Open brief van burgemeester Jannewietske de Vries

Gepubliceerd op

(Friese versie onderaan de pagina)

Beste inwoners van Súdwest-Fryslân,

De situatie in Oekraïne houdt ons allen in de greep. De inval van Poetin brengt onvoorstelbaar leed aan Oekraïne en haar inwoners. De beelden op de televisie spreken voor zich. Meer dan een miljoen mensen zijn op de vlucht. Zij hebben dringend hulp nodig.

De Nederlandse regering heeft de gemeenten gevraagd om te helpen. Natuurlijk willen wij in Súdwest-Fryslân hier ons steentje aan bijdragen.

Op dit moment zijn we bezig met de voorbereidingen om hier een gastvrije rol in te spelen. We starten met het organiseren van opvang voor de eerste 100 tot 200 vluchtelingen. Later maken we de locatie bekend waar we hen gaan opvangen. Maar daarmee zijn we er nog niet. Er wordt meer van ons gevraagd. Bijvoorbeeld meer noodopvanglocaties en ook opvang voor een langere periode.

Vanuit de mienskip zijn er al vele mooie initiatieven gestart. Velen van u zijn individueel of in groepsverband acties gestart om hulpgoederen in te zamelen en/of tijdelijke woonruimte beschikbaar te stellen. Wat mooi dat u in actie komt voor de mensen die dat zo hard nodig hebben. Uw betrokkenheid is hartverwarmend.

Om inzicht te krijgen vragen we u om uw initiatief aan te melden op onze pagina over Oekraïne.

Hier vindt u de komende tijd ook meer informatie over ontwikkelingen en acties.

Als teken van solidariteit hijsen we de komende dinsdagen, de dag dat het college van b&w vergadert, de Oekraïense vlag op het gemeentehuis in Sneek. Daarnaast wordt de waterpoort in Sneek in de kleuren van de Oekraïense vlag uitgelicht. Dit als morele steun aan de bevolking van Oekraïne.

Tot slot wil ik u bedanken voor uw inspanningen, uw steun en uw begrip. Samen kunnen we de schrijnende situatie van deze mensen een beetje verzachten.

Namens het college van burgemeester en wethouders van Súdwest-Fryslân,

Jannewietske de Vries, burgemeester

Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,

De situaasje yn Oekraïne hâldt ús allegear yn ‘e besnijing. De ynfal fan Poetin bringt ûnfoarstelber leed oan Oekraïne en har ynwenners. De bylden op ‘e telefyzje sprekke foar har. Mear as in miljoen minsken binne op de flecht. Sy hawwe driuwend help nedich.

It Nederlânske regear hat de gemeenten frege om te helpen. Fansels wolle wy yn Súdwest-Fryslân hjir ús stientsje oan bydrage. Op dit stuit binne wy dwaande mei it tarieden om hjir in gastfrije rol yn te spyljen.
Wy begjinne mei it organisearjen fan opfang foar de earste 100 oant 200 flechtlingen. Letter meitsje wy de lokaasje bekend wêr ’t wy harren opfange sille.
Mar dêrmei binne we der noch net. Der wurdt mear fan ús frege. Bygelyks mear needopfanglokaasjes en ek opfang foar in langere perioade.

Ut de mienskip wei binne der al in soad moaie inisjativen begûn. In soad fan jo binne yndividueel of yn groepsferbân aksjes begûn om helpguod yn te sammeljen en/of tydlike wenromte beskikber te stellen.
Wat moai dat jo yn aksje komme foar de minsken dy ’t dat sa hurd nedich hawwe. Jo belutsenheid is hertferwaarmjend.

Om ynsjoch te krijen freegje wy jo om jo inisjatyf oan te melden op de websidepagina oer Oekraïne.

Hjir fine jo de kommende tiid ek mear ynformaasje oer ûntwikkelings en aksjes.

As teken fan solidariteit hise wy de kommende tiisdeis, de dei dat it kolleezje fan b&w gearkomt, de Oekraynske flagge op it gemeentehûs yn Snits. Dêrneist wurdt de wetterpoarte yn Snits yn de kleuren fan de Oekraynske flagge útljochte. Dat as morele stipe oan de befolking fan Oekraïne.

By einsluten wol ik jo tankje foar jo ynspannings, jo stipe en jo begryp. Tegearre kinne wy de skrinende situaasje fan dizze minsken in bytsje fersêftsje.

Ut namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân,

Jannewietske de Vries,

boargemaster