Meitsyndustry yn Súdwest-Fryslân ynternasjonaal ta keunst ferheft

Gepubliceerd op in College van B&W.

Column wethouder Bauke Dam

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

De maritime sektor, "agrofood", toerisme en rekreaasje én de meitsyndustry, it binne ús pearelsektors. Sûnder oare bedriuwen tekoart te dwaan, binne dat wol de sektoaren dêr't wy al jier en dei goed yn binne - yn útblinke, mei ik wol sizze.

Ofrûne wike waard my dat mar wer ris dúdlik. Mei de Japanske delegaasje út Kurobe besocht ik ferskate befleine ûndernimmers. Boargemaster Takekuma wie ûnder de yndruk, mar dêr wêr't je oan besikers sjen litte wat je dien hawwe, geane faak ek je eigen eagen iepen foar dingen dy't je earder nea opfallen binne. Wat bin ik grutsk op it ûndernimmerskip yn 'e gemeente!

Súdwest-Fryslânsk ambacht yn besit fan 'e Japanske keizerlike famylje

Grutsk op in bedriuw as Royal Tichelaar, it âldste keramykbedriuw yn Nederlân. Oprjochte yn 1572 yn Makkum, en nettsjinsteande de ekonomyske en technologyske ûntwikkelingen stiet it ambacht noch altyd foarop.

Sa is it ek by it bedriuw Roosje Hindeloopen, spesjalisearre yn 'e tradisjonele âlde Hylper keunst. Stik foar stik hânmakke en beskildere meubels, dy't wrâldwiid bekendheid genietsje. In detail dat it neamen wurdich is: de Japanske keizerlike famylje hat in oantal fan dy beskildere meubels yn besit.

Japanse keizerlijke familie

Fokus op kwaliteit en duorsumens

Beide bedriuwen hawwe in sterke identiteit en hâlde dêroan fêst. Se hawwe har ambacht ta wiere keunst ferheft. Boargemaster Takekuma wie ûnder de yndruk fan hoe't bedriuwen yn Súdwest-Fryslân dwaande binne mei duorsumens. De fokus op it leverjen fan 'e bêste kwaliteit en it maatskiplik ferantwurde ûndernimmen, dêr rinne wy echt op foar. Under de besite oan Feadship yn Makkum en Movacolor yn Snits kaam dat mei klam nei foaren.

Wêr'tst oan besikers sjen litst watst hast, geane dyn eigen eagen faak ek iepen foar dingen dy't earder nea opfallen binne."

Kultuer as basis om leechrin foar te kommen

Neist de hege kwaliteit ferwûndere de Japanske boargemaster him ek oer de kulturele aktiviteit yn Súdwest-Fryslân. Neist de besiken oan 'e ferskate bedriuwen stiene yn dy pear dagen in oantal kulturele aktiviteiten op it programma. Ja, it wie in fol programma foar ús besikers, mar se seagen dêr ek fol ferwûndering om har hinne.

Ien fan 'e grutste útdagingen foar boargemaster Takekuma is it bestriden fan 'e leechrin yn Kurobe en de oanlûkingskrêft fan 'e arbeidsmerk wer op gong te helpen. In sterke, eigen kultuer dêr't je as gemeente en ynwenners grutsk op binne, is ien fan 'e fasetten dy't neffens him helpe om de arbeidsmerk wer op gong te krijen. Hoe't wy dat hjir yn Súdwest-Fryslân foarinoar krigen hawwe, dêr meie wy grutsk op wêze. En dat bin ik ek: Grusk mei in grutte G.

In rits dy't twa wrâlden byinoar brocht

Ien fan 'e oare hichtepunten wie de besite oan YKK. In op it each ûnopfallend gebou op ien fan 'e yndustryterreinen, mar mei in histoarje en impact dêr't ik pikefel fan krij.

YKK fêstige him yn 1964 as earste Japanske bedriuw yn Snits. It wie ek de earste fêstiging fan it bedriuw op it Europeeske kontinint. De fabrikant fan ûnder oaren ritsen, knopen en gaspen stie dêr fuort mei oan 'e basis fan 'e ferbining tusken Snits en Kurobe, it berteplak fan it bedriuw. De oanwêzige ambassadeur fan Japan fertelde it hiel treffend: in rits bringt twa dielen byinoar. YKK hat mei har produkt letterlik twa wrâlden byinoar brocht. In prachtige metafoar fyn ik dat. It is dan ek de reden dat ik hjir mear as fyftich jier letter mei de boargemaster en de "city councel chairman" fan 'e Japanske stêd stean te praten. It kin ferkeare.

“De fokus op it leverjen fan 'e bêste kwaliteit en it maatskiplik ferantwurde ûndernimmen, dêr rinne wy echt op foar.”

Passy, ambacht en fyzje

YKK, Royal Tichelaar en Roosje Hindeloopen, Movacolar, Ventura Systems en Feadship, it binne foarbylden fan it sterke ambacht en ûndernimmerskip yn Súdwest-Fryslân. Stik foar stik bedriuwen dy't in ferskil meitsje en koprinner binen yn harren eigen brâns. Sa learde ik dat Ventura Systems yn Japan de merk oan it bestoarmjen is.

Wy hawwe in prachtige en ûndernimmende gemeente. Dat docht wol bliken út 'e mear as 5.000 bedriuwen dy't de gemeente ryk is, wêrûnder de mear as 2.000 zzp'ers. Undernimmers dy't harren passy, ambachtlike talinten en fyzje omset hawwe yn in saak.

Mei-inoar wurkje oan Undernimmend Súdwest-Fryslân

Ik haw dêr safolle bewûndering en respekt foar. Ik sjoch der dan ek nei út om de kommende tiid wer ferskate ûndernimmers te moetsjen, harren ynspirearjende ferhalen te hearren en mei-inoar te sjen hoe't wy mei-inoar in noch geunstiger fêstigingsklimaat yn Súdwest-Fryslân meitsje kinne. Mei-inoar hawwe wy ynfloed, yn ús direkte omjouwing, mar ek dêrbûten. Dat is my fan 'e wike wol dúdlik wurden.

Bisto of kensto in ûndernimmer dêr't ik absolút mei yn petear gean moat, omreden fan in bysûnder ferhaal, baanbrekkende ideeën foar de gemeente of om in oare reden? Lit it my of ien fan 'e accountmanagers witte.

De maritieme sector, agrofood, toerisme en recreatie én de maakindustrie, het zijn onze parelsectoren. Zonder andere bedrijven te kort te doen, zijn dit wel de sectoren waar wij al jaar en dag goed in zijn – in uitblinken mag ik wel zeggen.

Afgelopen week werd me dat maar weer eens duidelijk. Samen met de Japanse delegatie uit Kurobe bezocht ik diverse bevlogen ondernemers. Burgemeester Takekuma was onder de indruk, maar daar waar je aan bezoekers laat zien wat je hebt, gaan vaak ook je eigen ogen open voor dingen die je eerder nooit zijn opgevallen. Wat ben ik grutsk op het ondernemerschap in de gemeente!

Súdwest-Friese ambacht in bezit van de Japanse keizerlijke familie

Grutsk op een bedrijf als Royal Tichelaar, het oudste keramiekbedrijf in Nederland. Opgericht in 1572 in Makkum, en ondanks de economische en technologische ontwikkelingen staat het ambacht nog altijd voorop.

Zo is het ook bij het bedrijf Roosje Hindeloopen, gespecialiseerd in de traditionele oude Hindelooper kunst. Stuk voor stuk handgemaakte en beschilderde meubelen die wereldwijd bekendheid genieten. Noemenswaardig detail: De Japanse keizerlijke familie heeft een aantal van deze beschilderde meubels in bezit.

Japanse keizerlijke familie

Focus op kwaliteit en duurzaamheid

Beide bedrijven hebben een sterke identiteit en houden hieraan vast. Ze hebben hun ambacht tot ware kunst verheven. Burgemeester Takekuma was onder de indruk van hoe bedrijven in Súdwest-Fryslân bezig zijn met duurzaamheid. De focus op het leveren van de beste kwaliteit en het maatschappelijk verantwoord ondernemen, daar lopen we echt op voor. Tijdens het bezoek aan Feadship in Makkum en Movacolor in Sneek kwam dit nadrukkelijk naar voren.

“Waar je aan bezoekers laat zien wat je hebt, gaan vaak ook je eigen ogen open voor dingen die je eerder nooit zijn opgevallen”

Cultuur als basis om leegloop te voorkomen

Naast de hoge kwaliteit, verwonderde de Japanse burgemeester zich ook over de culturele activiteit in Súdwest-Fryslân. Naast de bezoeken aan de verschillende bedrijven, stonden in die paar dagen ook een aantal culturele activiteiten op het programma. Ja, het was een vol programma voor onze bezoekers, maar ook hierbij keek men vol verwondering rond.

Eén van de grote uitdagingen voor burgemeester Takekuma is de leegloop in Kurobe te bestrijden en de aantrekkingskracht van de arbeidsmarkt weer op gang te helpen. Een sterke, eigen cultuur waar je als gemeente en inwoners trots op bent, is één van die facetten die volgens hem helpen om de arbeidsmarkt weer in gang te trekken. Hoe wij dat hier in Súdwest-Fryslân voor mekaar hebben, daar mogen we trots op zijn. En dat ben ik ook, Grutsk, met een grote G. 

Een rits die twee werelden bij elkaar bracht

Eén van de andere hoogtepunten was het bezoek aan YKK. Een op het oog onopvallend gebouw op één van de industrieterreinen, maar met een historie en impact waar ik kippenvel van krijg.

YKK vestigde zichzelf in 1964 als eerste Japanse bedrijf in Sneek. Het was ook de eerste vestiging van het bedrijf op het Europese continent. De fabrikant van onder andere ritsen, knopen en gespen stond daarmee tevens  aan de basis van de connectie tussen Sneek en Kurobe, de geboorteplaats van het bedrijf. De aanwezige ambassadeur van Japan vertelde het heel treffend: Een rits brengt twee delen bij elkaar. YKK heeft met haar product letterlijk twee werelden bij elkaar gebracht. Een prachtige metafoor vind ik dat. Het is ook de reden dat ik hier meer dan 50 jaar later met de burgemeester & de city councel chairman van de Japanse stad sta te praten. Het kan verkeren.

“De focus op het leveren van de beste kwaliteit en het maatschappelijk verantwoord ondernemen, daar lopen we echt op voor.”

Passie, ambacht en visie

YKK, Royal Tichelaar en Roosje Hindeloopen, Movacolar, Ventura Systems en Feadship, het zijn voorbeelden van het sterke ambacht en ondernemerschap in Súdwest-Fryslân. Stuk voor stuk bedrijven die een verschil maken en koploper zijn in hun eigen branche. Zo leerde ik dat Ventura Systems in Japan de markt aan het bestormen is.

We hebben een prachtige en ondernemende gemeente. Dat blijkt wel uit de meer dan 5.000 bedrijven die de gemeente rijk is, waaronder de meer dan 2.000 zzp’ers. Ondernemers die hun passie, ambachtelijke talenten en visie hebben omgezet in een business.

Samen werken aan Ondernemend Súdwest-Fryslân

Ik heb daar zoveel bewondering en respect voor. Ik kijk er dan ook naar uit om komende tijd weer verschillende ondernemers te ontmoeten, hun inspirerende verhalen te horen en samen te kijken hoe we samen een nog gunstiger vestigingsklimaat in Súdwest-Fryslân kunnen creëren. Samen maken we impact, in onze directe omgeving, maar ook daarbuiten. Dat is mij deze week wel weer duidelijk geworden.

Ben jij of ken jij een ondernemer waar ik absoluut mee in gesprek moet gaan, vanwege een bijzonder verhaal, baanbrekende ideeën voor de gemeente of om een andere reden? Laat het mij of een van de accountmanagers weten.