Nei sinneskyn kaam einlings rein

Column wethouder Henk de Boer

Gepubliceerd op in College van B&W.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

De hjerst is oanbrutsen en de slimste drûchte liket foarby. Mar foar myn eagen sjoch ik noch de bylden fan ’e grutte rivieren yn Europa dy’t drûch stiene. En de boskbrannen yn Spanje en Frankryk. Wy binne der yn Súdwest-Fryslân noch goed fan ôfkommen. Súdwest-Fryslân… wettergemeente by útstek. Apart hoe’t sels wy rekken hâlde moasten mei de drûchte. En dan haw ik it noch net iens oer de hjitte.

Wy hawwe in wettersipres yn ’e tún. In grutte beam, dêr’t ik fan ’t simmer tankber gebrûk fan makke haw. Yn elke tún soe in beam stean moatte, want ûnder in beam is it samar 5 graden koeler. Dêr hat it projekt “Bosk” yn Ljouwert ek op in ludike wize oandacht foar frege.

Grien is belangryk, oft it no om grut of lyts grien giet. Dêrom bin ik sa bliid dat ús geveltune-aksje al mear as 400 geveltunen opsmiten hat. Mar fansels kin it altyd better: op nei de 500! En op nei grienere tunen. Want dêr meie wy yn Súdwest-Fryslân noch wol in slach yn meitsje.

Satellytbylden fan ús gemeente litte sjen dat 53% fan ’e tunen ferstienne is. Wy moatte eins ta nei 30% tegels en 70% grien yn ’e tún. Mar dat ferget wol wat fan ús. En net elkenien sit derop te wachtsjen en net elkenien hat griene fingers. Of jild om in tún oan te lizzen. Mar je kinne altyd wát dwaan, begjin lyts. Sa kamen wy ek op ’e fotowedstriid “Elk stukje groen telt”. In oantal ynwenners hawwe prachtige foto’s ynstjoerd fan hoe’t in stikje grien harren leefomjouwing moaier en nofliker makket.

Grien is belangryk, oft it no om grut of lyts grien giet.

Wehouder Henk de Boer legt geveltuin aan
Oanlis 400ste geveltún Súdwest-Fryslân, yn july 2022.

“You must be the change you want to see in the world,” sei Gandhi ea. As ik jimme oprop om jimme tún griener te meitsjen, kinne wy as gemeente net efterbliuwe. Lokkich dogge wy al in soad. In foarbyld: wy helje safolle mooglik oerstallige ferhurding fuort, bygelyks as der oan beide kanten fan in rêstige dyk in stoepe sit. Wat knapt in strjitte dêr fan op!

Mar hoe hâlde je grien grién yn tiden fan ekstreme drûchte? Elkenien hie wol mei dy útdaging te meitsjen de ôfrûne moannen. Wy moasten hieltyd suniger omgean mei it wetter. Hoelang geane je dan noch troch mei it wetterjaan fan je planten?

Guon planten sille it troch de tiid hinne hjir net rêde, wylst oaren it just hiel goed dogge yn tiden fan drûchte. Ast griisblêdige en feteftige planten kiest, dan sitst altyd goed. Sedemsoarten, kattekrûd, lavindel, brânkrûd, oliifwylch, siergerzen, neam mar op. De griene dakken yn ús gemeente – en dat wurde der hieltyd mear – besteane dêrom ek út fetplantsjes.

Mar genôch oer de drûchte. Wy hawwe no earst wer rein de kommende tiid. As je in bui op ’e holle krije, binne je dêr miskien minder wiis mei. Mar tink dan noch oan dy hjitte en drûge simmer, doe’t wy fan elk lyts buike bliid waarden. Nei sinneskyn kaam einlings rein.

De herfst is aangebroken en de ergste droogte lijkt voorbij. Maar voor mijn ogen zie ik nog de beelden van de grote rivieren in Europa die droog stonden. En de bosbranden in Spanje en Frankrijk. Wij zijn er in Súdwest-Fryslân nog goed van afgekomen. Súdwest-Fryslân… watergemeente bij uitstek. Apart hoe zelfs wij rekening moesten houden met de droogte. En dan heb ik het nog niet eens over de hitte.

We hebben een watercipres in de tuin. Een grote boom, waar ik afgelopen zomer dankbaar gebruik van heb gemaakt. In elke tuin zou een boom moeten staan, want onder een boom is het zomaar 5 graden koeler. Hier heeft het project “Bosk” in Leeuwarden ook op een ludieke manier aandacht voor gevraagd.

Groen is belangrijk, of het nu om groot of klein groen gaat. Daarom ben ik blij dat onze geveltuinenactie al meer dan 400 geveltuinen heeft opgeleverd. Maar natuurlijk kan het altijd beter: op naar de 500! En op naar groenere tuinen. Want daar mogen we in Súdwest-Fryslân nog wel een slag in maken.

Satellietbeelden van onze gemeente laten zien dat 53% van de tuinen versteend is. We moeten eigenlijk naar 30% tegels en 70% groen in de tuin. Maar dat vergt wel wat van ons. En niet iedereen zit erop te wachten en niet iedereen heeft groene vingers. Of geld om een tuin aan te leggen. Maar je kunt altijd iéts doen, begin klein. Zo kwamen wij ook op de fotowedstrijd “Elk stukje groen telt”. Een aantal inwoners hebben prachtige foto’s ingestuurd van hoe een stukje groen hun leefomgeving mooier en fijner maakt.

Groen is belangrijk, of het nu om groot of klein groen gaat.

Wehouder Henk de Boer legt geveltuin aan
Aanleg 400ste geveltuin Súdwest-Fryslân, in juli 2022.

“You must be the change you want to see in the world,” zei Gandhi ooit. Als ik jullie oproep om je tuin groener te maken, kunnen wij als gemeente niet achterblijven. Gelukkig doen we al veel. Een voorbeeld: we halen zoveel mogelijk overbodige verharding weg, bijvoorbeeld als er aan beide kanten van een rustige weg een stoep zit. Wat knapt een straat daarvan op!

Maar hoe hou je groen groén in tijden van extreme droogte? Iedereen had wel met deze uitdaging te maken de afgelopen maanden. We moesten steeds zuiniger met water omgaan. Hoelang ga je dan nog door met water geven aan je planten?

Sommige planten zullen het door de tijd heen niet redden, terwijl andere het juist heel goed doen in tijden van droogte. Als je grijsbladige of vetachtige planten kiest, dan zit je altijd goed. Sedemsoorten, kattenkruid, lavendel, brandkruid, olijfwilg, siergrassen, noem maar op. De groene daken in onze gemeente – het worden er steeds meer – bestaan daarom ook uit vetplantjes.

Maar genoeg over de droogte. We hebben nu eerst weer regen de komende tijd. Als je een bui op je hoofd krijgt, ben je hier misschien minder blij mee. Maar denk dan nog eens aan die hete en droge zomer, toen we van elk klein buitje blij werden. Na zonneschijn kwam eindelijk regen.