Mei-inoar wurkje oan brede wolfeart foar elkenien
Yn 2050 brûst Súdwest-Fryslân fan de enerzjy. Mei de mienskip wurkje wy oan brede wolfeart en in skjinne en feilige libbensomjouwing. Wy wekke tûk ús eigen enerzjy op. Safolle mooglik op dakken en as dat net kin op de grûn. It iepen lânskip beskermje wy. Dêr binne wy sunich op. Bewenners binne grutsk op harren omjouwing. Der is gjin ôffal mear. Alde materialen brûke wy op 'e nij om nije produkten fan te meitsjen. Ynvestearrings yn it klimaat binne de nije ekonomy. In ekonomy dy't klear is foar de takomst.
Yn de Enerzjyaginda Súdwest-Fryslân 2023 litte wy sjen hoe't wy de oerstap fan fossile brânstoffen, lykas ierdgas, nei duorsume enerzjyboarnen, lykas sinne-enerzjy of waarmte út wetter, mei ús ynwenners meitsje wolle. Wy hawwe ûndersyk dien nei de mooglikheden om betelber fan it ierdgas ôf te stappen. Underwilens sjogge wy grutte kânsen foar duorsume enerzjyboarnen as waarmte út (oerflakte)wetter, ierdwaarmte en wetterstof.
Wy fine it wichtich om dit yn gearwurking mei ús ynwenners te dwaan. Mei-inoar wolle wy de klimaatdoelen helje, mei in earlike ferdieling fan lusten en lêsten. Wy sjogge dizze ûntwikkelingen as grutte kânsen foar wurkgelegenheid, ekonomyske groei en sosjale gearhing yn ús mienskip. Troch it folste gebrûk te meitsjen fan dizze kânsen, bliuwt it goed wenjen, wurkjen en genietsjen yn Súdwest-Fryslân. Mei-inoar wurkje wy oan brede wolfeart foar elkenien!
It meipraten en meidwaan fan ús ynwenners is ús reade tried om de klimaatdoelen te heljen. Dit dogge wy altyd mei each foar in earlike ferdieling fan lusten en lêsten.

Hoe berikke wy dit?
Dat kinne wy allinne yn gearwurking mei ús ynwenners. In earste stap hjiryn wie it advys fan it Burgerforum út 2020. Dêrby tochten ynwenners mei in fragelist mei oer hoe't sy de oergong nei nije enerzjyboarnen sjogge. De útkomsten binne dêrnei troch in boargerfoarum oerset nei in advys. Dit advys folgje wy foar it ynfoljen fan ús klimaatdoelen.
De folgjende stap is om mei ús ynwenners dizze ideeën konkreet te meitsjen. Foar Boalsert is it Burgerpanel oprjochte. It Burgerpanel wurdt nau belutsen by it betinken fan in nij enerzjysysteem. Sa bouwe wy mei-inoar oan in duorsum en betelber enerzjynetwurk foar Boalsert. Ek wurkje ynwenners mei oan de oergong nei duorsume enerzjyboarnen troch sels it inisjatyf te nimmen. Foarbylden hjirfan binne Warm Heeg, Workum, STOGEF, Energiek Reahûs, Dearsum en ús 15 enerzjykoöperaasjes.

6 liedende prinsipes fan it advys fan it Burgerforum
By it heljen fan ús klimaatdoelen hâlde wy altyd rekken mei de neikommende punten:
- “Wy wolle ús gelok behâlde”.
- Fersterkje de selsbeskikking fan de mienskip.
- Help ús om it mei-inoar te dwaan.
- Fan selsbeskikking nei ‘mei-inoarbeskikking’.
- Haw each foar rjochtfeardichheid en in earlike ferdieling.
- Wês rjochte op 'e takomst.
Hokker doelen wolle wy berikke?
Duorsum elektrisiteit opwekke
As Súdwest-Fryslân hawwe wy in behoarlike opjefte om yn ús eigen enerzjy te foarsjen. Op dit stuit kinne wy elektrisiteit allinnich op grutte skaal opwekke mei sinne-enerzjy en wynenerzjy. Wy wolle dat de mienskip yn Súdwest-Fryslân profitearret fan de opbringsten fan elektrisiteit foar op syn minst 50% en leafst 100%. Om derfoar te soargjen dat de lusten, lêsten en sizzenskip earlik ferdield wurde brûke wy de oanpak Mienskipsenerzjy. Mei dizze oanpak soargje wy mei-inoar foar belutsenens en draachflak by ús bewenners en in earlike ferdieling fan de winst.
Utdagingen op it elektrisiteitsnet
De oergong nei duorsume enerzjyboarnen soarget derfoar dat minsken hieltyd mear elektrysk ride (auto en fyts), elektrysk itensiede en waarmtepompen pleatse. Mar ek sels elektrisiteit opwekke en weromleverje mei sinnepanielen. Hjirtroch wurdt it elektrisiteitsnet hieltyd foller. Dat neame we netkongestje. Netkongestje betsjut dat ferskate parten fan it elektrisiteitsnet (kabels, ûnderstasjons of transformatorhúskes) de fraach of it oanbod fan elektrisiteit net mear oankinne.
Bewenners fernimme op dit stuit noch net safolle fan netkongestje. Se kinne noch wol sinnepanielen op it dak fan harren wenning pleatse en oanslute. Dochs is weromlevering fan sinne-enerzjy net altyd mooglik. Op de webside fan Liander stiet mear ynformaasje.
Foar grutte sinneparken en it oansluten fan nije bedriuwen op it elektrisiteitsnet is netkongestje no al in probleem. Netbehearders TenneT en Liander binne dwaande om de problemen op koarte en lange termyn op te lossen. Mei ús ambysje om yn 2050 yn ús eigen enerzjyferlet te foarsjen, wurde de gefolgen fan netkongestje de kommende jierren hieltyd dúdliker.
Wenningen fan it ierdgas
Us ambysje is om foar 2030 minimaal 8.000 besteande gebouwen fan it ierdgas te heljen en dêrfoar duorsume enerzjyboarnen yn te setten. Op dit stuit hawwe we trije duorsume enerzjyboarnen dy't we ynsette kinne as oare kar foar ierdgas:
Rinnende projekten
Op dit stuit wurkje wy op de folgjende plakken yn Súdwest-Fryslân oan projekten foar de oergong nei duorsume enerzjyboarnen:
- Snits (It Eilân) – waarmte út oerflaktewetter
- Heech – waarmte út oerflaktewetter
- Boalsert – waarmte fan bedriuwen, waarmte út de ierde en wetterstof foar bedriuwen
- Warkum – waarmte út ôffalwetter fan bedriuwen
Mei dizze rinnende projekten kinne wy ús doelen fan 8.000 gebouwen yn 2030 helje.

Bedriuwen op wetterstof
De elektrisiteit fanút it Windpark Fryslân kinne we brûke foar de produksje fan wetterstof yn Boalsert. Dêrneist kinne we mooglik oanslute op de wetterstoflieding fan Delfzijl nei Rotterdam. Wetterstof kin brûkt wurde troch bedriuwen dy 't hege temperatueren nedich hawwe foar harren produksjeproses. It kin ek brûkt wurde as skjinne brânstof foar swiere transportmiddels as bussen en frachtweinen.

Betelber en berikber foar elkenien
Wy wurkje oan in oanpak om wenningen klear te meitsjen om fan it ierdgas ôf te gean (ierdgasfrij-klear). Dêrby stypje wy ús ynwenners safolle mooglik en stiet isolearjen en it besparjen fan enerzjy foarop.
Wichtich hjiryn is: ‘Wy litte net ien achter’.
Dit betsjut dat we ynsette op aksjes dêr 't se hurd nedich binne.
Dit dogge wy sa:
- Fergees in enerzjycoach foar elke ynwenner om te helpen mei it besparjen fan enerzjy. Mear ynformaasje oer de enerzjycoach of daliks oanmelde?
- SWF Tichtby foar help yn de buert by it oanfreegjen fan enerzjytaslach of de enerzjycoach.
- Isolaasje-aksjes en sinnepanel-aksjes.
- By de start fan elk plan om per wyk, doarp of stêd oer te gean nei duorsume enerzjyboarnen hâlde wy der altyd rekken mei dat it betelber wêze moat foar al ús ynwenners.