Raads- en commissieleden FNP

Meer informatie over de partij kun je lezen op de website van de FNP.

Tsjerk Bouwhuis

Fractievoorzitter

Toppenhuzen
06 246 310 48
raadslid.bouwhuis@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Werkvoorbereider-Tekenaar bij AFT Roestvaststaalbewerking B.V (bezoldigd, 33 uur per week)

(Nederlandse versie onderaan)

Frysk

Wat ynspirearret dy om polityk aktyf te wêzen?

Ik fyn it wichtich dat je je ynsette foar de mienskip. Foar de ien is dat as frijwilliger, bygelyks yn it ferienigingslibben, stichtingbestjoer of mantelsoarch. Foar my is dat in sit yn de ried. In funksje mei in soad ferantwurdlikens, wêr’t je der binne foar alle ynwenners en opkomme foar ús moaie lânskip en it klimaat. Wannear’t we it mei-inoar oppakke, kinne we ús stikje wrâld sûner efterlitte foar takomstige generaasjes.

Wêrom hasto foar dizze partij keazen?

De FNP wie by myn foarige funksje as foarsitter fan doarpsbelang de meast belutsen partij.

Wat dochsto yn it deistich libben?

Engineer by AFT Stainless steel yn Heech

Asto ien ding feroarje mochtest yn de gemeente, wat soe dat wêze?

Ien punt útkieze is dreech, mar dan gean ik foar it foarrang jaan oan ynwenners by it keapjen fan in nije wenning. It soe sa wêze moatte dat nije wenningen de earste 12 wiken oanbean wurde oan ynwenners dy’t sosjaal of ekonomysk bûn binne oan it plak wêr’t in nij plan ûntwikkele wurdt en pas dêrnei frij de merke op kin. Hjirmei hawwe ynwenners mear kâns op it keapjen fan in wenning. Om de leefberens yn de kearnen te stypjen wol ik graach ynwenners dy’t it meast belutsen binne by harren plak mear kâns jaan om in hûs te keapjen yn it plak (kearn) wêr’t se graach wenjen bliuwe wolle, foardat se wer efter it net fiskje.

Wat is dyn favorite plak yn de gemeente?

Top en Twel. Der bin ik berne, wenje myn freonen en in grut part fan myn famylje. Yn Top en Twel bin it thús.

Nederlands

Wat inspireert je om politiek actief te zijn?

Ik vind het belangrijk dat je je inzet voor de samenleving. Voor de een is dat als vrijwilliger, bijvoorbeeld in het verenigingsleven, stichtingsbestuur of mantelzorg, voor mij is dat een zetel in de raad. Een functie met veel verantwoordelijkheid, waarin je er bent voor alle inwoners en opkomt voor ons mooie landschap en het klimaat. Als we dat samen oppakken, kunnen we ons stukje aarde gezonder achterlaten voor toekomstige generaties.

Waarom heb je juist voor deze partij gekozen?

De FNP was in mijn vorige functie als voorzitter van dorpsbelang de meest betrokken partij.

Wat doe je in het dagelijks leven?

Engineer bij AFT Stainless steel in Heeg.

Als je één ding zou mogen veranderen in de gemeente, wat zou dat zijn?

Een punt uitkiezen is lastig, maar dan ga ik voor het voorrang geven aan inwoners bij het kopen van een nieuwe woning. Het zou zo moeten zijn dat nieuwe woningen de eerste twaalf weken aangeboden worden aan inwoners die sociaal of economisch gebonden zijn aan de plaats waar een nieuw plan ontwikkeld wordt en pas daarna vrij de markt op kan. Zo hebben inwoners meer kans op het kopen van een woning. Om de leefbaarheid in de kernen te ondersteunen wil ik graag inwoners die het meest betrokken zijn bij hun plaats meer kans geven om een huis te kopen in de kern waar ze graag willen blijven wonen. Voordat ze weer achter het net vissen.

Wat is jouw favoriete plek in de gemeente?

Top en Twel. Daar ben ik geboren, wonen mijn vrienden en een groot deel van mijn familie. In Top en Twel ben ik thuis.

Corrie Bergstra-Veldhuis

Raadslid

Snits
06 434 135 89
raadslid.bergstra@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • geen

(Nederlandse versie onderaan)

Frysk

Wat ynspirearret dy om polityk aktyf te wêzen?

Fan hûs út ha ik meikrigen datst mei-elkoar ferantwurdlik bist foar elkoar en foar dyn omjouwing.
Nei’t ik yn oanrekking kaam mei de FNP en frege waard om my ferkiesber te stellen as riedslid foar de FNP, seach ik dat as in moaie kâns. In nije útdaging om my yn te setten foar de ynwenners fan ús moaie gemeente en de partij.

Ik wol my derfoar ynsette dat de foarsjennings yn ús gemeente sawol op it plattelân as yn de stêden sa goed mooglik op peil hâlden wurde. Troch net te sjen nei wat net kin, mar kânsen gripe om it mei de mienskip foar elkoar te krijen. Dêrby giet it foar my net allinnich om grutte ûnderwerpen, ek lytsere saken ta in goed einde bringe jouwe foldwaning.

Wêrom hasto foar dizze partij keazen?

Om’t foar my de FNP de iennichste partij is dy’t ûnôfhinklik opkomt foar de ynwenners fan ús gemeente en it Frysk en de Fryske kultuer. De FNP stiet foar ynnovearje, mei de tiid meigean en tagelyk ek it moaie en unike fan ús gemeente behâlde. It iepen lânskip, de doarpen en stêden, no, mar ek foar de folgjende generaasjes.

Wat dochsto yn it deistich libben?

Ik bin út it wurk, mar der bliuwt genôch oer te dwaan. Dêrneist mei ik graach rinne en lêze en op tillefyzje it nijs en in goede detective.

Asto ien ding feroarje mochtest yn de gemeente, wat soe dat wêze?

Net echt feroarje, mar better dwaan: Wy moatte noch better lústerje nei wat der yn de mienskip spilet en dêr ek wat mei dwaan. Net oer of foar elkoar prate, mar mei-inoar sykje om de leefberens yn ús gemeente te ferbetterjen.

Wat is dyn favorite plak yn de gemeente?

Winters bin ik it leafst yn de waarmte en gesellichheid fan de stêd, en simmers lekker nei de romte bûtenút op it plattelân.

Nederlands

Wat inspireert je om politiek actief te zijn?

Van huis uit heb ik meegekregen dat je samen verantwoordelijk bent voor elkaar en voor je omgeving. Nadat ik in aanraking kwam met de FNP en gevraagd werd om me verkiesbaar te stellen als raadslid voor de FNP, zag ik dat als mooie kans. Als een nieuwe uitdaging om me in te zetten voor de inwoners van onze mooie gemeente en de partij.

Ik wil me ervoor inzetten dat de voorzieningen in onze gemeente zowel op het platteland als in de steden zo goed mogelijk op peil worden gehouden. Door niet te kijken naar wat niet kan, maar kansen grijpen om het met de mienskip voor elkaar te krijgen. Daarbij gaat het mij niet alleen om de grote onderwerpen, ook kleinere zaken tot een goed einde te brengen geeft voldoening.

Waarom heb je voor deze partij gekozen?

Omdat voor mij de FNP de enige partij is die onafhankelijk opkomt voor de inwoners van onze gemeente en het Fries en de Friese cultuur. De FNP staat voor innoveren, met de tijd meegaan en tegelijkertijd het mooie en unieke van onze gemeente behouden. Het open landschap, de dorpen en steden, nu, maar ook voor de volgende generaties.

Wat doe je in het dagelijks leven?

Ik werk niet meer, maar er blijft genoeg over om te doen. Daarnaast wandel en lees ik graag en op televisie volg ik het nieuws en een goede detective.

Als je één ding zou mogen veranderen in de gemeente, wat zou dat zijn?

Niet veranderen, maar beter doen. We moeten nog beter luisteren naar wat er in de mienskip speelt en daar ook iets mee doen. Niet over of voor elkaar praten, maar met elkaar zoeken om de leefbaarheid in onze gemeente te verbeteren.

Wat is je favoriete plek in de gemeente?

In de winter ben ik het liefst in de warmte en gezelligheid van de stad en in de zomer lekker naar de weidsheid buiten op het platteland.

Douwe Blom

Raadslid

Drylts
06 151 221 96
raadslid.blom@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Scheduling team lead bij DSM (bezoldigd, 38 uur per week)
Thea Hoekstra-Vleer FNP

Thea Hoekstra-Vleer

Raadslid

Reahús
06 121 553 50
raadslid.hoekstra@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Meiwurker administraasje sbo De Súdwester yn Snits (betelle, 24 oeren wyks)

(Nederlandse versie onderaan)

Frysk

Wat ynspirearret dy om polityk aktyf te wêzen?

Myn ynspiraasje om polityk aktyf te wêzen is om ús Fryslân romtlik te hâlden en hooplik noch moaier te meitsjen mei mear bioferskaat foar it lykwicht yn de natoer en foar ús as minsken.

Wêrom hasto foar dizze partij keazen?

De FNP is yn it foarste plak myn partij omdat de FNP de Fryske taal en kultuer heech yn it findel stean hat. De FNP fynt it hiel wichtich om it plattelân leefber te hâlden troch stjoer te krijen oer de wenromte foar ús ynwenners. Der soe in Frysk Startersmodel komme kinne. Dêrmei makket de gemeente it starters makliker om yn de eigen omjouwing in wenning te keapjen. Yn dit model pakt de gemeente aktyf it foech op en jout stjoer oan de húsfestingsopjefte, troch bygelyks dúdlike prestaasje-ôfspraken te meitsjen mei wenningkorporaasjes.

Asto ien ding feroarje mochtest yn de gemeente, wat soe dat wêze?

As ik eat yn de gemeente feroarje soe dan soe ik by de plaknammebuorden it Fryske plak boppe-oan sette. As de gemeente it Frysk mear sichtber meitsje wol dan is dat in earste stap. In stikje eigen identiteit sil glâns jaan oan ús gemeente.

Wat dochsto yn it deistich libben?

Yn it deistige libben wurkje ik foar sbo De Súdwester as administrative krêft. It is moai om te sjen dat de bern en it team fan dizze skoalle meiïnoar gearwurkje oan in feilige learomjouwing. Alle learlingen ha in eigen learplan op basis fan harren persoanlik talint. Yn in iepen, transparante sfear kinst hiel wat meiïnoar berikke. Fierder bin ik studinte oan it NHL Stenden fia in Afûk-trajekt Taaldosinte Frysk foar folwoeksenen. Sa kin ik noch mear oer it Frysk leare. Wat bewegen oanbelanget mei ik graach kuierje en rekreatyf follybalje yn ús doarp. Sa no en dan op doarpsnivo Frysk damje fyn ik aardich om te dwaan.

Wat is dyn favorite plak yn de gemeente?

As ik troch de greiden fan it âld-Littenseradiel kuierje of fyts dan jout dat in lokkich gefoel. En as der dan yn de maitiid ek noch jonge pykjes fan bygelyks de skries, ljip of tsjirk binne, dan tink ik dat wy yn in moai stikje Fryslân wenje.

Nederlands

Wat inspireert je om politiek actief te zijn?

Mijn inspiratie om politiek actief te zijn is om ons Fryslân ruimtelijk te houden en hopelijk nog mooier te maken met meer biodiversiteit voor het evenwicht in de natuur en voor ons als mensen.

Waarom heb je voor deze partij gekozen?

De FNP is vooral mijn partij omdat de FNP de Friese taal en cultuur hoog in het vaandel heeft te staan. De FNP vindt het heel belangrijk om het platteland leefbaar te houden door sturing te krijgen op de woonruimte voor onze inwoners. Er zou een Fries Startersmodel kunnen komen. Daarmee maakt de gemeente het gemakkelijker voor starters om in de eigen omgeving een woning te kopen. In dit model pakt de gemeente actief de bevoegdheid op en geeft sturing aan de huisvestingsopgave, door bijvoorbeeld duidelijke prestatieafspraken te maken met woningcorporaties.

Als je één ding zou mogen veranderen in de gemeente, wat zou dat zijn?

Als ik iets in de gemeente zou veranderen, dan zou ik op de plaatsnaamborden de Friese plaatsnaam bovenaan zetten. Als de gemeente het Fries meer zichtbaar wil maken dan is dat een eerste stap. Een stukje eigen identiteit zal glans geven aan onze gemeente.

Wat doe je in het dagelijks leven?

In het dagelijks leven werk ik voor sbo De Súdwester als administratieve kracht. Het is mooi om te zien dat de kinderen en het team van deze school samen werken aan een veilige leeromgeving. Alle leerlingen hebben een eigen leerplan op basis van hun persoonlijke talent. In open, transparante sfeer kun je heel veel met elkaar bereiken. Verder ben ik studente aan NHL Stenden via een Afûk-traject Taaldocent Fries voor volwassenen. Zo kan ik nog meer over het Fries leren. Als het om bewegen gaat wandel ik graag en doe ik aan recreatief volleybal in ons dorp. Zo nu en dan vind ik het leuk om op dorpsniveau mee te doen met Fries dammen.

Wat is je favoriete plek in de gemeente?

Als ik door de weilanden van oud-Littenseradiel wandel of fiets dan geeft dat een geluksgevoel. En als er dan in het voorjaar jonge vogeltjes zijn van bijvoorbeeld de grutto, kievit of tureluur, dan denk ik dat we in een mooi stukje Fryslân wonen.

René van der Leij

Raadslid

Boalsert
06 303 028 29
raadslid.vanderleij@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Planner / werkvoorbereider Regts deur en toegang Heerenveen (bezoldigd, 40 uur per week)

Jikkie Ruiter-Postma

Raadslid

Warkum
06 114 332 49
raadslid.ruiter@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Meiwurker Edukaasje wurkgroep Museum Warkums Erfskip (onbezoldigd, divers)
  • Meiwurker Edukaasje wurkgroep Museum Hylpen. Hidde Nijlandstichting (onbezoldigd, divers)

(Nederlandse tekst onderaan)

Frysk

Wat ynspirearret dy om polityk aktyf te wêzen?

Elkenien mei syn of har stim hearre litte yn SWF. As riedslid kin ik tegearre mei de ynwenners soarch drage foar de Fryske kultuer en taal, foar doarpshuzen en wyksintra, sadat dy breed ynsetten wurde foar de soarch, kultuer, sport en oare aktiviteiten. Net allinnich prate, mar foaral dwaan...

Wêrom hasto foar dizze partij keazen?

Ik bin bliid dat ik yn Fryslân wenje yn de moaie gemeente SWF. Dêr heart de FNP bij. De FNP dy’t ticht bij de minsken stiet en wêr’t ik mysels wêze mei. As FNP’er kin ik wat betsjutte foar de mienskip, kin ik mei soarch drage foar ús moaie lânskip, ús kultuer, ús taal, it ûnderwiis en it wolwêzen fan alle ynwenners. Bij de FNP fiel ik my thús!

Wat dochsto yn it deistich libben?

Nei in wurksum libben yn ferskate foarmen fan ûnderwiis, lykas it spesjaal basisûnderwiis, genietsje ik no fan myn pensjoen, myn hobby‘s sa as skilderje, der op út mei myn hûn Famke en wurkje yn myn tún.

Asto ien ding feroarje mochtest yn de gemeente, wat soe dat wêze?

As ien ding wichtich is yn it libben fan opgroeiende bern, dan is it wol dat se yn oanrekking komme mei keunst, kultuer en sport. Alle bern moat deselde kânsen hawwe. Dêrom fan no ôf oan: komme alle bern yn SWF yn harren jonge libben yn ‘e kunde mei keunst, kultuer en sport!

Wat is dyn favorite plak yn de gemeente?

It moaiste plakje yn SWF is de Warkumerwaard. Der bin ik opgroeid en genietsje ik noch hiel tiid fan de romte, de stilte, de loften, de sweltsjes en de greidefûgels.

Nederlands

Wat inspireert je om politiek actief te zijn?

Iedereen mag zijn of haar stem laten horen in SWF. Als raadslid kan ik samen met de inwoners de Friese cultuur en taal, dorpshuizen en wijkcentra ondersteunen, zodat deze breed ingezet kunnen worden voor zorg, cultuur, sport en andere activiteiten. Niet alleen praten, maar vooral doen...

Waarom heb je juist voor deze partij gekozen?

Ik ben blij dat ik in Fryslân woon en in de mooie gemeente SWF. Daar hoort de FNP bij. De FNP die dicht bij de mensen staat en waar ik mezelf kan zijn. Als FNP’er kan ik iets betekenen voor de mienskip, kan ik mee zorgdragen voor ons mooie landschap, onze cultuur, onze taal, het onderwijs en het welzijn van alle inwoners. Bij de FNP voel ik me thuis!

Wat doe je in het dagelijks leven?

Na een werkzaam leven in verschillende vormen van onderwijs, zoals o.a. het speciaal basisonderwijs, geniet ik nu van mijn pensioen, mijn hobby’s  zoals schilderen, er op uit met mijn hond Famke en werken in de tuin.

Als je één ding zou mogen veranderen in de gemeente, wat zou dat zijn?

Als er een ding belangrijk is in het leven van opgroeiende kinderen, is dat wel dat ze in aanraking komen met kunst, cultuur en sport. Alle kinderen moeten dezelfde kansen hebben. Daarom vanaf nu: maken alle kinderen in SWF in hun jonge leven kennis met kunst, cultuur en sport!

Wat is jouw favoriete plek in de gemeente?

Het mooiste plekje in SWF is de Workumerwaard. Ik ben er opgegroeid en ik geniet nog altijd van de weidsheid, de stilte, de luchten, de zwaluwen en de weidevogels.

Jelle van Netten FNP

Jelle van Netten

Commissielid

06 433 654 56
commissielid.vannetten@sudwestfryslan.nl

Nevenfuncties

  • Sectorhoofd Facilitair Beheer en Documentaire Informatievoorziening, gemeente Leeuwarden (bezoldigd, 36 uur per week)
  • Voorzitter oecumenische Jeugdraad Woudsend e.o. (onbezoldigd, 2 uur per maand)
  • Jeugdtrainer v.v. Woudsend (onbezoldigd, 1 uur per week)