Contact

Nederlandstalige versie: zie onder

Súdwest-Fryslân: folop yn beweging

Nijjierstaspraak 2020
Warkum, 6 jannewaris

Bêste minsken, allegear fan herte wolkom by ús nijjiersresepsje. Dit kear dus net yn Snits, it bestjoerlik sintrum fan ús gemeente, mar yn Warkum, de trêdde stêd fan Súdwest-Fryslân.

Dat wy hjir yn De Rolpeal te gâst binne, is net samar. Yn myn taspraak fan in jier ferlyn haw ik sein dat it my moai ta like om mei dizze resepsje alle jierren del te striken yn in oar plak. Dêrnjonken is dizze nagelnije akkommodaasje in prachtich foarbyld fan wat in fitale mienskip foarinoar krije kin.

Fitaal betsjut hjir yn it earste plak: sportyf. Wy stean der hjir middenyn, mei rekreaasje-swimmers oan de iene kant en rekreaasje-folleyballers oan de oare kant.

Hiel belangryk om yn beweging te wêzen en te bliuwen (swit is allinnich fet dat skriemt), en dan kin it net misse dat wy yn ús gemeente ek kampioenen en medaljewinners hawwe. Silers, keatsers en fierljeppers, fansels, mar ek in grut tal oare sporters.

It is dan ‘gefaarlik’ om mei nammen te kommen, want wêrom de iene wol neame en de oare net?

Dochs wol ik al in pear prestaasjes oanhelje, omdat it prestaasjes binne dy’t ek fier bûten ús lânsgrinzen wurdearring krigen hawwe.

Lykas Nyck de Vries út Twellegea, wrâldkampioen formule-twa, en dit jier oerstapt nei de Formule E, de earste folsleine elektryske raceklasse yn ’e wrâld. In prachtige sportman, dy’t fierder tinkt.

Of in doarpgenoate fan Nyck, Beitske Visser, dy’t it ôfrûne jier ek hast wrâldkampioen wie – mar it silver wûn – yn de W Series, sis mar de Formule-ien foar froulju. Ynspirearjend foarbyld foar froulju dy’t ek graach de binnenbocht nimme.

En dan wiene der geweldige prestaasjes fan ús fuotbalsters, lykas Sherida Spitse fan Snits en Loes Geurts fan Hichtum. Se waarden yn Frankryk krekt gjin wrâldkampioen, mar ôfrûne simmer hiene de Oranje Leeuwinnen wol it hiele lân yn de besnijing, en my dus ek.

Dizze froulju steane kommende simmer op ’e nij yn de skynwerpers, troch de Olympyske Spelen yn Tokio, Japan.

Wa’t dêr ek wêze sil, mar dan in pear wiken letter, op de Paralympyske Spelen, is swimster Liesette Bruinsma fan Wommels. Se wûn al twa gouden medailles yn 2016 yn Rio de Janeiro, en yn 2019 waard se wrâldkampioen op leafst trije ôfstannen. Ik bin hiel benijd hoe’t se it yn Tokio dwaan sil.

Mar ek neist dizze sportive prestaasjes wenje wy yn in fitale gemeente. In gemeente mei in fitale mienskip, in fitale ekonomy en in fitale omjouwing.

Mei-inoar sette wy ús yn foar de mienskip. En ik sis dat net samar. Yn it ôfrûne jier haw ik op besite west yn alle doarpen, stêden en wiken. Fansels hat hast elts plak of wyk wol wat te winskjen, dat kin ek net oars. Mar wat my foaral wer dúdlik wurden is, is it entûsjasme fan de minsken wêrmei se harren ynsette foar it eigen wenplak, de eigen mienskip, it goeie doel. En sa as Johan Cruijff sei: “Het goede doel, is niet het eigen doel”.

Dat entûsjasme slút moai oan by myn motto ‘it takes a village to save a planet’. Yn goed Frysk: wy hawwe mienskip nedich om ús planeet te rêden. Dat betsjut dat wy mei-inoar grut tinke, mar tagelyk – om ús doel te berikken – in hiele soad lytse stappen sette moatte. Op de skaal dy’t wy oersjen kinne. Tichtby. En dêr is elkenien foar nedich.

Om yn ús moaie gemeente mei-inoar foarút te buorkjen is it opsetten fan koöperaasjes in gaadlik model. Dêr hawwe wy ommers ek in tradysje yn. Dy tradysje kinne wy nei in nije takomst bringe. Yn in koöperaasje sette de dielnimmers harren mei-inoar yn foar bygelyks de enerzjytransysje of it lânskip. Yn fitale mienskippen wurket in koöperaasje foar elkenien. De winst is foar elkenien.

 En sa’n fitale mienskip lûkt ek wer nije ynwenners oan. Yn it ôfrûne jier hawwe wy der in dikke trijhûndert minsken by krigen en binne wy foarby de 90.000 ynwenners gien – 90.025 om krekt te wêzen. No moat ik al in slach om ’e earm hâlde, want noch net alle mutaasjes binne ferwurke.

Mar dúdlik is al wol dat it ferhússifer hjiryn belangryk meispile hat.

Wy wenje - mei oare wurden - yn in oantreklike gemeente. Troch ús lizzing, de natuer, de rêst en de romte, mar ek troch de manier wêrop’t wy ús mei-inoar ynsette foar de grutte útdagingen dêr’t wy foar stean.

Wy binne in gemeente mei en yn in fitale omjouwing. De Kommissaris fan de Kening sei it al: wy meitsje diel út fan in Europeeske regio, yn ferbining mei oare provinsjes en oare regio’s yn Europa. As twadde gemeente fan Fryslân en fjirde gemeente fan Noard-Nederlân ha wy in belangrike rol yn dizze regio. Dit blykt ek út de meast resinte sifers oer de ekonomy. Us regio hat de grutste ‘groeipotinsje’ fan Noard-Nederlân (fergelykber mei Amsterdam, Eindhoven en Utert).

As gemeente mei tsjin de 100.000 ynwenners kinne wy in ferskil meitsje op tal fan saken. Wy kinne meiprate en posysje pakke yn petearen mei (ynter)nasjonale partners. En dy rol pakke wy ek. It moaie fan ús skaal is dat wy de saken yntegraal by de kop hawwe kinne. Wy kinne win-win situaasjes meitsje troch de útdagingen bygelyks op it mêd fan lânbou, enerzjy en mobiliteit yn gearhing mei-inoar op te pakken.

De grutte (Europeeske) fraachstikken freegje dat wy fierder dan fjouwer jier foarút sjogge. It freget fan ús in fizy op 2030 en noch fierder dêrnei.

In fisy op fraachstikken lykas klimaat en enerzjy, dêr’t wethâlder Faber (dy’t as siler wit wat tsjinwyn en lavearjen is) sûnder ophâlden mei warber is. In fraachstik dat de mienskip op alle fronten yn beweging krije moat. En mei dat koöperaasje-model dêr’t ik it niiskrekt oer hie, ha wy dêr yn ús gemeente in moaie basis foar.

Sa soe in hiel doarp – ek de minsken yn sosjale hierwenningen – lid wêze en profijt hawwe fan in enerzjykoöperaasje. Want de winst giet nei maatskiplike doelen dy’t de leden sels fêststelle. Dat is demokratyske fernijïng op lokaal nivo. It fergruttet ek de akseptaasje foar feroaring yn de omjouwing.

En it freget fisy op nije manieren fan mobiliteit. Nije konsepten moatte derfoar soargje dat wy net allinnich ‘klimaatneutraal’ reizigje kinne, mar dat wy ek de oansluting tusken stêd en plattelân en de oansluting fan ús gemeente op de rânestêd goed regelje. Wethâlder De Man set him hjir (strak traind yn de sportskoalle) fol enerzjy foar yn.

En wethâlder Offinga (ús ‘duorsporter’) is mei fyzje dwaande mei de útdagingen op it mêd fan lânbou. De lânbousektor is fan âlds in drager fan ús fitale ekonomy. Mar it moat oars. Dat realisearje wy ús allegear. Mei oare regionale, nasjonale en Europeeske partijen moatte wy op syk nei nije konsepten, wêryn’t de balâns tusken lânbou en natuer werombrocht wurde kin. Súdwest-Fryslân kin hjiryn in foarbyld wêze.

Wethâlder Wielinga (ús multi-sporter) is mei de yntegrale omjouwingsfyzje dwaande; de fyzje op hoe’t wy wenje, wurkje en bewege wolle yn Súdwest-Fryslân. En sil har ek yn it nije jier ynsette foar in sûn sportklimaat.

Fitaliteit betsjut, ta beslút, ek fearkrêft. Wy sjogge werom op in jier mei hichte- mar ek djiptepunten. It fertrek fan wethâlder Van Gent wie foar it kolleezje en de ried in djiptepunt. Yn de gemeenterie haw ik yn novimber sprutsen oer it begryp fertrouwen. Ik haw doe sein dat polityk net allinnich om feiten, stânpunten en mieningen giet, mar benammen oer minsken. En dêr heart fertrouwen by. Dat is de basis fan de demokrasy. Net allinnich it fertrouwen fan de mienskip yn de polityk, mar ek fan de polityk yn de krêft fan de mienskip. Dat ynwenners by steat binne om sels oplossingen te finen en saken mooglik te meitsjen.

Dêr leit in grutte taak foar de polityk, it ûnderwiis en de media: it fertrouwen yn de mienskip fergrutsje. Dêrfoar moast de (sosjale) kennis fergrutsje. Want ast neat fan ien witst, fertrouwst him of har minder gau. Fertrouwen komt ast ynformaasje hast oer en fan de oar. Dat herkenne wy ek yn ús doarpen en wiken. Dat herkenne wy ek by de boereprotesten. Wy moatte sykjen bliuwe nei kennis, ferhalen en de goede wil fan de oar.

Iepen mienskip wêze – en in iepen lokale demokrasy wêze; dêr’t de mearderheid rekkent mei de winsken en neden fan de minderheid.

It sil net altyd maklik wêze. Minder frame, blame en shame, mar op syk nei it echte ferhaal. It écht mei-inoar dwaan. Gearwurkje, koöperaasje. Mei as winnaar: ús ynwenners, ús lânskip, ús demokrasy, ús wrâld.

As kolleezje sjogge wy mei fertrouwen nei it nije jier. Wy binne fearkrêftich, hawwe ambysje en kondysje om in soad meters te meitsjen yn 2020.

Bêste minsken, ik winskje jimme in lokkich en fitaal 2020, tsjoch, op it nije jier.

En dan noch efkes twa dingen.

Miskien tochten jim dat it no klear wie, mar op dit plak kin it net oars as dat wy tegearre no ek efkes sportyf yn aksje komme. Jim hawwe by de yngong in ballon krigen – aanst hearre jim fan de buurtsportcoaches hoe’t wy dêrmei fierder moatte.

En dan noch de muzyk, mei de minsken fan it Broken Brass Ensemble. Nasjonaal en internasjonaal bekend. Mar witte jimme dat it foar in tal fan dizze talinten begûn is by ús Kultuer Kertier Snits?

Dêr binne se op 8 febrewaris opnij, foar in ‘workshop’ foar jonge blazers en slachwurkers. En jûns in optreden yn It Bolwurk.


Súdwest-Fryslân: volop in beweging

Nieuwjaarstoespraak 2020
Workum, 6 januari

Beste mensen, allemaal van harte welkom bij onze nieuwjaarsreceptie. Deze keer dus niet in Sneek, het bestuurlijk centrum van onze gemeente, maar in Workum, de derde stad van Súdwest-Fryslân.

Dat wij hier in De Rolpeal te gast zijn, is niet zo maar. In mijn toespraak van vorig jaar heb ik gezegd dat het me mooi leek om deze receptie ieder jaar in een andere plaats te houden. Daarnaast is deze nagelnieuwe accommodatie een prachtig voorbeeld van wat een vitale gemeenschap kan klaarspelen.

Vitaal betekent hier in de eerste plaats: sportief. Wij staan er hier middenin, met recreatiezwemmers aan de ene kant en recreatie-volleyballers aan de andere. Heel belangrijk om in beweging te zijn en te blijven, en dan het net anders dat er in onze gemeente ook kampioenen en medaillewinnaars wonen. Zeilers, kaatsers en polsstokverspringers, uiteraard, maar ook een groot aantal andere sporters.

Het is ‘gevaarlijk’ om met namen te komen, want waarom de ene wel noemen en de andere niet?

Toch wil ik hier een aantal prestaties benoemen, omdat het prestaties zijn die ook ver buiten onze landsgrenzen waardering hebben gekregen.

Zoals Nyck de Vries uit Uitwellingerga, wereldkampioen Formule-2, en dit jaar overgestapt naar de Formule E, de eerste volledig elektrische raceklasse in de wereld. Een prachtige sportman, die verder denkt.

Of een dorpsgenote van Nyck, Beitske Visser, die het afgelopen jaar ook bijna wereldkampioen werd – ze werd tweede - in de W Series, zeg maar de Formule-1 voor vrouwen.  Ze is een inspirerend voorbeeld voor vrouwen die ook graag de binnenbocht nemen.

En dan waren er de geweldige prestaties van onze voetbalsters, onder wie Sherida Spitse uit Sneek en Loes Geurts uit Hichtum. Zij werden in Frankrijk net niet wereldkampioen, maar in de zomer leefde het hele land met de Oranje Leeuwinnen mee, en ik dus ook. Deze vrouwen staan de komende zomer opnieuw in de schijnwerpers, op de Olympische Spelen in Tokio, Japan.

Wie daar ook zal zijn, maar dan een paar weken later, op de Paralympische Spelen, is zwemster Liesette Bruinsma uit Wommels. Ze won al twee keer goud in 2016, in Rio de Janeiro, en in 2019 werd ze wereldkampioen op liefst drie afstanden. Ik ben erg benieuwd hoe ze in Tokio presteert.

Deze sportieve prestaties zijn slechts voorbeelden dat we in een vitale gemeente wonen. Een gemeente met een vitale gemeenschap, een vitale economie en een vitale omgeving.

Samen zetten wij ons in voor de gemeenschap. En ik zeg dat niet zo maar. Het afgelopen jaar ben ik op bezoek geweest in alle dorpen, steden en wijken. Uiteraard heeft bijna ieder dorp of wijk wel iets te wensen, dat kan ook moeilijk anders. Maar wat mij vooral weer duidelijk is geworden, is het enthousiasme van de mensen waarmee ze zich inzetten voor de plek waar ze wonen, de eigen gemeenschap, het goede doel. En zoals Johan Cruijff eens zei: “Het goede doel, is niet het eigen doel”.

Dit enthousiasme sluit mooi aan bij mijn motto ‘it takes a village to save a planet’. In goed Nederlands: wij hebben de gemeenschap nodig om onze planeet te redden. Dit betekent dat we met elkaar ‘groot’ denken, mar tegelijkertijd – om ons doel te bereiken – een heleboel kleine stapjes moeten zetten. Op de schaal die we kunnen overzien. Dichtbij. En daar is iedereen voor nodig.

Om in onze mooie gemeente met elkaar vooruitgang te boeken, is het opzetten van coöperaties een geschikt model. Daar hebben wij immers een traditie mee. Deze traditie kunnen wij vernieuwen om ook in de toekomst levend te houden. In een coöperatie zetten de deelnemers zich samen in voor bijvoorbeeld de energietransitie of het landschap. In vitale gemeenschappen is de coöperatie van iedereen. Iedereen deelt mee in de winst.

Zo’n vitale gemeenschap trekt ook weer nieuwe inwoners. In 2019 hebben we er in Súdwest-Fryslân ruim driehonderd mensen bijgekregen en zijn we de grens van 90.000 inwoners gepasseerd – 90.025 om precies te zijn. Nu moet ik nog wel een voorbehoud maken, want nog niet alle mutaties zijn verwerkt. Maar al wel is duidelijk dat het verhuiscijfer hierin belangrijk meetelde.

Wij wonen – met andere woorden – in een aantrekkelijke gemeente. Door de ligging, de natuur, de rust en de ruimte, maar ook door de manier waarop wij ons met elkaar inzetten voor de grote uitdagingen waarvoor wij staan.

Wij zijn een gemeente mét en ín een vitale omgeving. De Commissaris van de koning zei het al: wij maken deel uit van een Europese regio, in verbinding met andere provincies en andere regio’s in Europa. Als tweede gemeente van Friesland en vierde gemeente van Noord-Nederland hebben wij een belangrijke rol in deze regio. Dit blijkt ook uit de meest recente cijfers over de economie. Onze regio heeft de grootste groeipotentie van Noord-Nederland (vergelijkbaar met Amsterdam, eindhove en Utrecht).

Als gemeente met tegen de 100.000 inwoners – dat mogen we nu toch zeggen – kunnen wij een verschil maken in verschillende zaken. Wij kunnen meepraten en positie innemen in gesprekken met (inter)nationale partners. En die rol pakken wij ook. Het mooie van onze schaalgrootte is dat wij zaken integraal kunnen behandelen. Wij zijn in staat win-winsituaties te creëren door de uitdagingen – bijvoorbeeld op het gebied van landbouw, energie en mobiliteit – in samenhang met elkaar aan te pakken.

De grote (Europese) vraagstukken vragen ons dat we verder vooruit kijken dan vier jaar. Het vraagt van ons een visie op 2030 en op de jaren erna.

Een visie op vraagstukken zoals klimaat en energie, waarmee wethouder Faber (die als zeiler weer wat tegenwind en laveren is) voortdurend mee bezig is. Het is een vraagstuk dat de gemeenschap op allerlei manieren fronten in beweging moet krijgen. En met dat coöperatiemodel, waarover ik zojuist sprak, hebben wij er in onze gemeente een mooie basis voor.

Zo zou een volledig dorp – ook de bewoners van sociale huurwoningen – lid zijn en profijt hebben van een energiecoöperatie. Want de winst gaat naar maatschappelijke doelen die door de leden zelf worden bepaald. Dat is democratische vernieuwing op lokaal niveau. Het vergroot de acceptatie voor verandering in de omgeving.

En het vraagt visie op nieuwe manieren van mobiliteit. Nieuwe concepten moeten ervoor zorgen dat wij niet alleen ‘klimaatneutraal’ kunnen reizen, maar dat wij ook de aansluiting tussen stad en platteland en de aansluiting van onze gemeente op de Randstad goed regelen. Wethouder De Man zet zich hier (‘strak’ getraind in de sportschool) vol energie voor in.

En wethouder Offinga (onze ‘duursporter’) is druk met de uitdagingen op het gebied van de landbouw. De landbouwsector is van oudsher een drager van onze economie. Maar het moet anders. Dat realiseren wij ons allemaal. Met andere regionale, nationale en Europese partijen moeten wij zoeken naar nieuwe concepten waarin de balans tussen landbouw en natuur teruggebracht kan worden. Súdwest-Fryslân kan hierin een voorbeeld zijn.

Wethouder Wielinga (onze multi-sporter) is bezig met de integrale omgevingsvisie; de visie op hoe wij in Súdwest-Fryslân willen wonen, werken en bewegen. En ze zal zich ook dit jaar inzetten voor een gezond sportklimaat.

Vitaliteit betekent, tot slot, ook veerkracht. Wij kijken terug op een jaar met hoogte- en dieptepunten. Het vertrek van wethouder Van Gent was een dieptepunt voor college en raad. In de gemeenteraad heb ik in november gesproken over het begrip ‘vertrouwen’. Ik heb toen gezegd dat politiek niet alleen gaat om feiten, standpunten en meningen, maar vooral over mensen. En daar hoort vertrouwen bij. Dat is de basis van de democratie. Niet alleen het vertrouwen van de gemeenschap in de politiek, maar ook van de politiek in de kracht van de gemeenschap. Dat inwoners in staat zijn om zelf oplossingen te vinden en zaken mogelijk te maken.

Daar ligt een grote taak voor de politiek, het onderwijs en de media: het vertrouwen in de gemeenschap vergroten. Daarvoor is het nodig dat de (sociale) kennis wordt vergroot. Want als je niets van iemand weet, vertrouw je hem of haar minder snel. Vertrouwen komt als je informatie hebt over en van een ander. Dat zien we ook in onze dorpen en wijken. Dat herkennen we ook bij de boerenprotesten. Wij moeten blijven zoeken naar kennis, verhalen en de goede wil van de ander.

Een open gemeenschap zin – en een open lokale democratie zijn; waar de meerderheid rekening houdt met de noden en wensen van de minderheid.

He zal niet altijd gemakkelijk zijn. Minder frame, blame en shame, maar op zoek naar het echte verhaal. Het écht met elkaar doen. Samenwerken, coöperatie. Met als winnaar: onze inwoners, ons landschap, onze democratie, onze wereld.

Als college zien wij met vertrouwen naar het nieuwe jaar. Wij zijn veerkrachtig, hebben ambitie en conditie om in 2020 een heleboel meters te maken.

Beste mensen, ik wens jullie allen een gelukkig en vitaal 2020. Proost, op het nieuwe jaar.