Column burgemeester

Gepubliceerd op

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Gastfrij Súdwest-Fryslân

Ferline wike krige de oarloch yn Oekraïne foar my gesichten. Yn Hylpen yn ’e stedsbuorkerij moete ik froulju en bern út Charkov. Anna en Diana lieten foto’s sjen fan harren kapotsketten huzen en de skoalle fan ’e bern. Ik wie djip ûnder de yndruk fan ’e fearkrêft fan dy froulju. En ik wie ek djip ûnder de yndruk hoe’t de Hylper mienskip dy minsken opfongen hat. Mei romte om selsstannich te wêzen en stipe dêr’t dat nedich is. Mei-inoar nei tsjerke en bern dy’t al meidogge mei it fuotbaljen. Hylpen hat 50 minsken in goed plak jûn. Dan binne je in iepen mienskip!

Dêrnei wie ik by de Galamadammen yn Koudum, de earste opfanglokaasje dy’t de gemeente ynrjochte hat. It Reade Krús, Leger des Heils, frijwilligers út Koudum, meiwurkers fan ús gemeente, elkenien wie drok yn ’t spier om der in feilige en gastfrije opfang fan te meitsjen. Dêr kinne sa’n 150 minsken ferbliuwe. Manlju en froulju út Koudum wiene klean en skuon oan it sortearjen. Trije ynwenners fan ús gemeente wiene drok dwaande as tolk. Elkenien docht wat er kin.

Ek hjir de ferhalen fan ’e minsken. In jong pear mei in lytse baby fan 4 wiken út Odessa. Froulju fan alle leeftiden en bern. Der waard alwer boarte en omraak op ’e piano tingele en mei trekkers riden. De tankberens fan ’e minsken oer de opfang yn Súdwest is grut. “It’s very peaceful here”, sei de man út Odessa en hy ferwûndere him deroer dat wy iepen ruten hawwe. “You can see inside…”

De Russyske ynfal yn Oekraïne is sûnt 24 febrewaris oan ’e gong. It is ferskuorrend om te sjen dat sa tichtby ús sokke ûnminsklike tafrielen harren ôfspylje. De bylden en ferhalen snije je troch de siele. As Súdwest-Fryslân dogge wy wat wy kinne om flechtlingen op te fangen. Der is in grutte stream flechtlingen ûnderweis.

Fryslân wol yn dizze faze sa’n 2.000 opfangplakken regelje, dêr’t minsken langer ferbliuwe kinne en ûnderwiis, sûnenssoarch en aktiviteiten regele wurde. Wy besykje sa’n 400 plakken yn te rjochtsjen. Dêr hawwe wy in gemeentlike krisisorganisaasje foar ynrjochte. Der wurdt hiel hurd wurke oan ’e ferskillende prosessen: lokaasjes, sûnenssoarch, wurk, registraasje, finansjele fergoedingen. It is alle dagen wer ynspylje op feroarjende omstannichheden. Wy freegje jimme begryp at saken soms krekt wer wat oars rinne.

Grutsk bin ik op ’e meiwurkers fan Boargersaken dy’t yn hiel koarte tiid in post op Galamadammen ynrjochte hawwe om minsken te registrearjen.

Wêr’t wy ek omtinken foar hawwe, binne de flechtlingen út oare gebieten. Yn Heech hawwe wy in tydlike opfang dy’t troch it COA organisearre is. Ik freegje ús mienskip om ek each te hâlden foar dy minsken, dy’t ek in feilich plak fertsjinje.

Us webside rint oer fan ’e boargerinisjativen en it oanbod fan frijwilligers. Us ynwenners meitsje romte yn harren hert en hûs foar minsken yn noed.

In iepen mienskip. Dêr bin ik grutsk op!

Jannewietske de Vries, boargemaster

Vorige week kreeg de oorlog in Oekraïne voor mij gezichten. In Hindeloopen in de stadsboerderij ontmoette ik vrouwen en kinderen uit Charkov. Anna en Diana lieten foto’s zien van hun kapotgeschoten huizen en de school van hun kinderen. Ik was diep onder de indruk van de veerkracht bij deze vrouwen. Ik was ook diep onder de indruk hoe de Hindelooper gemeenschap deze mensen heeft opgevangen. Met ruimte om zelfstandig te zijn en hulp waar dat nodig is. Samen naar de kerk en kinderen die al meedoen met voetbal. Hindeloopen heeft 50 mensen een goede plek gegeven. Dan ben je een open samenleving!

Daarna was ik bij de Galamadammen in Koudum, de eerste opvanglocatie die de gemeente heeft ingericht. Het Rode Kruis, Leger des Heils, vrijwilligers uit Koudum, medewerkers van onze gemeente… iedereen was hard in actie om er een veilige en gastvrije opvang van te maken. Hier kunnen zo’n 150 mensen verblijven. Mannen en vrouwen uit Koudum waren kleding en schoenen aan het sorteren. Drie inwoners van onze gemeente waren druk bezig als tolk. Iedereen doet wat hij of zij kan.

Ook hier de verhalen van de mensen. Een jong echtpaar met een kleine baby van 4 weken uit Odessa. Vrouwen van alle leeftijden en kinderen. Er werd alweer gespeeld en fanatiek op de piano getingeld en met trekkers gereden. De dankbaarheid van de mensen over de opvang in Súdwest is groot. “It’s very peaceful here”, zei de man uit Odessa en hij verwonderde zich erover dat wij open ramen hebben. “You can see inside…”

De Russische inval in Oekraïne is sinds 24 februari bezig. Het is hartverscheurend om te zien dat zich zo dichtbij ons zulke onmenselijke taferelen afspelen. De beelden en verhalen snijden je door je ziel. Als Súdwest-Fryslân doen we wat we kunnen om vluchtelingen op te vangen. Er is een grote stroom vluchtelingen onderweg.

Fryslân wil deze fase zo’n 2.000 opvangplekken regelen waar mensen langer kunnen verblijven en waar onderwijs, gezondheidszorg en activiteiten worden geregeld. Wij proberen zo’n 400 plekken in te richten. Hier hebben we een gemeentelijke crisisorganisatie voor ingericht. Er wordt heel hard gewerkt aan de verschillende processen: locaties, gezondheidszorg, werk, registratie, financiële vergoedingen. Het is elke dag weer inspelen op veranderende omstandigheden. We vragen jullie begrip als zaken soms net even anders lopen.

Trots ben ik op de medewerkers van Burgerzaken, die in korte tijd een post op Galamadammen hebben ingericht om mensen te registreren.

Waar we ook aandacht voor hebben, zijn de vluchtelingen uit andere gebieden. In Heeg hebben we een tijdelijke opvang die door het COA is georganiseerd. Ik vraag onze samenleving om ook oog te houden voor deze mensen, die ook een veilige plek verdienen.

Onze website loopt over van de burgerinitiatieven en het aanbod van vrijwilligers. Onze inwoners maken ruimte in hun hart en huis voor mensen in nood.

Een open samenleving. Daar ben ik trots op!

Jannewietske de Vries, burgemeester