Column wethouder Bauke Dam
Gepubliceerd op in Nieuws, College van B&W.
In klapstoel yn in waarme skoalseal. In holle fol ferskes, toanielteksten en grutske blikken. Ofrûne wike siet ik as heit by de einmusical fan ús soan. Groep 8 nimt ôfskie. In haadstik wurdt ôfsletten. Foar him in nije stap rjochting it fuortset ûnderwiis, foar ús as âlders in momint fan besef: wat is der in soad bard.
Mei-inoar
Wat my foaral rekke? It mei-inoar wêzen. De bern dy't mei-inoar wat moais delsetten. Alders dy't op it skoalplein noch efkes neiprate. Learkrêften dy't elk bern by namme kenne. It wie fleurich, in tikje gaoatysk en hartstikke weardefol. Want dêr, yn dy dielde mominten, fiele je wat mienskip betsjut: ferbûnens, belutsenens, inoar sjen.
En dat sjoch ik ek bûten de skoalmuorren no't de simmer begjint yn Súdwest-Fryslân. De skoalpleinen binne aanst efkes stil, mar de rest fan ús gemeente brûzet. Op it wetter. Yn ’e sintra en wiken fan ús 89 kearnen. Yn doarpshuzen, op sportfjilden en gewoan op ’e dyk. Oeral komme minsken gear: om te genietsjen, te ûntspannen, wat te fieren of gewoan efkes by te praten.
Libben yn ‘e brouwerij
Yn myn wurk en privee sjoch ik alle dagen hoe belangryk dy moetingen binne. Se soargje foar kontakt, ideeën en gearwurking. Mar foaral: se soargje foar libben yn 'e brouwerij. En dat hawwe wy te tankjen oan ’e minsken dy't har dêrfoar ynsette. Frijwilligers, ûndernimmers, ferieningen en ynwenners dy't harren buert of doarp krékt wat moaier meitsje wolle. Sy soargje derfoar dat it bart. En wy, as gemeente, stypje dat graach.
Simmer yn Súdwest
In moai foarbyld? Simmer yn Súdwest – in simmer fol fergeze aktiviteiten: sport, kultuer, wetterspultsjes, bûtenfilms, buertcampings en kreative workshops. Foar jong en âld, tichtby hûs. Aktiviteiten dêr’t je inoar écht moetsje.
Ik besykje op safolle mooglik fan dy plakken oanwêzich te wêzen. Om wurdearring út te sprekken, te harkjen, oan te moedigjen. Want krekt yn dy ynformele petearen hear ik faak wat der spilet. Wêr’t minsken tsjinoan rinne, mar ek wêr’t se grutsk op binne.
Moetsje inoar!
Oftst no meidochst oan Simmer yn Súdwest, helpst by it organisearjen fan in strjitfeest, of gewoan efkes stilstiest foar in praatsje mei in buorman of buorfrou: do draachst by oan ’e krêft fan ús mienskip.
Ik winskje dy in simmer fol moetingen, ûntspanning en ferbûnens. En teminsten ien momint datst tinkst: wat is it dochs moai, mei-inoar.
Bauke Dam

Van schooltoneel naar waterspel: ontmoet elkaar deze zomer!
Een klapstoel in een warme schoolzaal. Een hoofd vol liedjes, toneelteksten en trotse blikken. Afgelopen week zat ik als vader bij de eindmusical van mijn zoon. Groep 8 neemt afscheid. Een hoofdstuk wordt afgesloten. Voor hem een nieuwe stap richting het voortgezet onderwijs, voor ons als ouders een moment van besef: wat is er veel gebeurd.
Samen
Wat me vooral raakte? Het samenzijn. De kinderen die samen iets neerzetten. Ouders die op het schoolplein blijven napraten. Leerkrachten die ieder kind bij naam kennen. Het was vrolijk, een tikje chaotisch en hartstikke waardevol. Want dáár, in die gedeelde momenten, voel je wat mienskip betekent: verbondenheid, betrokkenheid, elkaar zien.
En dat zie ik ook buiten de schoolmuren nu de zomer begint in Súdwest-Fryslân. De schoolpleinen zijn straks even stil, maar de rest van onze gemeente bruist. Op het water. In de centra en wijken van onze 89 kernen. In dorpshuizen, op sportvelden en gewoon op straat. Overal komen mensen samen: om te genieten, te ontspannen, iets te vieren of gewoon even bij te praten.
Leven in de brouwerij
In mijn werk en privé zie ik dagelijks hoe belangrijk die ontmoetingen zijn. Ze zorgen voor contact, ideeën en samenwerking. Maar bovenal: ze zorgen voor leven in de brouwerij. En dat hebben we te danken aan de mensen die zich daarvoor inzetten. Vrijwilligers, ondernemers, verenigingen en inwoners die hun buurt of dorp nét even mooier willen maken. Zij zorgen dat het gebeurt. En wij, als gemeente, ondersteunen dat graag.
Simmer yn Súdwest
Een mooi voorbeeld? Simmer yn Súdwest – een zomer vol gratis activiteiten: sport, cultuur, waterspel, buitenfilms, buurtcampings en creatieve workshops. Voor jong en oud, dichtbij huis. Activiteiten waarbij je elkaar écht ontmoet.
Ik probeer op zoveel mogelijk van die plekken aanwezig te zijn. Om waardering uit te spreken, te luisteren, aan te moedigen. Want juist in die informele gesprekken hoor ik vaak wat er speelt. Waar mensen tegenaan lopen, maar ook waar ze trots op zijn.
Ontmoet elkaar!
Of je nu meedoet aan Simmer yn Súdwest, helpt bij het organiseren van een straatfeest, of gewoon even stilstaat voor een praatje met een buur: jij draagt bij aan de kracht van onze mienskip.
Ik wens je een zomer vol ontmoeting, ontspanning en verbondenheid. En minstens één moment waarop je denkt: wat is het toch mooi, samen.
Bauke Dam