Column wethouder Henk de Boer

Gepubliceerd op in Nieuws, College van B&W.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Fytse troch Súdwest-Fryslân: útdagingen en oplossingen

No’t de maitiid wer begûn is, fyn ik it hearlik om yn it wykein mei myn freonen te fytsen troch it moaie bûtengebiet fan ús gemeente. Wy ride dan by buorkerijen del en oer slingerjende diken. Underweis sjoch ik hoe moai ús lânskip is. Ik sjoch ek de útdagingen yn ús lânskip. De takomst fan ’e lânbou, it sakjen fan ’e boaiem en it wetterbehear. Hoe soargje wy derfoar dat minske en natuer hjir goed mei-inoar geane, no en yn ’e takomst?

Fytse by boerebedriuwen del: wurkje oan ‘e takomst

Tsjin'e wyn yn traapje wy by de greiden mei kij del en de marren mei grutte reidkragen. Yn ’e lanlike polityk is in soad omtinken foar natuer en lânbou. De plannen dêrfoar lizze op dit stuit efkes stil. Dat jout ús boeren in soad ûnwissichheid. Dochs wolle wy yn Súdwest-Fryslân net op ’e rem traapje. Wy wolle ús boeren just sicht jaan op in hoopfolle takomst dêr’t lânbou en natuer lykop geane. Dêrom hawwe wy in eigen oanpak ûntwikkele: Us PLG. Dat is in belangrike stap en ik bin der enoarm grutsk op! Dy oanpak helpt boeren om harren ideeën út te wurkjen. Sa sette wy stap foar stap ferbetteringen yn gong en leare wy ûnderweis wat wurket.

Fytse troch it feangreidegebiet: boaiemdelgong en fundearringen

Under it fytsen sjoch ik yn it suden fan ús gemeente de gefolgen fan it sakjen fan ’e boaiem yn it feangreidegebiet. In sakjende boaiem kin fundearringen oantaaste. Dêrtroch fersakje huzen en ûntsteane skuorren yn ’e muorren. Dat is ferskriklik foar de bewenners fan dy huzen. Dêrom helpt it Fundearringsloket Fryslân harren mei advys oer fundearringsproblemen, subsydzjes en reparaasjes. Wolst dêr mear oer witte? Kom dan nei it sprekoere yn Súdwest-Fryslân op tongersdei 26 juny yn ’e Stedsherberch fan Drylts. Of gean nei Funderingsloket Fryslân.

Fytse nei de boer: kom 19 april sels sjen!

Wy toere troch nei ús boeren yn en om Boalsert. Boeren wurkje hurd oan duorsumens, sirkulariteit en fernijing. Dat kinst op sneon 19 april sels sjen ûnder de Toer de Boer. Dy deis giest net te toeren mei my, mar by de ferskate boerebedriuwen del. En dan kinst mei eigen eagen sjen hoe’t ús boeren dat dogge. Stap ek op ’e fyts en gean by boeren del om te ûntdekken hoe’t sy wurkje oan in Súdwest-Fryslân dat klear is foar de takomst. Ynkoarten lêst mear oer Toer de Boer op ús website en social media.

Koartom, der bart in soad yn ús lanlik gebiet. Mear as datst sjochst yn it rêstige lânskip. Wy moatte gearwurkje om ús lânbou, natuer, stêden en doarpen klear te meitsjen foar de takomst. Ik bin grutsk op ’e stappen dy’t wy al sette.

Wethâlder Henk de Boer

Nu de lente weer is begonnen vind ik het heerlijk om in het weekend met mijn vrienden te fietsen door het mooie buitengebied van onze gemeente. We rijden langs boerderijen en over slingerende dijken. Onderweg zie ik hoe mooi ons landschap is. Ook zie ik de uitdagingen in ons landschap. De toekomst van de landbouw, bodemdaling en waterbeheer. Hoe zorgen we ervoor dat mens en natuur hier goed samengaan, nu en in de toekomst?

Fietsen langs boerenbedrijven: werken aan de toekomst

Tegen de wind in trappen we langs weilanden met koeien, en meren met grote rietkragen. In de landelijke politiek is veel aandacht voor natuur en landbouw. De plannen daarvoor liggen op dit moment even stil. Dit geeft onze boeren veel onzekerheid. Toch willen we in Súdwest-Fryslân niet op de rem trappen. We willen onze boeren juist zicht geven op een hoopvolle toekomst waar landbouw en natuur samengaan. Daarom hebben we een eigen aanpak ontwikkeld: Us PLG. Dit is een belangrijke stap en ben ik enorm trots op! Deze aanpak helpt boeren om hun ideeën uit te werken. Zo zetten we stap voor stap verbeteringen in gang en leren we onderweg wat werkt.

Fietsen door het veenweidegebied: bodemdaling en funderingen

Tijdens het fietsen zie ik in het zuiden van onze gemeente de gevolgen van bodemdaling in het veenweidegebied. Een dalende bodem kan funderingen aantasten. Hierdoor verzakken huizen en ontstaan scheuren in de muren. Dit is verschrikkelijk voor de bewoners van die huizen. Daarom helpt het Funderingsloket Fryslân hun met advies over funderingsproblemen, subsidies en herstel. Wil je hier meer over weten? Kom dan naar het spreekuur in Súdwest-Fryslân op donderdag 26 juni in de Stadsherberg van IJlst. Of ga naar Funderingsloket Fryslân.

Fietsen naar de boer: kom 19 april zelf kijken!

We toeren door naar onze boeren in en om Bolsward. Boeren werken keihard aan duurzaamheid, circulariteit en vernieuwing. Dat kun je op zaterdag 19 april zelf zien tijdens de Toer de Boer. Die dag ga je niet op toer met mij, maar langs bij verschillende boerenbedrijven. En kun je met eigen ogen zien hoe onze boeren dat doen. Stap ook op de fiets en ga langs bij boeren om te ontdekken hoe zij werken aan een Súdwest-Fryslân dat klaar is voor de toekomst. Binnenkort lees je meer over Toer de Boer op onze website en sociale media.

Kortom, er gebeurt veel in ons landelijk gebied. Meer dan dat je ziet in het rustige landschap. We moeten samenwerken om onze landbouw, natuur, steden en dorpen klaar te maken voor de toekomst. Ik ben trots op de stappen die we al zetten!