Natuerlik isolearje

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Kollumn wethâlder Henk de Boer

Gepubliceerd op in College van B&W.

Foarige simmer haw ik myn timmerman holpen mei it fernijen fan ús gevel. En dat die ik mei natuerlike isolaasje: himp. Natuerlike isolaasjematerialen binne better foar elkenien.

De planken oan de bûtenkant wiene foar in part ferrotte en wat die bliken: ûnder de planken wie isolaasje oanbrocht dy 't bestie út in laachje piipskom fan 2 sintimeter! Ek noch brún wurden troch it wetter fan de rotte planken. Ek it glêswol om it rútkezyn wie troch de tiid hinne ek fan kleur feroare. Neat yn it neidiel fan de eardere bewenners dy 't ik goed ken, mar kinst dy ôffreegje hoefolle waarmte oft dy echt besparret. Eartiids waard oars boud as no. It wie de tiid dat gas wat djoerder waard. De tiid wêryn 't der in bytsje isolaasje en dûbelglês yn wenningen kaam. It hûs waard wol isolearre, mar dat is net te fergelykjen mei no.

Himpisolaasje

Tiden feroarje en no is it tiid om oan te pakken. We leine kontakt mei in Frysk bedriuw dat himpisolaasje produsearret. Binnen twa wurkdagen hiene we 15m² himpisolaasje yn 'e garaazje lizzen. Mei in spesjaal mes sniene we de isolaasje op maat en binnen twa oeren siet de komplete gevel fol mei 12 sm tsjokke himpisolaasje. It wurket noflik, jokket net en rûkt lekker.

Himp is in plant dy 't hjir yn Fryslân prima groeit, somtiden mei in meter yn 'e moanne! En dat sûnder keunstdong of bestridingsmiddels. Fan himp kinst in prima isolaasjemateriaal meitsje. En der binne mear natuerlike produkten dy 't je brûke kinne lykas hout, strie en flaaks. Dy binne ek biologysk ôfbrekber lykas himp, tuorrebout en oaljefantegers. Troch fansels te isolearjen is dyn hûs waarmer yn de winter en koeler yn de simmer. En de natuerlike isolaasje soarget ek noch foar in soad stikstof opslach, dat is dan wer moai meinaam foar de natuer.

Hieltyd mear boeren yn Fryslân sille dizze natuerlike materialen tele. En dêr bin ik bliid mei! Want as myn hûs ea sloopt wurdt, kin it himp op de komposthoop en fan dy kompost kin wer nije himp groeie. Allegearre op Fryske grûn. Troch lokaal te keapjen, stypje we ús boeren én hâlde we de omrin lyts. Fan himp-isolaasje wurd ik bliid, as doch-it-selver én as wethâlder.

It is no in stik stiller, waarmer en it siicht minder yn de beide sliepkeamers. Mei tank oan himp én myn timmerman!

Wethâlder Henk de Boer

Vorige zomer heb ik mijn timmerman geholpen met het vernieuwen van onze gevel. En dat deed ik met natuurlijke isolatie: hennep. Natuurlijke isolatiematerialen zijn beter voor iedereen.

De planken aan de buitenkant waren deels rot en wat bleek: onder de planken was isolatie aangebracht die bestond uit een laagje piepschuim van 2 centimeter! Ook nog bruin geworden door het water van de rotte planken. Ook het glaswol om het raamkozijn was door de tijd heen ook van kleur veranderd. Niks ten nadele van de vorige bewoners die ik goed ken, maar je kunt je afvragen hoeveel warmte je daadwerkelijk bespaart. Vroeger werd anders gebouwd dan nu. Het was de tijd dat gas iets duurder werd. De tijd waarin er een beetje isolatie en dubbelglas in woningen kwam. Het huis werd wel geïsoleerd, maar dat is niet te vergelijken met nu.

Hennepisolatie

Tijden veranderen en nu is het tijd om aan te pakken. We legden contact met een Fries bedrijf wat hennepisolatie produceert. Binnen twee werkdagen hadden we 15m2 hennepisolatie in de garage liggen. Met een speciaal mes sneden we de isolatie op maat en binnen twee uren zat de complete gevel vol met 12cm dikke hennepisolatie. Het werkt fijn, jeukt niet en ruikt lekker.

Hennep is een plant die hier in Fryslân prima groeit, soms met een meter per maand! En dat zonder kunstmest of bestrijdingsmiddelen. Van hennep kun je een prima isolatiemateriaal maken. En er zijn meer natuurlijke producten die je kan gebruiken zoals hout, stro en vlas. Die zijn ook biologisch afbreekbaar net als hennep, lisdodde en olifantengras. Door natuurlijk te isoleren is je huis warmer in de winter en koeler in de zomer. En de natuurlijke isolatie zorgt ook nog voor veel stikstof opslag, dat is dan weer mooi meegenomen voor de natuur.

Steeds meer boeren in Fryslân gaan deze natuurlijke materialen telen. En daar ben ik blij mee! Want als mijn huis ooit wordt gesloopt, kan het hennep op de composthoop en van die compost kan weer nieuwe hennep groeien. Allemaal op Friese grond. Door lokaal te kopen, steunen we onze boeren én houden we de kringloop klein. Van hennep-isolatie word ik blij, als doe-het-zelver én als wethouder.

Het is nu een stuk stiller, warmer en het tocht minder in de beide slaapkamers. Met dank aan hennep én mijn timmerman!