De SWF-Simmer

Gepubliceerd op in Nieuws, College van B&W.

(Nederlandse vertaling onderaan de pagina)

Wy moasten efkes geduld hawwe, mar koenen foarige wike efkes priuwe oan simmerske temperatueren. Wie it in foarboade foar in moaie, lange simmer yn Súdwest-Fryslân? Ik hoopje op folle terrassen, gesellichheid, moaie eveneminten en ûntspanning. In tiid om mei-inoar te genietsjen.

In feilige simmer, ek. En dêr kinne wy mei-inoar foar soargje.

Swimme

We kontrolearje regelmjittich de kwaliteit fan in oantal offisjele swimlokaasjes yn ús gemeente. Dit dogge wy tusken 1 maaie en 1 oktober. Is it wetter net feilich? Dan sette wy dat op de ynformaasjebuorden.

Bist fan plan om yn natuerwetter te springen? Sjoch dan ris op de swimwetterkaart foar advys. Kinst ek belje mei de swimwettertelefoan: 058-2925650.

Hjitte

As it in oantal dagen mear as 30 graden is, kin eltsenien lêst krije fan de hjitte. It kostet enerzjy om it lichem ôf te kuoljen. Benammen as de waarmte langer duorret. Sjoch ris op de webside RIVM.nl en ûntdek hoe’t oerhjitting en útdrûging werkenst by dysels en oaren en hoe’st it foarkomme kinst.

Burgemeester Jannewietske de Vries

Ynbraak

In de simmermoannen binne ynbrekkers ek wer op ‘en paad. Foarkom ynbraak ast op fakânsje bist:

  • Lit dyn omjouwing witte datst fuort bist, sadat sy in eachje yn it seil hâlde kinne. Freegje harren om de post fan de matte te heljen en planten wetter te jaan.
  • En lit se ek op de foar- en achterdoar lette. Ynbrekkers ferkenne faak earst de buert. Sy lizze de matte tsjin de doar of dogge in takje tusken de doar.
  • Troch mei-inoar op te letten, bliuwt de buert feilich. In buert-WhatsApp kin ek goed wurkje tsjin ynbraken.

Mear ynformaasje: politie.nl

Dus ofsto no giest foar in sportsimmer met it EK, de Tour de France, de Olympyske en Paralympyske Spelen, in wurksimmer, in fakânsje yn binnen- of bûtenlân, genietsje yn SWF, of fan alles in bytsje, pas goed op dysels en op inoar. Ik winskje eltsenien in moaie en feilige simmer.

Nederlandse vertaling

Lees hieronder de Nederlandse vertaling van de column.

We hebben even geduld moeten hebben, maar we konden vorige week even proeven aan zomerse temperaturen. Was het een voorbode was voor een mooie, lange zomer in Súdwest-Fryslân? Ik hoop op volle terrassen, gezelligheid, mooie evenementen en ontspanning. Een tijd om samen te genieten.

Een veilige zomer, ook. En daar kunnen we met z’n allen voor zorgen.

Zwemmen

We controleren regelmatig de kwaliteit van een aantal officiële zwemlocaties in onze gemeente. Dit doen we tussen 1 mei en 1 oktober. Is het water ergens niet veilig? Dan zetten we dat op de informatieborden.

Ben je van plan om in natuurwater te gaan zwemmen? Bekijk dan de zwemwaterkaart voor het zwemadvies. Je kunt ook bellen met de zwemwatertelefoon via 058-2925650.

Hitte

Als het enkele dagen meer dan 30 graden is, kan iedereen last krijgen van de hitte. Het kost energie om je lichaam te koelen. Vooral als de hitte langer duurt. Kijk eens op RIVM.nl en ontdek hoe je oververhitting en uitdroging kunt herkennen bij jezelf en anderen en hoe je het voorkomt.

Inbraak

In de zomermaanden zijn inbrekers ook weer op pad. Voorkom inbraak tijdens je vakantie:

  • Laat je omgeving weten dat je weg bent, zodat ze een oogje in het zeil kunnen houden. Vraag ze om de post te verzamelen en planten water te geven.
  • En laat ze ook om op de voor- en achterdeur te letten. Inbrekers verkennen vaak eerst de buurt. Ze leggen de buitenmat tegen de deur of doen een takje tussen te deur.
  • Door samen op te letten, blijft de buurt veilig. Een buurt-WhatsApp werkt ook goed tegen inbraken.

Meer informatie: politie.nl

Dus of je nu gaat voor een sportzomer met het EK, de Tour de France, de Olympische Spelen en Paralympische Spelen, een werkzomer, een vakantie in binnen- of buitenland, genieten in SWF, of van alles een beetje, pas goed op jezelf en op elkaar. Ik wens iedereen een hele fijne en veilige zomer.