en Tjitske van Dijk (Skriuwster lesmateriaal by de Afûk), seit oer it gedicht: “It gedicht is hiel persoanlik en dochs is it foar elkenien werkenber”.

Nei de útrikking, troch wethâlder Petra van den Akker fan gemeente Súdwest-Fryslân, mei de priiswinner syn namme op in spesjaal boerd sette yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert.  Elkenien is wolkom om by de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis op sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert te wêzen. De ynrin yn de tsjerke, mei kofje en tee, is om 14.15 oere. It offisjele programma duorret fan 15.00 oant 16.30 oere. 

Les hjir it gedicht fan Sytze (pdf)

Sytze de Haas (11 jaar) uit Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé prijs voor het beste Friese gedicht geschreven door leerlingen uit de groepen 7 en 8 van het basisonderwijs in Fryslân. Op zaterdag 14 oktober krijgt hij ‘De Gouden Fear’ en een oorkonde uitgereikt in de Martinikerk in Bolsward, op hetzelfde moment dat ook de Gysbert Japicxpriis uitgereikt zal worden aan schrijfster Jetske Bilker voor haar boek 'Spegel en sonde'.

De Gysbert Japicxpriis bestaat al sinds 1947 en in 2013 is ook de Lytse Gysbert Japicxpriis in het leven geroepen om kinderen meer te leren over schrijver en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Friese taal en de kunst van het schrijven van gedichten. 

Kinderen in heel Fryslân deden mee aan een educatieproject van Tresoar, schreven gedichten en stuurden die in om in aanmerking te komen voor deze felbegeerde prijs. Sytze de Haas, die voor de zomervakantie nog in groep 8 van Regioschool De Greidefûgel in Baard zat, schreef het gedicht ‘Ik gean fuort’ en won daarmee de prijs. De jury die bestaat uit Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur van Fryslân), Wybo Smids (Acteur en muzikant) en Tjitske van Dijk (Schrijfster lesmateriaal bij de  Afûk), zegt over het gedicht: “It gedicht is hiel persoanlik en dochs is it foar elkenien werkenber”.

Na de uitreiking, door wethouder Petra van den Akker van gemeente Súdwest-Fryslân, mag de prijswinnaar zijn naam op een speciaal bord zetten in it Gysbert Japicxhûs, het geboortehuis van Gysbert Japicx in Bolsward.  

Iedereen is welkom om bij de uitreiking van de (Lytse) Gysbert Japicxpriis op zaterdag 14 oktober in de Martinikerk in Bolsward aanwezig te zijn. De ontvangst in de kerk, met koffie en thee, is vanaf 14.15 uur. Het officiële programma duurt van 15.00 uur tot 16.30 uur. 

Lees hier het gedicht van Sytze (pdf)

21-09-2023, Jorwert, uitreiking Lytse Gysbert Japicxpriis door wethouder Petra van den Akker aan winnaar Sytze de Haas. Foto: Simon Bleeker, Tresoar