Column burgemeester

Gepubliceerd op

(Nederlandse versie onderaan de pagina)

Lok op 1 yn Súdwest

76 dagen nei de gemeenteriedsferkiezingen fan 16 maart is op 1 juny de nije bestjoersperioade úteinset. Op 31 maaie waard, op in spesjale gearkomste fan ’e gemeenteried, it nije kolleezje ynstallearre. In dei letter binne de nije wethâlders mei harren wurksumheden begûn. De earste wiken stiene benammen yn it teken fan yn ’e kunde komme en ynwurkje. Ek binne de portefúljes mei-inoar ferdield.

In nije start yn in nije bestjoersperioade betsjutte ek ôfskied nimme fan it foarige kolleezje. Fan ’e fiif wethâlder swaaiden der fjouwer ôf. Allinnich wethâlder Bauke Dam (CDA) bleau op syn plak. Yn Teater Snits namen wy 9 juny ôfskied fan wethâlders Mirjam Bakker, Erik Faber, Mark de Man en Gea Wielinga. Yn ’e ôfskiedsspeech betanke ik harren net allinnich foar de noflike gearwurking, mar ek foar de moaie dingen dy’t wy de ôfrûne jierren mei-inoar berikt hawwe foar Súdwest-Fryslân. Besjoch it ôfskiedsfilmke

Yn it nije koälysje-akkoart ‘Grutsk en tichby’ stiet wêr’t it nije kolleezje him op rjochtsje sil en wat wy oan ús ynwenners en ûndernimmers tasizze. Lok en positive sûnens is it kompas dêr’t we de kommende jierren op farre. Ut ûndersyk fan it ‘Fries Sociaal Planbureau’ docht bliken dat Friezen heech skoare yn de brede wolfeartsmonitor. Friezen binne minder ryk, mar wol lokkiger. Ik hoech jo fêst net te oertsjûgjen dat it in foarrjocht is om hjir yn dizze moaie gemeente wenje te meien, wurkje en rekreëarje te kinnen.

Ferline wike waard it gelok fan ús boeren behoarlik op ’e proef steld. De troch minister Van der Wal presintearre stikstofdoelstellingen binne hurd oankaam. De lânbou yn Súdwest-Fryslân is ferweve mei in eigen Fryske plattelânstradysje mei in soad boerebedriuwen en harren húshâldingen. Oer nut en needsaak fan gearwurkjen oan ’e transysje fan ’e lânbou is elkenien it iens. Dêr binne al de nedige stappen yn set en der binne ek ideeën oanbrocht foar mear. It is wichtich dat dy dield wurde yn relevante netwurken. Nettsjinsteande de omfang fan Súdwest-Fryslân binne de linen nei bûten koart. Dêrtroch is it mooglik om sels tichtby te wêzen yn bygelyks De Haach. As grutste lânbougemeente stiet Súdwest-Fryslân njonken har boeren. Mei-inoar wolle wy wurkje oan perspektyf foar de lânbou.

Jannewietske de Vries, burgemeester

76 dagen na de gemeenteraadsverkiezingen van 16 maart is op 1 juni de nieuwe bestuursperiode van start gegaan. Op 31 mei werd, tijdens een speciale vergadering van de gemeenteraad, het nieuwe college geïnstalleerd. Een dag later zijn de kersverse wethouders met hun werkzaamheden begonnen. De eerste weken stonden vooral in het teken van kennismaken en inwerken. Ook zijn de portefeuilles met elkaar verdeeld.

Een nieuwe start in een nieuwe bestuursperiode betekende ook afscheid nemen van het vorige college. Van de vijf wethouder zwaaiden er vier af. Alleen wethouder Bauke Dam (CDA) bleef op zijn post. In Theater Sneek namen we 9 juni afscheid van wethouders Mirjam Bakker, Erik Faber, Mark de Man en Gea Wielinga. In de afscheidsspeech bedankte ik hen niet alleen voor de fijne samenwerking, maar ook voor de mooie dingen die we de afgelopen jaren met elkaar hebben bereikt voor Súdwest-Fryslân. Bekijk bovenaan het bericht het afscheidsfilmpje.

In het nieuwe coalitieakkoord ‘Grutsk en tichby’ staat waar het nieuwe college zich op gaat richten en wat we aan onze inwoners en ondernemers beloven. Geluk en positieve gezondheid is het kompas waarop we de komende jaren varen. Uit onderzoek van het Fries Sociaal Planbureau blijkt dat Friezen hoog scoren in de brede welvaartsmonitor. Friezen zijn weliswaar minder rijk, maar wel gelukkiger. Ik hoef u vast niet te overtuigen dat het een voorrecht is om hier in deze mooie gemeente te mogen wonen, werken en recreëren.

Vorige week werd het geluk van onze boeren behoorlijk op de proef gesteld. De door minister Van der Wal gepresenteerde stikstofdoelstellingen zijn hard aangekomen.
De landbouw in Súdwest-Fryslân is verweven met een eigen Friese plattelandstraditie met vele boerenbedrijven en hun gezinnen. Over nut en noodzaak van samenwerken aan de transitie van de landbouw is iedereen het eens. Hier zijn al de nodige stappen in gemaakt en ook zijn er ideeën aangebracht voor meer. Het is belangrijk dat deze gedeeld worden in relevante netwerken. Ondanks de omvang van Súdwest-Fryslân zijn de lijnen naar buiten kort. Hierdoor is het mogelijk om zelfs ‘tichby’ te zijn in bijvoorbeeld Den Haag. Als grootste landbouwgemeente staat Súdwest-Fryslân naast haar boeren. Samen willen we werken aan perspectief voor de landbouw.

Jannewietske de Vries, burgemeester