Het Blokhuis Stavoren

English | Deutsch | Frysk

Controlling the Frisians

To keep the Frisians under control, Charles V had a fortress built in 1522 near the port of Stavoren. A “Blokhuis" is a small military defence that was strategically placed to guard a passage, such as the entrance to Stavoren harbour. This type of fortification was widespread in Western Europe from the late Middle Ages. Alongside Stavoren, the Frisian cities of Harlingen and Leeuwarden (the current Blokhuispoort) also boasted such castle-like fortresses. Many Blokhuizen have since disappeared. Fortunately, this is not the case in Stavoren.

Dismantling and traces of the past

In 1580 the Stavoren Blokuis had lost its function and was dismantled. Sections were demolished or included in the city walls. In the following centuries, more and more of the Blokhuis disappeared. By 1832 all the walls were gone and the inner area was empty, with part of the canal remaining. At the beginning of the twentieth century a well was filled in on the site. The remaining piece of canal had since disappeared. The history of the site dates back as early as the twelfth century: in the ground there’s a very well-preserved medieval layer with traces of houses and a road made of wooden planks.

Underground remains

Archaeological research has found foundations of the east and north walls, the gatehouse, the start of the northeast tower and the powder house. The powder house stood diagonally behind the entrance, in order to remain outside the line of fire. The wall of the Blokhuis is still present in some places, reaching down to a layer of sand four meters deep. The fortress probably took up an area of around 88 by 83 meters. We do not know the exact size of the towers, except for the north-eastern tower. An earthen wall stood inside of the outer walls. Only part of the site has been excavated, with one section probably now unreachable beneath the former seawall.

Die Friesen unterdrücken

Um die Friesen unter Kontrolle zu halten, ließ Karl V. 1522 in der Nähe des Hafens von Stavoren ein “Blokhuis" errichten. “Blokhuis" ist ein alter Name für eine kleine militärische Verteidigung, die strategisch platziert wurde, um eine Passage wie den Eingang nach Stavoren zu bewachen. “Blockhäuser" waren in Westeuropa seit dem späten Mittelalter weithin bekannt. Neben Stavoren hatten in Fryslân Harlingen und Leeuwarden (das heutige “Blokhuispoort") solche burgartige Festungen. Viele Blockhäuser sind seitdem verschwunden. Glücklicherweise gilt das nicht für Stavoren.

Stilllegung und älteste Spuren

1580 n. Chr.  wurde das Blockhaus Stavoren nicht mehr als Festung genutzt und demontiert.  Ein Teil wurde abgerissen und ein Teil wurde in die Stadtmauer aufgenommen. In den folgenden Jahrhunderten sind immer mehr Teile des Blockhauses verschwunden. Um 1832 waren alle Mauern verschwunden und der innere Bereich nicht mehr bebaut, aber ein Teil des Grabens war noch da. Im Beginn des 20. Jahrhunderts wurde ein Wasserquelle auf dem Gelände zugeschüttet. Das verbliebende Stück Graben war inzwischen auch verschwunden. Die Nutzung des Geländes beginnt übrigens bereits im 12. Jahrhundert: Im Boden befindet sich eine sehr gut erhaltene mittelalterliche Schicht mit Häusern und einer Plankenstraße.

Teilweise unterirdisch erhalten

Bei archäologische Untersuchungen sind Fundamente der Ost- und Nordmauer, des Torhauses, des Ansatzes des Nordostturmes und des Pulverhauses gefunden. Das Pulverhaus stand schräg hinter dem Eingang, um außerhalb der Schusslinie zu bleiben. Die Mauer des Blockhauses befindet sich noch an einigen Stellen, bis auf den Sand, in einer Tiefe von vier Metern. Das Blockhaus war wahrscheinlich etwa 88 mal 83 Meter groß. Wir kennen, mit Ausnahme der nordöstlichen Bastion,  die genaue Größe der Bastionen nicht. An der Innenseite der Mauern lag ein Erdwall Nicht das gesamte Gelände wurde ausgegraben. Ein Teil  liegt wahrscheinlich nicht erreichbar unter dem früheren Seedeich.

As ûnderdrukking fan ’e Friezen

Om de Friezen yn betwang te hâlden, liet Karel V yn 1522 in blokhûs bouwe by de haven fan Starum. ‘Blokhûs’ is in âlde namme foar in lyts militêr ferdigeningswurk dat strategysk delset wie om de trochgong te beweitsjen, yn dit gefal de tagong nei Starum. Blokhuzen wiene fan ’e lette midsiuwen ôf algemien bekend yn West-Europa. Neist Starum hiene yn Fryslân Harns en Ljouwert (de hjoeddeiske Blokhúspoarte) sokke kastieleftige fêstingen. In soad blokhuzen binne ûndertusken ferdwûn. Dat jildt lokkich net foar dat fan Starum.

Untmanteling en âldste spoaren

Yn 1580 waard it blokhûs fan Starum net mear brûkt as boarch; it waard ûntmantele. In part waard ôfbrutsen en in oar part waard opnommen yn ’e stedsmuorren. Yn ’e iuwen dêrnei is mear en mear fan it blokhûs ferdwûn. Om 1832 hinne wiene alle muorren fuort en waard it binnenterrein net mear beboud, mar in diel fan ’e grêft wie der noch wol. Begjin tweintichste iuw is in wetterboarne op it terrein tichtsmiten. It oerbleaune stik grêft wie ûndertusken ek ferdwûn. De gebrûksskiednis fan it terrein set nammers al yn ’e tolfde iuw útein: yn ’e grûn leit in tige goed bewarre midsiuwske laach mei huzen en in planken dyk.

Undergrûnsk foar in part bewarre

By archeologysk ûndersyk binne fûneminten fûn fan ’e east- en noardmuorre, it poartegebou, de oanset fan ’e noardeasttoer en it krûdhûs. It krûdhûs stie skean efter de yngong, sadat it bûten de sjitliny bleau. De muorre fan it blokhûs is op guon plakken noch oanwêzich, oant op it sân, op fjouwer meter djipte. It blokhûs wie wierskynlik likernôch 88 by 83 meter. De krekte omfang fan ’e bastionnen witte wy net, útsein dy fan it noardeastlike bastion. Oan ’e binnenside fan ’e muorren lei in ierden wâl. Net it hiele terrein is opgroeven; in part leit wierskynlik ûnberikber ûnder de eardere seedyk.

Informatie.

Wil je meer informatie? Wij hebben verschillende rapporten. Wil je ze toegestuurd krijgen? Stuur ons dan een email.