Corlienke de Jong

E-mail: c.de.jong@fcroc.nl

It lok tusken twa minsken fan hiel tichtby mei meitsje te meien, rekket my, alle kearen wer,

Ik kom út de Jutryp, in doarpke flakby Snits. Ik bin troud en mem fan trije dochters. Yn it deistige libben wurkje ik al jierren as dosint op it MBU (Friesland College) en bin, neist lesjowende taken, ek ferantwurdlik foar de (staazje)begelieding fan kursisten.

Jierren lyn haw ik skreaun op in baan as trou-amntner. It like my nammentlik prachtich in rol spylje te meien op ien fan de moaiste dagen yn it libben fan twa minsken.

We binne no safolle jierren fierder en wat my doe sa oanspruts yn it wurk, is net feroare. Sterker noch: it lok tusken twa minsken fan hiel tichtby mei meitsje te meien, rekket my, alle kearen wer.

As ik in fersyk krij in houlik te slúten of partnerskip te registrearjen, nim ik gewoanlik twa wiken foar de  houlikssluting of partnerskipsregistraasje kontakt op mei it pear. Ik meitsje dan in ôfspraak by it pear thús om mei-elkoar yn’e kunde te kommen en om wat fragen te stellen. De antwurden  ferwurkje ik dan wer yn myn taspraak. Yn prinsipe bin ik freeds, sneons en skoalfakânsjes beskikber as trouamtner.

By eltse houlikssluting/partnerskipsregistraasje hoopje ik dat it pear werom sjen kin op in moaie seremoanje. Ik doch yn elts gefal myn bêst it offisjele part nei it sin en goed ferinne te litten.

Corlienke de Jong Babs

Zie ook