Nieuwjaarstoespraak 2024 burgemeester

Nieuwjaarstoespraak 2024 burgemeester

Gepubliceerd op in Nieuws, College van B&W.

Tijdens de Fjoerkoertoer, de nieuwjaarsrecepetie in Súdwest-Fryslân, heeft de burgemeester Jannewietske de Vries een nieuwjaarstoespraak gehouden. Je kunt de tekst in het Fries of in het Nederlands lezen.

"Ik wol jimme fan herte wolkom hjitte op dizze Fjoerkoertoer. Dat is de nije foarm fan de nijjiersresepsje yn Súdwest-Fryslân. Dêr binne we ferline jier mei begûn en doe binne we by de seis stêden fan Súdwest-Fryslân del gien. Dit jier dogge we fjouwer doarpen oan: Wâldsein, Makkum, Sibrandabuorren, Wommels. Takom jier sjogge we wer, want we wolle graach tichtby wêze. Tichtby de minsken, tichtby ús ynwenners. En dêrom dogge we dit op dizze manier mei it kolleezje en gemeenteried fan Súdwest-Fryslân.

Wy wolle mei jimme fansels klinkend en daverjend it nije jier yn; goed begjinne mei-inoar en dat dogge we mei lekkere hapkes en drankjes hjir by de Fjoerkoertoer. 

Der bart in soad yn ’e wrâld. En it wurdt ek best wol in spannend jier at je der sa nei sjogge. Mar wy sjogge ek nei Súdwest-Fryslân en dan giet it eins best goed yn ús regio. De brede wolfeart neame wy dat dan, dat is eins in oar wurd foar hoe lokkich wy binne yn ús omjouwing. Dat is yn Súdwest-Fryslân hiel heech at je dit fergelykje mei oare dielen fan Nederlân. 

Eins hawwe we in hiele moaie basis mei-inoar. Mar die brede wolfeart, dat gelok dat we mei inoar hawwe yn ús omjouwing, moatte we wol sa hâlde. Dêr moatte we in soad foar dwaan yn de takomst en dêrom sette wy as kolleezje en ried fan Súdwest-Fryslân yn op Slimme Groei. Want wy moatte de kommende tiid wol minsken hawwe dy’t mei inoar al dy foarsjenningen, al dy ferienigingen en it frijwilligerswurk mei inoar yn ’e stokken hâlde, de skouders der ûnder sette. 

Dus wy moatte bouwe. Dat dogge wy rûnom yn Súdwest-Fryslân. Op dit stuit wurdt rûnom yn de gemeente boud, allegear op de skeal fan de gemeente. Safolle mooglik binnen de besteande kommen, sadat der sa min mooglik nije grûn yn beslach nommen wurdt. Mar bouwe, dat moatte we wol op in tûke wize dwaan. En derom sizze wy, we moatte ta op slimme tûke groei. En dan is fansels de fraach fan jimme: wat is tûk, wat is slim? Dan stelle wy ús sels as kolleezje eltse kear fjouwer fragen. Fragen wêr’t je mei inoar oer neitinke moatte, want je wolle it foar de takomst goed dwaan.

De earste fraach dy’t wy ús sels stelle at wy ûntwikkelingen yn gong sette is: Wat soenen ús pake- en beppesizzers fan dizze ûntwikkeling yn 2050 sizze? Krije sy der spyt fan, sealje we harren mei ôffal op of mei klimaatproblemen? Dus, hoe sjogge ús pake- en beppesizzers der yn 2050 tsjinoan?

De twadde fraach dy’t wy stelle is: Wa wurdt der eins better fan, fan dizze ûntwikkeling? Wa fertsjinnet der oan? Bliuwt it jild yn ús gemeente, yn ús regio, wat hawwe wy der mei inoar oan?

De tredde fraach dy’t wy ús sels stelle is: Wát wurdt der moaier fan? Want wy hâlde sa fan ús omjouwing, it lânskip, it wetter, de doarpen, de stêden, de kultuer, koartsein ús erfgoed. Wy binne fansels fierwei de moaiste gemeente fan Nederlân, dat makket ús gelokkich. Hoe ûnderfine we de ûntwikkeling at we fytse, kuierje, farre, libje en wurkje yn dat lânskip. 

De fjirde fraach is: Wat soe de skries fan de ûntwikkeling fine, wurdt dy der ek blider fan? Dogge we it goed foar de natuer en de sûnens. De biodiversiteit. We hawwe it nedich dat ek de greidefûgels, de natuer, wer fierder ûntwikkelje kinne. 

Dit binne de fjouwer fragen dy’t wy ús sels hieltyd stelle at wy it hawwe oer slimme groei. Dan hawwe we echt kânsen yn Súdwest-Fryslân om mear wenningen te bouwen, mear minsken - jong en âld - hjir te hâlden en hinne te krijen. By eltse ûntwikkeling yn de gemeente sjocht it kolleezje nei dizze fjouwer fragen. 

Yn alle doarpen fan Súdwest-Fryslân binne der wol ûntwikkelingen geande, wêr’t antwurden te finen binne dêr’t we wat oan hawwe. Dat kinne we allinnich mei inoar, as gemeentebestjoer, mei ús ynwenners, mei ús ûndernimmers. Dêrom is it belangryk dat we inoar treffe, hjir by de Fjoerkoertoer, yn de smûkheid mei de fjoerkuorren der by en dat we inoar in goed nijjier tawinskje. Dan sille we mei inoar goeie stappen sette. 

- hjirnei giet de boargemaster yn op de situaasje fan it doarp wêr’t se op dy jûn binne -

Wâldsein - Yn Wâldsein bygelyks litte se goed sjen wat ‘slim groeie’ betsjut. Yn it doarp komt It Skar 2, wêr’t 45 wenningen boud wurde sille. Dat is hielendal mei it doarp ûntwikkele. En mei it bedriuwslibben yn Wâldsein is de gemeente oan it sjen nei útwreiding fan it bedriuweterrein. Noch in punt wêr’t de Wâldseiners mei dwaande binne om de wetteroerlêst oan te pakken, dat dogge se mei de deskundichheid dy’t der yn it doarp is. Wat ik dan ek noch neame wol is de Woudsender Ontwikkel Methode, de WOM. Dêrby hâlde de Wâldseinsters de fjouwer fragen, sa’t wy dat ek dogge, goed yn ’e gaten. Boppedat libbet de enerzjykoöperaasje ek yn it doarp.”

Makkum - Yn Makkum bart der ek al fan alles. Hjir wurdt it Simmerfjild ûntwikkele, der komme sa’n 55 hûzen by. We binne op de âlde Tichelaar lokaasje oan de gong mei Patyna om wensoarch apparteminten te ûntwikkeljen. We geane mei inoar oan de slach mei de bûtenhaven, oan de slach mei it wetterfront. We hawwe hjir ek in hiele moaie grientetún, ek sa’n geweldich inisjatyf dêr’t we sûner fan wurde. En we hawwe de prachtige tagongswei op de Touwenleane oanpakt, wat is dy opknapt. De pearel Makkum binne we oan it oppoetsen mei-inoar en der lizze echt kânsen.

De Legeaën - Ek yn de Legeaën binne e drok dwaande mei slimme groei. Yn Raerd komme 9 betelbere wenningen op inisjatyf fan de mienskip. Yn 2022 binne der hjir yn Sibrandabuorren yn de eardere skoalle keapapparteminten kommen. Der is hjir ien skoalle iepene foar meardere doarpen út de omkriten, út de Legeaën. En ek yn Wiuwert is de eardere basisskoalle ferkocht en at it bestimmingsplan technysk allegear kin, sille ek dêr apparteminten komme. 

Wommels - Yn Wommels is men op dit stuit dwaande mei it Bogerman Hof, it eardere Bogerman Kolleezje. Neidat dizze skoalle yn 2018 sletten is, krijt dit in twadde libben as wenplak. Foar jongeren en starters út Wommels en omjouwing. Sawol keap- as hierwenningen; 20 yn totaal. In prachtich projekt!

Ek hawwe we as gemeente de yntinsje om yn Wommels út te wreidzjen mei wenningbou. Derfoar is okkerdeis it foarkarsrjocht op in perseel hjir yn Wommels útset.

In doarp fierder yn Easterein is der in plan yntsjinne foar de bou fan twa frijsteande en trije skeakele wenningen op de lokaasje fan it âlde pompstasjon. At de fergunningen der troch hinne binne, kin de ferkeap starte.

Ik winskje jimme allegear folle lok en seine en dat we klinkend en daverjend it nije jier yn kinne.

We slute ôf mei in prachtich liet, spesjaal skreaun foar de doarpen Wâldsein, Makkum, Sibrandabuorren, Wommels. It liet dat skreaun is troch de hearen fan Weima & v.d. Werf.

Tankewol."

"Ik wil jullie van harte verwelkomen op deze Fjoerkoertoer. Dit is de nieuwe vorm van de nieuwjaarsreceptie in Súdwest-Fryslân. Hier zijn we vorig jaar mee begonnen en toen zijn we langs de zes steden van Súdwest-Fryslân gegaan. Dit jaar doen we vier dorpen aan:  Woudsend, Makkum, Sibrandabuorren, Wommels zijn. Volgend jaar zien we weer, want we willen graag dichtbij zijn. Dichtbij de mensen, dichtbij onze inwoners. En daarom doen we dit op deze manier met het college en gemeenteraad van Súdwest-Fryslân.

Wij willen met jullie klinkend en daverjend het nieuwe jaar in; goed beginnen met elkaar en dat doen we met lekkere hapjes en drankjes hier bij de Fjoerkoertoer.

Er gebeurt veel in de wereld. En het wordt ook best wel een spannend jaar als je er zo naar kijkt. Maar we kijken ook naar Súdwest-Fryslân en dan gaat het eigenlijk best goed in onze regio. De brede welvaart noemen we dat dan, dat is eigenlijk een ander woord voor hoe gelukkig we zijn in onze omgeving. Dat is in Súdwest-Fryslân heel hoog als je dit vergelijkt met andere delen van Nederland.

Eigenlijk hebben we een hele mooie basis met elkaar. Maar die brede welvaart, dat geluk dat we met elkaar hebben in onze omgeving, moeten we wel zo houden. Daar moeten we veel voor doen in de toekomst en daarom zetten wij als college en raad van Súdwest-Fryslân in op Slimme Groei. Want we moeten de komende tijd wel mensen hebben die met elkaar al die voorzieningen, al die verenigingen en het vrijwilligerswerk met elkaar behouden, de schouders eronder zetten.

Dus we moeten bouwen. Dat doen we overal in Súdwest-Fryslân. Op dit moment wordt overal in de gemeente gebouwd. Zoveel mogelijk binnen de bestaande kommen, zodat er zo weinig mogelijk nieuwe grond in beslag wordt genomen. Maar bouwen, dat moeten we wel op een slimme manier doen. En dan is natuurlijk de vraag van jullie: wat is slim groeien? Wij als college stellen ons zelf iedere keer vier vragen. Vragen waar je met elkaar over moet nadenken, want je wilt het voor de toekomst goed doen.

De eerste vraag die wij ons zelf stellen als wij ontwikkelingen in gang zetten: Wat zouden onze kleinkinderen van deze ontwikkeling zeggen in 2050? Krijgen zij er spijt van, zadelen we hen met afval op of met klimaatproblemen? Dus, hoe kijken onze kleinkinderen er in 2050 tegen aan?

De tweede vraag die wij stellen is: Wie wordt er eigenlijk beter van, van deze ontwikkeling? Wie verdient er aan? Blijft het geld bij onze gemeente, in onze regio, wat hebben wij er met elkaar aan?

De derde vraag die wij ons zelf stellen is: Wát wordt er mooier van? Want we houden zo van onze omgeving, het landschap, het water, de dorpen, de steden, de cultuur, kort gezegd ons erfgoed.

We zijn natuurlijk verreweg de mooiste gemeente van Nederland, dat maakt ons gelukkig. Hoe ervaren we de ontwikkeling als we fietsen, wandelen, varen, leven en werken in dit landschap.

De vierde vraag is: Wat zou de grutto van de ontwikkeling vinden, wordt die er ook blijer van? Doen we het goed voor de natuur en de gezondheid. De biodiversiteit. We hebben het nodig dat ook de weidevogels, de natuur, zichzelf weer verder kunnen ontwikkelen.

Dat zijn de vier vragen die we ons zelf steeds stellen als we het hebben over slimme groei. Dan hebben we echt kansen in Súdwest-Fryslân om meer woningen te bouwen, meer mensen - jong en oud - hier te houden en naartoe te krijgen. Bij elke ontwikkeling in de gemeente kijkt het college naar deze vier vragen.

In alle dorpen van Súdwest-Fryslân zijn er wel ontwikkelingen gaande, waar antwoorden te vinden zijn waar we wat aan hebben. Dat kunnen we alleen met elkaar, als gemeentebestuur, met de inwoners, met de ondernemers. Daarom is het belangrijk dat we elkaar ontmoeten, hier bij de Fjoerkoertoer, in de smûkheid met de vuurkorven erbij en dat we elkaar een goed nieuwjaar toewensen. We gaan met elkaar weer goede stappen zetten.

- hierna gaat de burgemeester in op de situatie van het dorp waar het college op de avond is –

Woudsend - In Woudsend bijvoorbeeld laten ze goed zien wat ‘slim groeien’ betekent. In het dorp komt It Skar 2, waar 45 woningen worden gebouwd. Dit is samen met het dorp ontwikkeld. Met het bedrijfsleven in Woudsend is de gemeente aan het kijken naar uitbreiding van het bedrijventerrein. Nog een punt waar de Woudsenders mee bezig zijn is het aanpakken van wateroverlast, dit doen ze met de deskundigheid die er in het dorp is.
Wat ik ook nog wil noemen is de Woudsender Ontwikkel Methode, de WOM. Daarbij houden de inwoners van Woudsend de vier vragen, zoals wij dat ook doen, goed in de gaten. En jullie dorp heeft ook de energiecoöperatie Duurzaam Woudsend.

Makkum - In Makkum gebeurt er ook al van alles. Hier wordt het Simmerfjild ontwikkeld, er komen zo’n 55 huizen bij. We zijn op de oude Tichelaarlocatie bezig met Patyna om woonzorgappartementen te ontwikkelen. We gaan met elkaar aan de slag met de buitenhaven, aan de slag met het waterfront. We hebben hier ook een hele mooie groentetuin, ook zo'n geweldig initiatief waar we gezonder van worden. En we hebben de prachtige toegangsweg op de Touwenlaan aangepakt, wat is die opgeknapt. De parel Makkum zijn we aan het oppoetsen met elkaar en er liggen echt kansen.

De Legeaën - Ook in de Legeaën zijn ze druk bezig met slimme groei. In Raerd komen 9 betaalbare woningen op initiatief vanuit de gemeenschap. In 2022 zijn er hier in Sibrandabuorren in de voormalige school koopappartementen gekomen. Er is hier één school geopend voor meerdere dorpen uit de omgeving, uit de Legeaën. En ook in Wiuwert is de voormalige basisschool verkocht en als het bestemmingsplan technisch allemaal kan, zullen ook daar appartementen komen.

Wommels - In Wommels is men momenteel bezig met het Bogerman Hof, het voormalige Bogerman College. Nadat deze school in 2018 is gesloten, krijgt het een tweede leven als woonplaats. Voor jongeren en starters uit Wommels en omgeving. Zowel koop- als huurwoningen; 20 in totaal. Een prachtig project!

Ook hebben we als gemeente de intentie om in Wommels uit te breiden met woningbouw. Daarvoor is onlangs het voorkeursrecht op een perceel hier in Wommels uitgezet. Een dorp verder in Easterein is er een plan ingediend voor de bouw van twee vrijstaande en drie geschakelde woningen op de locatie van het oude pompstation. Als de vergunningen er door zijn, kan de verkoop starten.

Ik wens jullie allemaal veel geluk en zegen en dat we klinkend en daverend het nieuwe jaar in kunnen.

We sluiten af met een prachtig lied, speciaal geschreven voor de dorpen Woudsend, Makkum, Sibrandabuorren, Wommels. Het lied is geschreven door de heren van Weima & v.d. Werf.

Dank u wel."