Column burgemeester

Gepubliceerd op

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

It giet hurd yn Súdwest-Fryslân

Nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 16 maart is it formaasjeproses yn Súdwest-Fryslân fan start gien. Moandei 11 april brocht ynformateur frou Hetty Janssen ferslach út oer har befiningen oan de gemeenteried. Dit betsjut dat no bekend is hokker partijen gearwurkje wolle yn in nij kolleezje. De PvdA as grutste partij, en dêroan taheakke it winnende FNP en it CDA.

PvdA Súdwest-Fryslân frege frou Hetty Janssen om it ynformaasjeproses te starten. Dat hat se mei faasje oppakt. Sy fierde mei alle alve de partijen ferkennende petearen om ynsjoch te krijen wat de politike koers foar de kommende jierren wurde moat. Dêrneist wie it har taak om te beoardieljen hokker mooglikheden der, op basis fan de ferkiezingsútslach, binne foar in nij gearwurkingsferbân (koälysje ).

Op basis fan dizze petearen advisearret sy dat de PvdA, as grutste partij yn Súdwest-Fryslân, tegearre mei it winnende FNP en it CDA in kolleezje foarmje moat. Ek riedt frou Janssen oan om fiif wethâlders te beneamen. Twa foar de PvdA, twa foar it CDA en ien foar de FNP. De foarstelde koälysje kin rekkenje op 21 fan de 37 sitten (acht PvdA, sân CDA en seis FNP).

Wat mear as de helte (55%) fan de stimgerjochtigen yn Súdwest-Fryslân makke gebrûk fan syn of har stimrjocht. Dat is justjes heger as it lanlike byld (50%). It betsjut ek dat der in soad ynwenners binne dy ’t net stimd hawwe. It is wichtich dat ynwenners belutsen wurde by de gemeentlike polityk. De ynformateur advisearre alle partijen om ‘fan moarn ôf’ te wurkjen oan it fertrouwen fan de ynwenners yn de gemeentlike oerheid en de polityk.

Yn it koälysje-akkoart stiet wat de partijen de kommende fjouwer jier dwaan sille. Hartstikke belangryk, want dat giet oer ús eigen leefomjouwing en ús wolwêzen. Dan wurde de wichtige ûnderwerpen (portefúljes) mei-inoar ferdield en wurde de nammen fan de nije wethâlders bekend makke. Wy hoopje dat it nije kolleezje foar de simmer starte kin. Dat soe moai wêze, want der is in soad wichtich wurk te dwaan yn ús moaie gemeente.

Wat ek fluch giet yn Súdwest-Fryslân is it optúgjen fan nije needopfanglokaasjes foar flechtlingen. De ôfrûne tiid kamen der dosearre flechtlingen oan. It is de ferwachting dat it fan takom moanne ôf flugger giet. Hjir moatte we klear foar wêze.

It Amicitiahotel yn Snits wurdt op it stuit as twadde gemeentlike opfanglokaasje klearmakke foar de ûntfangst fan maksimaal 100 Oekraynske flechtlingen. Wy regelje hjir bêd, bad en bôle. Dêrneist binne wy as gemeente ferantwurdlik foar bygelyks registraasje, betelling fan leefjild, ûnderwiis en soarch. Foar de ynrjochting en yn it yn bedriuw hâlden fan gemeentlike lokaasjes wurkje wy fansels safolle mooglik gear mei lokale ûndernimmers.

Yn ûnder oare Hylpen en De Gaastmar organisearren ynwenners sels al opfang. Dit binne moaie foarbylden fan de krêft fan ús mienskip. Dêrneist melden har al mear as 100 ynwenners dy ’t thús in plakje oer hawwe foar dizze kwetsbere minsken.

In útdaagjende put. Mar dit kinne we. Yn Súdwest-Fryslân dogge wy dat gewoan, tegearre.
It giet hurd yn Súdwest-Fryslân.

Jannewietske de Vries, boargemaster

Na de gemeenteraadsverkiezingen van 16 maart is het formatieproces in Súdwest-Fryslân van start gegaan. Maandag 11 april bracht informateur mevrouw Hetty Janssen verslag uit over haar bevindingen aan de gemeenteraad.
Dit betekent dat nu bekend is welke partijen willen gaan samenwerken in een nieuw college. De PvdA als grootste partij, en daaraan toegevoegd de winnende FNP en het CDA.

PvdA Súdwest-Fryslân vroeg mevrouw Hetty Janssen om het informatieproces te starten. Dat heeft ze voortvarend opgepakt.
Zij voerde met alle elf de partijen verkennende gesprekken om inzicht te krijgen wat de politieke koers voor de komende jaren moet worden.
Daarnaast was het haar taak te beoordelen welke mogelijkheden er, op basis van de verkiezingsuitslag, zijn voor een nieuw samenwerkingsverband (coalitie ).
Op basis van deze gesprekken adviseert zij dat de PvdA, als grootste partij in Súdwest-Fryslân, samen met de winnende FNP en het CDA een college moet vormen.
Ook raadt Janssen aan om vijf wethouders te benoemen. Twee voor de PvdA, twee voor het CDA en een voor de FNP.
De voorgestelde coalitie kan rekenen op 21 van de 37 zetels (acht PvdA, zeven CDA en zes FNP ).

Iets meer dan de helft (55%) van de stemgerechtigden in Súdwest-Fryslân maakte gebruik van zijn of haar stemrecht. Dat is iets hoger dan het landelijke beeld (50% ).
Het betekent ook dat er veel inwoners zijn die niet hebben gestemd. Het is belangrijk dat inwoners betrokken worden bij de gemeentelijke politiek.
De informateur adviseerde alle partijen om ‘ vanaf morgen ’ te werken aan het vertrouwen van de inwoners in de gemeentelijke overheid en de politiek.

In het coalitieakkoord staat wat de partijen de komende vier jaar gaan doen. Hartstikke belangrijk, want dat gaat over onze eigen leefomgeving en ons welzijn.
Dan worden de belangrijke onderwerpen (portefeuilles) samen verdeeld en worden de namen van de nieuwe wethouders bekendgemaakt.
We hopen dat het nieuwe college voor de zomer kan starten. Dat zou mooi zijn, want er is veel belangrijk werk te doen in onze mooie gemeente.

Wat ook snel gaat in Súdwest-Fryslân is het optuigen van nieuwe noodopvanglocaties voor vluchtelingen. De afgelopen tijd kwamen er gedoceerd vluchtelingen aan.
Het is de verwachting dat het vanaf volgende maand sneller gaat. Hier moeten we klaar voor zijn.

Het Amicitahotel in Sneek wordt op dit moment als tweede gemeentelijke opvanglocatie klaargemaakt voor de ontvangst van maximaal 100 Oekraïense vluchtelingen.
Wij regelen hier bed, bad en brood. Daarnaast zijn we als gemeente verantwoordelijk voor bijvoorbeeld registratie, betaling van leefgeld, onderwijs en zorg.
Voor de inrichting en in bedrijf houden van de gemeentelijke locaties werken we vanzelfsprekend zoveel mogelijk samen met lokale ondernemers.

In onder andere Hindeloopen en Gaastmeer organiseerden inwoners zelf al opvang. Dit zijn mooie voorbeelden van de kracht van onze mienskip.
Daarnaast meldden zich al meer dan 100 inwoners die thuis een plekje over hebben voor deze kwetsbare mensen.

Een uitdagende klus. Maar dit kunnen we.
In Súdwest-Fryslân doen we dat gewoon, samen.
Het gaat hard in Súdwest-Fryslân.

Jannewietske de Vries, burgemeester