In oare simmer yn Súdwest-Fryslân

Simmer yn Súdwest-Fryslân; dat is ien fan ’e hearlikste dingen om te belibjen. It tilt op fan ’e eveneminten: skûtsjesilen, iepenloftspullen, Sneekweek, keatsen, doarpsfeesten, Heamiel, maratons, kuiertochten en Alvestêdetochten yn allegearre foarmen. Op elke hoeke is wat te dwaan.

Dizze simmer is dat oars, hiel oars. Wy moatte mei-inoar it koroanafirus derûnder krije en dat makket dat wy ôfstân hâlde moatte. Oardel meter. En dat past net by eveneminten sa’t wy se kenne.

It regear hat lokkich no al dúdlikheid jûn: oant 1 septimber kin der neat organisearre wurde. Dat is in heldere boadskip, mar tagelyk ek tige yngripend foar ús allegearre. Want minsken hawwe ferlet fan ûntspanning en in feest op syn tiid. It slimst binne de maatregels foar in grut tal fan ús ûndernimmers, dy’t no hiel hurd rekke wurde yn harren bedriuwsfiering.

De kommende tiid sille wy ús oanpasse moatte en ek dat kinne wy yn Súdwest-Fryslân. Ik haw grutte wurdearring foar de ferantwurdlikheid dy’t de organisatoaren fan ús eveneminten sjen litte. Wurdearring ek foar harren fearkrêft. Guon sjogge no al foarút, nei in bysûndere edysje yn 2021.

Ik wit net oft wy it firus yn ’e macht krije en oft wy dat dan – yn sûnens – mei-inoar fiere… Mar ik winskje al dat wy ek yn dizze nuvere simmer yn ús eigen lytse fermiddens moaie mominten belibje meie, om nea te ferjitten.

Jannewietske de Vries,
boargemaster Súdwest-Fryslân

 

Een andere zomer in Súdwest-Fryslân

Zomer in Súdwest-Fryslân; dat is een van de prettigste dingen om mee te maken. Er zijn een heleboel evenementen: skûtsjesilen, openluchttheater, Sneekweek, kaatsen, dorpsfeesten, Heamiel, marathons, wandeltochten, Elfstedentochten in allerlei variaties. Overal gebeurt wat.

Deze zomer zal het anders zijn, heel anders. We moeten met elkaar het coronavirus verslaan en dat houdt in dat wij afstand moeten houden. Anderhalve meter. En dat past niet bij de evenementen zoals wij deze kennen.

De regering heeft deze week gelukkig duidelijkheid verschaft: tot 1 september kan er niets georganiseerd worden. Dat is een duidelijke boodschap, maar tegelijkertijd ook enorm ingrijpend voor ons allemaal. Want mensen hebben ontspanning nodig, en zo nu en dan een feest. Het ergst zijn de maatregelen voor een groot aantal ondernemers, die nu heel hard getroffen worden in hun bedrijfsvoering.

De komende maanden moeten wij ons aanpassen en ook dat kunnen wij in Súdwest-Fryslân. Ik heb grote waardering voor de verantwoordelijkheid die de organisatoren van onze evenementen nu laten zien. Ook heb ik waardering voor hun veerkracht. Een aantal heeft de blik alweer vooruit gericht, naar een bijzondere editie in 2021.

Ik weet niet of we het coronavirus onder controle krijgen en dat wij dat dan – gezond en wel – met elkaar vieren… Maar ik spreek wel de wens uit dat wij ook in deze vreemde zomer in eigen kleine kring mooie momenten mogen beleven, om nooit te vergeten.

Jannewietske de Vries,
burgemeester Súdwest-Fryslân