Kollum troch wethâlder Henk de Boer
Gepubliceerd op in Nieuws, College van B&W.
De Nederlandse versie van de column lees je onderaan deze pagina.
Sa fier fuort?!
Wisto dat wy de grutste gemeente fan Nederlân binne, ast sjochst nei it oantal fjouwerkante meters? Yn 2011 ûntstiene wy as fúzjegemeente. De eangst wie doe: hâlde wy as gemeente wol kontakt mei ús ynwenners? Witte de ynwenners ús noch wol te finen? Sa’n gemeentehûs dêr hielendal yn Snits, wylst je sels yn Koudum wenje?
Gemeente wat tichterby
Fansels binne der altyd dingen dy’t better kinne. Mar, der giet ek in soad goed. Want hieltyd mear ynwenners witte ús te finen. Mei ideeën, fragen en soargen. Dat komt mei troch ús SDW-koördinatoaren: steds-, doarps- en wykkoördinatoaren. Sy binne ús eagen en earen. Sy witte wat der libbet yn Koudum, Lollum of Raerd. Se sjogge kânsen en ferbine ynwenners mei-inoar en helje ús as gemeente tichterby.
Doarpsbelangen ferbine
Us SDW-koördinatoaren binne net de iennichsten dy’t ynwenners mei-inoar en mei ús ferbine. De doarpsbelangen, wykbelangen en stedsbelangen dogge dat ek. Sy binne fan ûnskatbere wearde yn ús grutte gemeente. De SDW-koördinatoaren harkje nei harren en bringe har eigen ûnderfiningen yn. Sa soargje se mei-inoar dat ideeën fan ynwenners ek echt útfierd wurde. Lykas de inisjativen om 80 jier befrijing hinne ôfrûne maitiid.
No en letter
Hieltyd faker geane ideeën ek oer de takomst. Lykas it takomstbestindich meitsjen fan doarpshuzen en it oprjochtsjen fan in multyfunksjoneel sintrum (MFC).
Wy wolle ús stêden, doarpen en wiken freonlik en feilich hâlde. It is wichtich dat minsken elkoar akseptearje en in berop op elkoar dwaan kinne, dat se har thúsfiele, en dat de omjouwing útnûget om inoar te moetsjen.
Hasto in goed idee foar dyn buert?
Diel it mei oaren, praat deroer mei dyn buorlju en mei it doarps-, wyk- of stedsbelang. Want as mear minsken efter it plan steane, wurdt it in mienskipliksplan. En dan kinne wy faak makliker dingen yn gong sette.
Us SDW-koördinatoaren steane klear om mei te tinken. Hoe fier fuort wy ek lykje as gemeente – as wy goed gearwurkje en harkje, dan binne wy dochs tichtby.

Column door wethouder Henk de Boer
Zo ver weg?!
Wist je dat wij de grootste gemeente van Nederland zijn, als je kijkt naar het aantal vierkante meters? In 2011 zijn we ontstaan als fusiegemeente. De angst destijds was: houden we als gemeente nog wel contact met onze inwoners? Weten inwoners ons nog wel te vinden? Zo’n gemeentehuis daar helemaal in Sneek, terwijl je zelf in Koudum woont?
Gemeente wat dichterbij
Natuurlijk zijn er altijd dingen die beter kunnen. Maar er gaat ook veel goed. Want steeds meer inwoners weten ons te vinden. Met ideeën, vragen en zorgen. Dit komt mede door onze SDW-coördinatoren: stads-, dorps- en wijkcoördinatoren. Zij zijn onze ogen en oren. Zij weten wat er leeft in Koudum, Lollum of Raerd. Ze zien kansen, verbinden inwoners met elkaar én brengen ons als gemeente dichterbij.
Dorpsbelangen verbinden
Onze SDW-coördinatoren zijn niet de enigen die inwoners met elkaar en met ons verbinden. De dorps-, wijk- en stadsbelangen doen dat ook. Ze zijn van onschatbare waarde in onze grote gemeente. De SDW-coördinatoren luisteren naar hen en brengen hun eigen ervaringen in. Zo zorgen ze er samen voor dat ideeën van inwoners ook echt uitgevoerd worden. Zoals de initiatieven rondom 80 jaar bevrijding afgelopen voorjaar.
Nu en later
Steeds vaker gaan ideeën ook over de toekomst. Zoals het toekomstbestendig maken van dorpshuizen en het oprichten van een multifunctioneel centrum (MFC).
We willen onze steden, dorpen en wijken vriendelijk en veilig houden. Het is belangrijk dat mensen elkaar accepteren, elkaar weten te vinden, zich thuis voelen én dat de omgeving uitnodigt tot ontmoeting.
Heb jij een goed idee voor jouw buurt?
Deel het met anderen, praat erover met je buren en met het dorps-, wijk- of stadsbelang. Want als meer mensen achter het plan staan, wordt het een gezamenlijk plan. En dan kunnen wij vaak makkelijker dingen in gang zetten.
Onze SDW-coördinatoren staan klaar om mee te denken. Hoe ver weg we soms ook lijken als gemeente – als we goed samenwerken en luisteren, zijn we toch dichtbij.