Klompkes goud

Column burgemeester

Gepubliceerd op in College van B&W.

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

De lêste dagen fan april en de earste dagen fan maaie binne belangrike mominten yn it jier. Mei-inoar fiere wy de Lintsjerein, Keningsdei en Befrijingsdei. Der is ek tiid om stil te stean; dat dogge wy ûnder de Nasjonale Deadebetinking.

Dizze bysûndere wike begûn al op tiisdei 26 april. Op ’e lêste wurkdei foar de jierdei fan de Kening rikke boargemasters altyd de lintsjes út by de saneamde lintsjerein. Yn Súdwest-Fryslân klonk dy deis mar leafst santjin kear: “It hat Syn Majesteit hage.” Ynwenners krigen in ûnderskieding as blyk fan wurdearring foar harren grute bydrage oan ’e mienskip. Mei in ferlechje waarden se nei in oantal spesjale lokaasjes lokt, dêr’t se foar famylje en freonen oer de fersiersels opspjelde krigen. Dat leveret altyd wer moaie en emosjonele mominten op. En sa’t trûbadoer Bruno Rummler song, binne se “it goud foar ús mienskip”.

Woansdei 27 april wie it Keningsdei. En dat koe wer fierd wurde! Al dy pleatslike Oranjeferieningen dy’t ús gemeente ryk is, hiene har o sa ynset om der in feestlike dei fan te meitsjen. Sels mocht ik oanwêzich wêze by de aubade yn Snits, mei in grôtfolle Merkstrjitte; it wie echt genietsjen mei-inoar. In feestlik begjin fan in prachtige Keningsdei.

Us nije berneboargemaster Jan Eise Kruithof kaam ek yn aksje. Hy rikte it “Lint voor een kind” út. Dat is in ûnderskieding foar in bern dat wat bysûnders foar oaren dien hat. Marijn Scheffer (8) út Heech wie de lokkige. Hy liet twa jier lang syn hier groeie oant it lang genôch is om te donearjen oan Stichting Haarwensen. Sy meitsje der hierwurken fan en jouwe dat fergees oan bern dy’t troch sykte harren hier ferlern binne. Marijn besleat om ek in donearaksje op te setten om it hierwurk te bekostigjen. Wat in moaie aksje fan Marijn, ek sa’n “klompke goud”.

Neist it fieren is der ek tiid om te betinken. Kommende wike is it 4 maaie, Nasjonale Deadebetinking. Dy deis steane wy letterlik efkes stil en betinke wy de oarlochsslachtoffers fan ’e Twadde Wrâldoarloch en fan al dy oarloggen dêrnei. Aktueler as ea mei de situaasje yn Oekraïne en it oarlochsgeweld op oare plakken yn ’e wrâld. Dêrneist steane wy ek stil by elkenien dy’t him troch de jierren hinne ferset hat tsjin ûnderdrukking en terreur. Dy minsken binne it goud fan ’e mienskip. Yn in soad doarpen en stêden yn Súdwest-Fryslân wurdt in momint fan betinking organisearre.

It belang fan frijheid en demokrasy kinne wy net genôch ûnderstreekje. It is oan ús om se bliuwend te ferdjipjen en te ferdigenjen. Sa bliuwe wy ús derfan bewust dat frijheid nea fanselssprekkend is. Tongersdei 5 maaie fiere wy dan ta beslút de befrijingsdei fan Nederlân yn 1945. Dy deis steane wy ek stil by de wearde fan frijheid, demokrasy en minskerjochten. Libje yn frijheid is in grut goed. Lit ús de besetting en ûnderdrukking nea ferjitte, en wurdearje dat wy hjir feilich en yn frijheid mei-inoar libje kinne. Want frijheid diele je mei-inoar. Frijheid yn ferbûnens.

Jannewietske de Vries, burgemeester

De laatste dagen van april en de eerste dagen van mei zijn belangrijke momenten in het jaar. Samen vieren we Lintjesregen, Koningsdag en Bevrijdingsdag. Ook is er tijd om stil te staan, dit doen we tijdens de Nationale Dodenherdenking.
Deze bijzondere week begon al op dinsdag 26 april. Op de laatste werkdag voor de verjaardag van de Koning reiken burgemeesters traditiegetrouw de lintjes uit tijdens de zogenaamde lintjesregen. In Súdwest-Fryslân klonk deze dag maar liefst 17 keer “Het heeft Zijne majesteit behaagd”. Inwoners kregen een onderscheiding als blijk van waardering voor hun grote bijdrage aan de mienskip. Met een smoesje werden ze naar een aantal speciale locaties gelokt, waar ze ten overstaan van familie en vrienden de versierselen kregen opgespeld. Dit levert altijd weer mooie en emotionele momenten op. En zoals troubadour Bruno Rummler zong zijn zij ‘het goud van onze mienskip’.

Woensdag 27 april was het Koningsdag. En dat kon weer gevierd worden! De vele plaatselijke Oranjeverenigingen, die onze gemeente rijk is, hadden zich volop ingezet om er een feestelijke dag van te maken. Zelf mocht ik aanwezig zijn bij de aubade in Sneek met een bomvolle Marktstraat, het was echt genieten met elkaar. Een feestelijk begin van een prachtige Koningsdag.

Ook onze nieuwe kinderburgemeester Jan Eise Kruithof kwam in actie. Hij reikte het ‘Lint voor een kind’ uit. Dit is een onderscheiding voor een kind dat iets bijzonders voor anderen heeft gedaan. Marijn Scheffer (8) uit Heeg was de gelukkige. Hij liet twee jaar lang zijn haren groeien tot het lang genoeg is om te doneren aan Stichting Haarwensen. Zij maken er haarwerken van en verstrekken dit kosteloos aan kinderen die door ziekte hun haren zijn verloren. Marijn besloot om ook een doneeractie op te zetten om het haarwerk te bekostigen. Wat een mooie actie van Marijn, ook zo’n ‘klompke goud’.

Naast het vieren is er ook tijd om te herdenken. Komende week is het 4 mei, Nationale Dodenherdenking. Deze dag staan we letterlijk even stil en herdenken we de oorlogsslachtoffers van de Tweede Wereldoorlog en van al die oorlogen daarna. Actueler dan ooit met de situatie in Oekraïne en oorlogsgeweld elders in de wereld. Daarnaast staan we ook stil bij iedereen die zich door de jaren heen heeft verzet tegen onderdrukking en terreur. Deze mensen zijn het goud van de mienskip. In vele dorpen en steden binnen in SWF wordt een moment van herdenking georganiseerd.

Het belang van vrijheid en democratie kunnen we niet genoeg onderstrepen. Het is aan ons om ze blijvend te verdiepen en te verdedigen. Zo blijven we ons ervan bewust dat vrijheid nooit vanzelfsprekend is. Donderdag 5 mei vieren we dan tot slot de bevrijding van Nederland in 1945. Ook staan we die dag stil bij de waarde van vrijheid, democratie en mensenrechten. Leven in vrijheid is een groot goed. Laten we de bezetting en onderdrukking nooit vergeten en waarderen dat we hier veilig en in vrijheid kunnen samenleven. Want vrijheid deel je met elkaar. Vrijheid in verbondenheid.

Jannewietske de Vries, burgemeester