Monnikenwerk op de vierkante meter Stavoren

English | Deutsch | Frysk

A hidden door under the floor

Here you can see the original foundations of part of the gatehouse. You’re looking at the floor, the start of a spiral staircase and a wall. Below the upper floor layer, remains of the door for the spiral staircase have been found: a door hinge and wood can still be seen. This hinge has been precisely copied and replaced. Due to the disappearance of part of the door under the new floor we suspect that the passage to the spiral staircase may also be bricked up.

More than meets the eye

It was not possible to completely expose the underground wall. We have made a small part of the gatehouse visible: an area of ​​three by four meters, at the level of the spiral staircase. A watertight container has been installed to ensure that the foundations won’t be affected by exposure and other risks, such as dehydration and algae. In order to do this, all the bricks had to be removed one by one and accurately recorded. They were then dried in racks and then placed back layer by layer: real precision work!

Inventive water drainage system

There are different layers of floor in this part of the gatehouse. From this we can deduce that there have been at least three construction phases. A surprising discovery was a drainage system consisting of channels that flowed out into a well. It was laid in the final phase of the gatehouse, when flooding probably required a floor rise with water drainage. Not all of the bricks were placed back: part of the floor has been left open, so that the channels and the construction of the floor are clearly visible.

Eine versteckte Tür unter dem Boden

Hier sehen Sie die ursprünglichen Fundamente eines Teils des Torhauses. Sie schauen auf den Boden, den Ansatz einer Wendeltreppe und eine Mauer. Unterhalb der obersten Bodenschicht wurden Reste der Tür der Wendeltreppe gefunden: ein Türscharnier und Holzreste. Das Scharnier wurde präzise nachgemacht und zurück gesetzt. Mit dem Verschwinden eines Teils der Türaufhängung unter dem neuen Fußboden ist möglicherweise auch der Durchgang zur Wendeltreppe zugemauert worden.

Ein Teil des Ganzen sichtbar

Es war nicht möglich, die unterirdische Wand vollständig freizulegen. Wir haben wohl einen kleinen Teil des Torhauses sichtbar gemacht: eine Fläche von drei mal vier Metern auf der Höhe der Wendeltreppe im Torhaus. Um sicher zu sein, dass die Fundamente nicht durch die Freilegung durch zum Beispiel Austrocknung oder Algenbewuchs beschädigt wurden, ist eine wasserdichter Wanne angebracht. Hierzu wurden alle Steine Stück für Stück nacheinander entfernt und genau aufgezeichnet. Dann wurden sie in Gestellen getrocknet und anschließend schichtweise zurückgelegt. Echte Präzisionsarbeit!

Einfallsreiches Entwässerungssystem

In diesem Teil des Torhauses gibt es verschiedene Etagen. Daraus lässt sich schließen, dass es mindestens drei Bauperioden gegeben hat. Das Besondere ist die Entdeckung eines Entwässerungssystems. Dieses besteht aus Kanälen, die in einen Brunnen eingeleitet werden. Es wurde in der letzten Phase des Torhauses installiert, als das Hochwasser wahrscheinlich eine Bodenerhöhung mit Wasserablauf erforderte. Damals wurden nicht alle Steine zurück gelegt. Ein Teil des Bodens wurde offen gelassen, sodass die Kanäle und der Aufbau des Bodens deutlich sichtbar sind.

In ferburgen doar ûnder de flier

Hjir sjogge jo de orizjinele fûneminten fan in part fan it poartegebou. Jo sjogge nei de flier, de oanset fan in draaitrep en in muorre. Under de boppeste flierlaach binne restanten fan ’e doar foar de draaitrep fûn: in doarknier en houtrestanten. De knier is eksakt neimakke en werompleatst. Mei it ferdwinen fan in part fan ’e doarophinging ûnder de nije flier is mooglik ek de trochgong nei de draaitrep tichtmitsele.

In part fan it gehiel sichtber

It wie net mooglik om de ûndergrûnske muorre hielendal bleat te lizzen. Wy hawwe wol in lyts part fan it poartegebou sichtber makke: in stik fan trije by fjouwer meter, op ’e hichte fan ’e draaitrep yn it poartegebou. Om derfoar te soargjen dat de fûneminten troch it bleatlizzen net oantaast wurde soenen troch bygelyks útdrûging en algen, is der in wettertichte bak delset. Alle stiennen binne der ien foar ien weihelle en krekt optekene. Dêrnei hawwe se yn rakken lein te drûgjen en doe koene se laach foar laach werompleatst wurde. Dat kaam hiel krekt!

Fernimstich wetterôffiersysteem

Yn dit part fan it poartegebou lizze meardere flierlagen. Dêr kinne wy út ôfliede dat der op syn minst trije boufazen west hawwe. Bysûnder is de fynst fan in ôfwetteringsysteem. Dat bestiet út kanalen dy’t yn in put útkamen. It waard yn ’e lêste faze fan it poartegebou oanlein, doe’t wierskynlik troch wetteroerlêst in flieropheging mei wetterôffier nedich wie. Net alle stiennen binne doe werompleatst. De flier is foar in part iepenlitten en dêrtroch binne de kanaaltsjes en de opbou fan ’e flier noch moai sichtber.

Marketing cookies noodzakelijk