Wat beweecht dy?

Gepubliceerd op in College van B&W.

Column wethouder Bauke Dam

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Drok, drok, drok. Nei trije jier fan koroana bewege we wer omraak. We binne wer op skoalle, op it wurk, we sporte, dogge wer frijwilligerswurk en moetsje inoar wer. Us aginda’s binne wer grôtfol. Ek mines. En wat ferdwynt dan it earste? It sporten en it bewegen.

Kom yn beweging

En dat wylst wy witte dat bewegen just tige wichtich is. As we bewege sliepe we better, kinne we ús better konsintrearje en fiele we ús nofliker. En dat docht ús sûnens goed. Rint de holle dy oer of kinst dy net fokusje? In eintsje te kuierjen en do kinst der wer tsjinoan. Of doch lykas ik, en slút dy oan by in sportferiening. 

Lekker bûtendoar sporte

It moaie waar komt wer oan. Dan haw ik der ek mear sin oan om te bewegen. Want ik slach myn baltsje op ′e tennisbaan ek leaver yn ′e sinne as mei in bui op ′e kop. As gemeente wolle wy ek graach ynvestearje yn it sporten bûtendoar en yn lokaasjes om dat te dwaan. Wy fine it wichtich datsto yn dyn eigen wyk of doarp bûtendoar bewege kinst. Foar de ien is dat in pittige bootcamp yn it doarp, foar de oar is dat in oerke op de tennisbaan yn Boalsert. Hast in goed plan om ynwenners mear bewege te litten, wolst graach in pannakooi, in net om te foljebaljen of hast oare ideeën foar dyn wyk of doarp? Lit it ús witte op bior@sudwestfryslan.nl. Wy sjogge graach mei dy nei de mooglikheden. Want elkenien moat yn eigen wyk bûtendoar bewege kinne. 

It belang fan foarsjennings en akkommodaasjes

Lêstendeis hie ik besite fan Michael van Praag, foarsitter fan de Nederlandse Sportraad. Hy wie der wiis mei dat ús gemeente foarop rinne wol om it sporten foar elkenien mooglik te meitsjen. Ek foar minsken mei in beheining. Dêrom hawwe we dêr ekstra jild beskikber foar steld. We praten oer it belang fan akkommodaasjes en foarsjennings foar sport yn ús gemeente. Lykas dyn tennisbaan, fuotbalfjild of it doarpshûs. Dizze foarsjennings binne wichtich om hjir noflik wenje te kinnen. Om dizze foarsjenningen te hâlden moatte we ús as gemeente en mienskip hieltyd mear ynspanne.

As Amsterdammer wie hy ek ûnder de yndruk fan hoe grut ús gemeente is. Hy seach ek ús wrakseljen  om alle foarsjennings iepen te hâlden, om ús ynwenners yn harren eigen omjouwing sporte litte te kinnen. It ferskil yn foarsjennings yn de stêd en op it plattelân is grut. Dêr wol hy by it ministearje fan VWS omtinken foar freegje.

Us sportferienings

Ik wit dat sportferienings it tige dreech hawwe. Ferienings binne leden kwytrekke yn de perioade fan koroana, der binne te min frijwilligers en de enerzjyrekken is te heech. Om dizze ferienings te helpen, ha wy in kompensaasje foar de kosten fan enerzjy foar ferienings en maatskiplike organisaasjes. Ek organisearren ús meiwurkers dy’t de ferienings stypje de gearkomste ‘Meer vrijwilligers door creatief denken’. Ik fyn it wichtich om safolle mooglik ferienings te stypjen. Want sy ferbine én meitsje ús mienskip.

We hawwe safolle moaie sportferienings dy’t minsken bewege litte. En minsken dy’t ús ferieningslibben yn beweging hâlde. No freegje ik my ôf: wat beweecht dy?

Druk, druk, druk. Na drie jaar corona zijn we weer volop met elkaar in beweging. We gaan weer naar school, werk, sport, vrijwilligerswerk en spreken met elkaar af. Ieders agenda staat weer propvol. Ook die van mij. En wat sla ik dan te vaak over? Het sporten en bewegen.

Kom in beweging

En dat terwijl we weten dat bewegen juist enorm belangrijk is. Als we bewegen kun je beter slapen, je beter concentreren en zit je lekkerder in je vel. Dit draagt allemaal bij aan je eigen gezondheid. Zit je hoofd vol of kan je je niet concentreren? Een stukje wandelen doet wonderen. Of ga net als ik sporten bij een vereniging.

Lekker naar buiten

Het mooie weer komt er ook weer aan. Dat motiveert mij om te bewegen. Want ik sla ook liever een balletje op de tennisbaan in de zon dan in de regen. Als gemeente willen wij ook graag investeren in buitensport en -beweeglocaties. Wij vinden het belangrijk dat je in je eigen wijk of dorp buiten kunt bewegen. Voor de één is dat een pittige bootcamp door het dorp, voor mij is dat een uurtje op de tennisbaan in Bolsward. Heb je een goed idee om inwoners meer in beweging te krijgen, wil je graag een pannakooi, een volleybalnet of heb je andere ideeën voor jouw wijk of dorp?  Laat het ons weten via bior@sudwestfryslan.nl. We kijken graag samen met jou naar de mogelijkheden. Want iedereen moet in eigen wijk buiten kunnen bewegen.

Belang van sportaccommodaties

Onlangs had ik Michael van Praag op visite, de voorzitter van de NL Sportraad. Hij was onder de indruk dat wij als gemeente voorop willen lopen om sporten mogelijk te maken voor iedereen. Ook voor mensen met een beperking. Daarom hebben we hier extra budget voor vrijgemaakt.  We hadden het over het belang van sportaccommodaties en -voorzieningen in onze gemeente. Zoals je voetbalveld, speeltuin of kaatsveld. Deze voorzieningen zijn belangrijk om hier fijn te kunnen wonen. Om die voorzieningen overeind te houden moeten we ons als gemeente en mienskip steeds meer inspannen.

Als Amsterdammer was hij ook onder de indruk van de grootte van onze gemeente. Hij zag ook onze grote opgave om de voorzieningen in de lucht te houden. Zodat we allemaal nog wel in onze eigen omgeving kunnen sporten. Daar wil hij zich in zijn adviserende rol richting het ministerie van VWS voor hard maken. Belangrijk voor de veelbesproken kloof tussen stad en platteland.

Onze sportverenigingen

Ik weet dat sportverenigingen het erg moeilijk hebben. Verenigingen zijn leden verloren tijdens de coronaperiode, hebben een enorm vrijwilligerstekort of een te hoge energierekening. Om onze verenigingen te helpen, hebben we een energiecompensatie voor verenigingen en maatschappelijke organisaties. Ook organiseerden onze clubondersteuners de bijeenkomst ‘Meer vrijwilligers door creatief denken.’ Ik vind het belangrijk om zoveel mogelijk verenigingen te ondersteunen. Want zij verbinden én maken onze mienskip.

We hebben zoveel mooie sportverenigingen die mensen laten bewegen. En mensen die ons verenigingsleven in beweging houden. Nu denk ik, wat beweegt jou?