It takes a village…

Bêste minsken, fan herte wolkom by ús nijjiersresepsje. De feestdagen, de jierwiksel. In tiid fan refleksje, fan foarútsjen, mar net sûnder ek koart werom te sjen. Want in takomst boust op ’e fûneminten fan it ferline. En wat haw ik dêr in nocht oan! Mei jimme, de ynwenners bouwe oan in prachtich Súdwest-Fryslân. In gebiet om grutsk op te wêzen, no en yn ’e takomst.

It binne saken dy’t spylje op wrâldnivo dêr’t wy op lokaal nivo antwurden op fine moatte, meie en foaral kinne. Klimaattoppen dy’t mislearje, hannelsoarloggen, flechtlingestreamen, wrâldmachten dy’t gjin each hawwe foar wêr’t minsken lykas jo en ik ferlet fan hawwe. It kin je machteleas meitsje, of synysk oer de takomst. Ik tink it tsjinoerstelde. It is krekt op ús nivo dêr’t de ferskillen makke wurde.

Lykas ik sei by de yntroduksje fan ’e Hayo Apothekerlêzing begjin novimber: It takes a village to save a planet. No, dan meie wy ús yn ’e hannen knipe… Wy hawwe 89 fan dy ‘villages’ yn ús gemeente.

De krêft fan ’e mienskip moatte wy brûke foar de grutte transysjes yn Nederlân, yn ’e wrâld. Want it giet earne oer: it klimaat, de enerzjy, hoe’t wy wenje en wurkje wolle, hoe’t wy ús ferpleatse wolle, wat wy ite en hoe’t wy dat ferbouwe, yn hokker lânskip wy libje wolle.

Wy kinne hjir ús terpementaliteit ynsette as krêft. Want wy binne lânmakkers, al generaasjes lang. Terpen, polders, diken; wy wiene de takomst foar.

Terpementaliteit yn ’e 21ste iuw: dat betsjut grutte problemen oanpakke mei in hiel soad lytse oplossingen. Wy binne op syn bêst as it moat. En it moat no. Mei-inoar de natuerlike stappen sette. Mei-inoar it lânskip fan ’e takomst meitsje.

Dat freget belutsen ynwenners. En dy hawwe wy! Sjoch mar ris wat der allegearre bart yn ús gemeente. Nim Heech bygelyks. Harren dream foar it doarp is om selsfoarsjenjend te wurden. En dat pakke de Hegemers mei sa’n enerzjy, dynamyk en faasje op! Tal fan wurkgroepen hâlde harren dwaande mei: de grienfoarsjenning, duorsume enerzjy, tagonklikheid, ferfier. Prachtich om te sjen hoe’t hieltyd mear minsken dêrby belutsen binne en wurde.

Of Sibrandabuorren, Gau en Tersoal. Dêr binne de minsken echt út harren ‘comfort zone’ stapt doe’t de skoallen dêr te lyts waarden. Yn stee fan ’e barrikaden op om foar elk plak fêst te hâlden oan ’e eigen skoalle, hawwe sy de koppen byinoar stutsen om mei-inoar te soargjen foar in goede ûnderwiisfoarsjenning yn ’e buert. Sy litte in fear foar it gruttere gehiel, foar de mienskip. Dat is te priizgjen en in prachtich foarbyld fan hoe’t it ek kin.

Om sokke inisjativen slagje te litten binne der gearwurkjende en foaral ferbinende oerheden nedich: gemeenten, provinsje en wetterskip dy’t wurkje mei ien strategyske aginda. Dêr moatte wy noch in stap sette… Dat freget in ryksoerheid dy’t de ‘terpe-oanpak’ yn Noard-Nederlân as proeftún fan duorsume ûntwikkeling sjocht: de earste stap is set mei ‘places of hope’. Grut tinke en lyts dwaan…

Lit ús fokusje op ’e krêft fan ús gemeente.
Wat binne dan ús doelen, ús beloften en ús bewizen?
Wat wolle wy hjir?
Wat kinne wy hjir?
Hoe geane wy foar wat by ús past?
Hoe wurde en bliuwe wy in sûne regio, yn alle opsichten?
Hoe binne wy it bêste lân fan ’e ierde?
Dat sil ik jo fertelle. Bewizen by de rûs yn Súdwest-Fryslân…

Ik bin yn ’e ôfrûne moannen al yn ’e kunde kommen mei sa’n soad belutsen minsken. Want dêr giet it om: ien minske. Ien fan ús mei in idee, mei it entûsjasme om in oar yn beweging te krijen. Ik wol dus dat it mei elkenien yn dizze gemeente goed giet, dat elk him of har hjir thús fielt. En frij fielt om it bêste út him- of harsels te heljen. Josels wêze kinne en it ferskil meitsje foar en mei in oar, mei-inoar. Dêr giet it om.

Ik tink dan bygelyks oan:

  • De Griper fan ’e moanne.

Alle moannen sette wy minsken yn it sintsje dy’t harren omjouwing skjin hâlde. Gewoan omdat sy dat wichtich fine foar de leefberens yn harren buert.

  • De betinkstien foar nea fergetten bern op it begraafplak yn Koudum.
  • Mar ek oan “Ho, net yn ’e kliko!”, in inisjatyf út 2015 fan Heech, Eastermar, Gytsjerk en Oentsjerk. Dat no breder yn ’e provinsje oanslacht.
  • En GEKE: Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein. Mei kollektive krêft de enerzjyrekken ferleegje en ynvestearje yn duorsume projekten.
  • De kleanbus: geweldich inisjatyf fan belutsen minsken.
  • Mefrou de Molenaar út Wytmarsum dy’t de mûne draait, bôle bakt foar de omjouwing mei tarwe en weet út de regio. Hoe sirkulêr wolle jo it ha?
  • Profesjonele wettersportûndernimmers dy’t as frijwillige hulpferlieners foar feilichheid op it wetter soargje.
  • De Skriezekrite yn Idzegea: al jierrenlang wurkje boeren, ûndersikers en frijwilligers dêr oan de greidefûgelstân.
  • It Gouden Lân by Kimswert: prachtich inisjatyf om lânskip, kultuer en toerisme te ferbinen.
  • Techlab: ûndernimmers en ûnderwiis dy’t inoar perfekt fine kinne en bern al hiel jong ynspirearje foar de banen fan ’e takomst.
  • Us ynnovaasjehub fan duorsumens en wettertechnology by de Ofslútdyk.
  • En ús Maritym cluster.

Foarbylden dy’t ynspirearje en útdaagje…

Doarpen en wiken binne by machte om mei nije antwurden te kommen as it giet om:

  • Iensumens. Sy komme mei ferfiersoplossingen om harren âlderein nei winkels en it sikehûs te krijen, sadat sy net hoege te ferhúzjen.
  • Wenjen. Doarpen en wiken binne goed op ’e hichte fan it wenferlet yn ’e eigen omjouwing en komme mei ynnovative wenfoarmen en plannen.
  • Kultuer. Dêr koenen wy yn 2018 fansels net omhinne. Wat in enoarme kulturele krêft hawwe wy sjoen!
    Fan ‘De Sân fan Sânfurd’ oant ‘Het Fluitschip’ yn Hylpen.
    Fan ‘Bakzeuntjes’ yn Arum oant ‘Skeltemania’ yn Skettens.
    En fan ‘De Wylde Boerinne’ yn Drylts, ‘Anna Maria’ yn Wiuwert, ‘Wy jouwe gjin krimp’ yn Wytmarsum oant ‘At the Watergate’ yn Snits. Mei de ynset fan al dy frijwilligers.

Sa’n jier jout enerzjy foar de takomst… Fan in net bekend gebiet nei in top 3-bestimming yn de Lonely Planet. Dan is de stap ek net mear sa grut om te sizzen ‘It takes a village to save a planet’… Grut doare te tinken en tagelyk in hiel soad lytse stappen sette. Grut tinke, lyts dwaan… Ik wol dêr yn 2019 in belangrike ambassadeur foar wêze; ek op provinsjaal en ryksnivo.

Op it skerm sjogge jimme in tal fan dy moaie foarbylden en inisjativen fan 2018. Dan kin ik fuort ek de jongerein oanhelje dy’t hjir hjoed muzyk makket. Elbrich en Jeline fersoargje de eftergrûnmuzyk. Sy meitsje dêrneist noch diel út fan Soundboxx, de band dy’t daliks twa nûmers spylje sil.

It is oan ’e gemeente om derfoar te soargjen dat safolle mooglik minsken harren heard fiele. Ik wol dan ek ús riedsleden en ús meiwurkers op it hert drukke dat sy harren fuotten stevich yn ’e klaai of op it fean sette en witte wat der spilet yn ’e hiele gemeente. Dat is in belangrike opjefte yn in grutte gemeente dy’t oeral tichteby wêze wol. Mearderheden en minderheden ferbine. Dy útdaging gean ik graach mei jim oan.

Sels sil ik ek net sitten bliuwe op myn keamer yn Snits. Ik wol rûnom op ’en paad wêze yn ’e gemeente. It hiele jier troch. Mar ek mei dizze nijjiersresepsje. Dy is fan no ôf alle jierren yn in oare ‘village’ (doarp of stêd).
Graach hear ik dit jier yn hokker plak dat wêze moat yn 2020 en wêrom. En wa wit fier ik it nije jier dan mei jo.

Ik winskje elkenien in lokkich en sûn 2019 ta.

 

Lees hier de Nederlandse versie van de toespraak.